San (folk)
De San, foarhinne (en noch wol) bekend ûnder de wat denigrearjende beneaming Boskjemannen, binne de befolkingsgroepen fan de Kalaharywoastyn fan súdlik Afrika.
Om't de Kalahary oer de lânsgrinzen hinne giet, binne ek de San ferspraat oer Angoala, Botswana, Namybje en Súd-Afrika. Sy wurde as in tige âld ras beskôge en it is oantoand dat hja yn alle gefallen al tweintich-tûzen jier as jagers en itengarders yn dit gebiet libje. Yn 2002 is Botswana lykwols begûn mei it twongen ferpleatsen fan de San dy't yn dat lân wenje. Yn 2006 hawwe de San in rjochtsaak wûn dy't harren it rjocht jout werom te gean, mar oant no ta (2008), is dat noch mar in pear ek wier tastien.
De ferskate groepen hawwe ek ferskate talen, allegear kliktalen út de Koisan-groep. Fierders hawwe de San noch in ôfsûnderlike taal, in gebeartetaal, dy't ja foar de jacht brûke. De ûnderskate San-stammen hawwe sels gjin oerkoepeljend wurd dat harrensels as folkegroep oantsjut, en de namme "Boskjesmannen", dy't fan âlds faak brûkt waard, hat foar in protte minsken in negative byklank. Sûnt de santiger jierren is dêrom op oantrún fan 'e wittenskip yn 'e Westerske wrâld de namme "San" frij algemien oannommen. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat "San" en soartgelikense termen as "Basarwa" fan oarsprong ek min ofte mear skelwurden wiene, dy't nammentlik troch feehâldende buorfolken oan woastynbewenners jûn waarden (al kin "minsken sûnder pleatsen of fee", dat de bestjutting fan "San" is, ek as in feitlike konstatearring beskôge wurde). Dochs wurdt "Boskjesmannen", fral fanwegen de bekendheid fan 'e term, noch in protte brûkt om te selsidentifisearjen.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Wilhelm Bleek - Dútsk taalkundige dy't taal en kultuer fan de San foar 't earst yngeand bestudearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - San (folk)