Kolonisaasje
Kolonialisaasje is it nei wenjen sette fan de eigen befolking yn in krite dy't net fan de eigen befolking bewenne wurdt.
Iere kolonialisaasje
bewurkje seksjeDe âlde Griken sette har al tusken 750 en 500 foar Kristus nei wenjen yn de gebieten wat no Sisylje en Turkije is. Hja neamden dy gebieten Nij Grikelân. Fan de Wytsingen is bekend dat har minsken har yn Ierlân, Ingelân, Yslân, Grienlân en it Amearikaanske kontinent nei wenjen sette hawwe.
Fryske kolonialisaasje
bewurkje seksjeEk Friezen loeken fuort en kolonisearen gebieten û.o. nei Ingelân yn de 5e iuw en letter nei Noard-Fryslân.
Kolonialisaasje fan Jeropeeske steaten op oare kontininten
bewurkje seksjeFrankryk
bewurkje seksjeFrankryk hie om 1900 hinne it grutste part fan noardwest Afrika. Yn it Karibysk gebiet hawwe se hjoed noch in stikmannich eilannen. Yn Aazje hie Frankryk ûnder oaren Fietnam.
Grut-Brittanje
bewurkje seksjeIt Britske Ryk wie de earste echt wrâldmacht en it grutste ryk ea. It ryk omfieme oan it begjin fan de 20e iuw in befolking fan 500 - 600 miljoen minsken, in fearn fan de wrâldbefolking fan doe, en suver 37 miljoen km², likernôch in fearn fan it wrâldoerflak.
Spanje
bewurkje seksjeDe Spanjerts feroveren al rillegau it meastepart fan Súd- en Midden-Amearika. Oan it begjin fan de 19e iuw, doe't Spanje beset waard fan it Frankryk fan Napoleon, ferklearren de Súd-Amerikaanske steaten har ûnôfhinklik fan Spanje. Yn 'e rin fan dy iuw waard suver it hiele Spaanske koloniale ryk wei. De lêste koloanjes fan belang gienen ferlern yn 'e Spaanske-Amerikaanske kriich (1898-1899).
20e iuw
bewurkje seksjeOm 1900 hinne wie suver hiel Afrika, grutte parten fan Aazje en dielen fan de Amearika's kolonialisearre troch Jeropeeske steaten. Nei it ferlies fan Dútslân yn 'e Earste Wrâldkriich mochten de Dútsers gjin koloanjes mear hawwe. Nei de Twadde Wrâldkriich hiene de folken yn 'e kolonialisearre steaten merkbiten dat se wol foar harsels noed stean koenen. Yn de perioade 1945 - 1975 ferklearren in soad koloniale gebieten harsels ûnôfhinklik.