Goudkoarts fan Klondike

In Goudkoarts fan Klondike (útspr.: [ˈklɔndai̭k], likernôch: "klòn-daaik") wie in goudkoarts dy't ûntstie nei't der yn 1896 goud fûn wie yn 'e krite fan 'e Klondike, yn 'e Yukon, dat doe noch in bestjoerlik distrikt fan 'e Noardwestlike Territoaria fan Kanada wie. Nei't it nijs fan 'e fynst de grutte stêden Seattle en San Francisco berikte, kaam der grutte tarin fan 30.000 oant 40.000 almeast Amerikaanske goudsikers, dy't it gebiet ornaris berikten fia Skagway en Dyea yn Súdeast-Alaska en de Wite Pas en de Chilkootpas oer de bergen op 'e grins mei Kanada. Lykas mei alle goudkoartsen waarden mar inkele goudsikers ryk, wylst de measten úteinlik sûnder wat bedijd te hawwen wer fuort moasten, of omkamen yn 'e strange winters. Troch de hommelse befolkingsgroei waard de Yukon yn 1898 in selsstannich territoarium fan Kanada, los fan 'e Noardwestlike Territoaria. Tsjin 1899 wie de goudkoarts fierhinne oer, hoewol't der noch oant en mei 1907 in protte goud yn it gebiet fûn waard.

Goudsikers beklimme de Chilkootpas op 'e grins tusken Alaska en de Yukon yn 1898.

It sintrale diel fan 'e Yukon waard fan oarsprong bewenne troch Yndianen fan Noardatapaskyske folken, lykas de Hên (Hän) en de Noardlike Tûtsjone (Northern Tutchone). Hja wisten dat der goud yn harren heitelân te finen wie, mar dêr hechten se gjin wearde oan. Sawol de Britske Hudsonbaaikompanjy as ûntdekkingsreizgers út it Keizerryk Ruslân dy't oer de grins kamen út Russysk-Amearika (Alaska), hiene it gebiet yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw ferkend, mar allegearre negearren se de geroften oer goud om har op 'e mear direkt lukrative pelshannel te rjochtsjen.

 
Goudsikers oan it wurk yn 'e Klondike omtrint 1899.

Nei't Alaska yn 1867 troch de Feriene Steaten oanskaft wie by de Oankeap fan Alaska, krongen der yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw Amerikaanske goudsikers troch yn 'e Yukon. Dyselden sleaten oerienkomsten mei de Tlingit fan Súdeast-Alaska en de Tagisj fan 'e súdlike Yukon om oer de gerjochtichheid fan dy folken in rûte troch de bergen op 'e grins fan Alaska en Kanada te iepenjen nei de sintrale Yukon. De earste dokumintearre goudfynst yn dy krite waard yn 1883 oan 'e rivier de Yukon dien troch Ed Schieffelin. Yn 1886 waard der ek goud fûn oan 'e Fjirtichmylsrivier, wat ta de stifting fan Fortymile City late.

Yn augustus 1896 wie de Amerikaanske goudsiker George Carmack in eintsje besuden de rivier de Klondike ûnderweis mei syn frou Kate Carmack (in Yndiaanse fan Tagisj-komôf wa har wiere namme Shaaw Tláa wie), har broer Skookum Jim (Keish) en harren omke- en muoikesizzer Dawson Charlie (Ḵáa Goox̱). Op oanrieden fan in Robert Henderson, in Kanadeeske goudsiker, begûnen se by de Bonanza Creek (doe noch de Rabbit Creek), ien fan 'e sydstreamen fan 'e Klondike, om te sjen nei goud. Op 16 augustus fûnen se dat dêr yn grutte hoemannichten, hoewol't net dúdlik is wa't de ûntdekker wie: George Carmack of Skookum Jim. Yn elts gefal besleaten se fjouweresom ienriedich om Carmack offisjeel as ûntdekker fêstlizze te litten, mei't se bang wiene dat Yndianen as sadanich troch de autoriteiten net erkend wurde soene.

 
Dawson City yn 1899.

Carmack-en-dy meaten op 'e plakken dêr't it measte goud lei fjouwer goudclaims op. Dat wiene stripen lân dêr't letter legaal nei goud socht wurde koe troch de eigner en allinne mar troch de eigner. Dêr wiene twa by fan Carmack sels (ien gewoanen en ien om't er de ûntdekker wie) en elts ien foar Skookum Jim en Dawson Charlie. De oare deis liet Carmack dy claims fêstlizze by de post fan 'e Noardwestlike Beriden Plysje (NWMP) oan 'e mûning fan 'e Fjirtichmylsrivier. It nijs fan 'e fynst gie as diggelfjoer troch de krite en tsjin 'e ein fan augustus wie de hiele lingte fan 'e Bonanza Creek beset troch goudclaims. Dêrop begûn in letkommer te sykjen yn in beekje dat útmûne yn 'e Bonanza Creek en dat letter de namme Eldorado Creek krije soe. Dêr waarden doe nije en, sa't letter blike soe, noch rikere goudfynsten dien as yn 'e Bonanza Creek.

Krekt foar de kryst fan 1896 berikte it nijs fan 'e goudfynst Circle City, in stedsje fan houtsjers krekt oer de grins fan Alaska, streamôf de Yukonrivier del. Nettsjinsteande de strange winterske omstannichheden yn it hege noarden setten dêrwei in grutte kliber nije goudsikers per hûneslide ôf nei de Yukon. Tsjin dy tiid wie de bûtenwrâld him noch fierhinne ûnbewust fan 'e sitewaasje. De pleatslike autoriteiten hiene wol berjocht stjoerd nei it Kanadeeske regear yn it fiere Ottawa, mar dêr waard it foar kennisjouwing oannommen. Mei't de rivieren yn 'e Yukon tichtferzen wiene, koene de earste boaten pas yn juny 1897 it gebiet ferlitte.

 
De ûnderskate rûtes nei de Klondike.

Doe't it nijs yn 'e rin fan dy moanne de grutte stêden oan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten berikte, benammen Seattle en San Francisco, ûntstie der fuort in grutte goudkoarts. Fan july 1897 ôf setten nei skatting likernôch 100.000 minsken ôf nei it noarden om harren fertún te meitsjen as goudsikers, hoewol't úteinlik mar 30.000 oant 40.000 minsken ek wier de ôfhandige krite wisten te berikken. It hichtepunt fan 'e goudkoarts foel yn 'e snuorje fan july 1897 oant en mei septimber 1898. Njonken de eigentlike goudsikers kamen der ek tûzenen lju nei Alaska en de Yukon om jild te fertsjinjen op in folle betrouberder manear: nammentlik troch it de goudsikers ôfhandich te meitsjen. Men kin dan tinke oan lju lykas keaplju, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees.

De gongberste rûte om 'e Klondike te berikken wie troch yn Seattle skip te gean nei Skagway of Dyea yn Súdeast-Alaska. Skagway kaam sadwaande al rillegau bekend te stean as "de Poarte fan 'e Yukon". Dêrwei stiek men dan fia de Wite Pas de bergen op 'e grins fan Alaska en Kanada oer. De hoemannichten reizgers en it wiete waar soargen der lykwols foar dat it paad oer dy berchpas tsjin ein 1897 ûnbegeanber waard, sadat de autoriteiten it tichtsetten. Dêrtroch kamen 5.000 nije goudsikers fêst te sitten yn Skagway. Ut Dyea wei stiek men de bergen en de grins oer fia de Chilkootpas. Dy wie heger as de Wite Pas, mar waard mear brûkt; der giene ûnder de Goudkoarts fan Klondike 22.000 minsken lâns. De klim wie lykwols te steil foar lêstdieren lykas hynders, mûldieren en oksen. Inkeld wurkhûnen koene dêrlâns. En lêstdieren hiene de goudsikers wol ferlet fan, want mei ark en reau foar goudsykjen, klean, tinte en kampeargereid en in jierfoaried oan iten tôgen se al gau sa'n 520 kg guod mei.

Oare, minder gongbere rûtes nei de Klondike wiene út Pyramid Harbour, deunby Dyea, oer it Dalton Trail, in smeller paad fia de Chilkatpas, in kilometer as fiif bewesten de Chilkootpas. Dêr koene lêstdieren wol lâns, mar it paad wie begeanber makke troch in Jack Dalton, dy't der foar eltse reizger $250 tol frege (yn hjoeddeistich jild: $6.800). De Takou Route begûn yn Juneau (Alaska) en gie dêrwei noardeastlik nei de Teslinmar om úteinlik healwei it paad fan Skagway en Dyea nei de Klondike op deselde rûte út te kommen. De Stikine Route begûn yn Wrangell (Alaska) en gie de rivier de Stikine op om út te kommen op 'e Takou Route. Beide rûtes giene foar in grut diel oer wetter en dat betsjutte dat der in kano tsjin 'e stream op peddele en oer de bergen hinne meisleept wurde moast.

 
Goudsikers beklimme de Chilkootpas yn maart 1898.

By de saneamde 'alwetterrûte' sette men per skip ôf út Seattle om nei St. Michael, yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta oan 'e fiere Beringseekust fan Alaska, te farren. Dêr waard oerstapt op in rivierboat dy't de grutte rivier de Yukon opfear, troch de hiele breedte fan Alaska hinne, om úteinlik de Kanadeeske grins te passearjen, wêrnei't men rillegau yn 'e Klondike arrivearre. Dat wie de maklikste reis, mar ek in grutte omwei fan 7.600 km en dêrom tige djoer, sadat it bekend kaam te stean as de 'Rûte fan 'e Riken'. De reis dêrlâns koe wol $1.000 kostje ($27.000 yn hjoeddeistich jild).

Ferskate 'al-Kanadeeske' rûtes giene oer lân troch Kanada nei de Klondike, begjinnend yn Ashcroft yn Britsk-Kolumbia en yn Edmonton yn Alberta. Dy rûtes hiene in lingte fan mear as 1.600 km en wiene dêrom traach en wurchsum. Teminsten 1.500 man setten útein oer de rûte út Ashcroft wei, en nochris 1.660 oer de trije ûnderskate rûtes dy't yn Edmonton begûnen. En ta einbeslút wie der dan noch de 'al-Amerikaanske' rûte, wêrby't men oer see nei Valdez (Alaska) reizge en dêrwei yn it binnenlân de grins mei Kanada oergloep om 'e Kanadeeske dûane te ûntrinnen. Fan ein 1897 ôf waard dy rûte troch 3.500 manlju en froulju prebearre, mar yn 'e praktyk bliek de mânske Valdezgletsjer, dy't dêrfoar beklommen en passearre wurde moast, de rûte suver ûnbegeanber te meitsjen. Mar sa'n 200 lju slagge it om sa yn 'e Klondike te arrivearjen, wylst in protte oaren de tocht oer de gletsjer net oerlibben. Wer oaren besochten om justjes eastliker in alternative rûte oer de Malaspinagletsjer te nimmen, mar dat paad bliek sels noch minder begeanber te wêzen.

 
In dridzige strjitte yn Dawson City (1898).

Foar de lokkige goudsikers dy't úteinlings de Klondike berikten, begûn de hiele striid om goud te finen dan pas. Foar it gros bliek dat dreger as ferwachte, en de measten joegen har nei ferrin fan tiid dan ek wer teloarsteld ôf. Om 'e tarin fan goudsikers de akkomodearjen, groeiden der hommels stedsjes yn 'e Yukon, saneamde boomtowns, net inkeld yn 'e Klondike, mar ek by de meast brûkte rûtes lâns dy't de goudsikers brûkten om it gebiet te berikken. Op it einpunt fan alle rûtes, yn it mulpunt fan 'e Klondike, waard Dawson City stifte, in plak dat fan 500 ynwenners yn 1896 útwoeks ta in befolking fan 30.000 yn 'e simmer fan 1898, twa jier letter. It stedsje waard boud fan hout, hie in ôfhandige en dêrtroch isolearre lizzing en wie oerbefolke sûnder dat der in rioel wie, mei as gefolch dat it slim te lijen hie fan brannen, hege prizen en epidemyen. Nettsjinsteande dat brochten de rykste goudsikers der yn Dawson City ekstrafagante bedraggen troch by it drinken en gokken yn 'e saloons.

De befolking fan 'e hiele krite groeide sa ta, dat it Kanadeeske regear yn 1898 besleat om it distrikt Yukon los te skuorren fan 'e Noardwestlike Territoaria en der in selsstannich territoarium fan te meitsjen. Lykas gauris by goudkoartsen en oare eksploitaasjes fan weardefolle dylchstoffen yn ôfhandige gebieten, wiene de oarspronklike bewenners fan 'e Klondike, de Hên, de dupe fan 'e tarin. Sy waarden mei geweld fan harren lân ferwidere en yn in Yndianereservaat stoppe, wêrby't in protte fan harren omkamen.

 
De Amerikaansk-Kanadeeske grins by de Chilkootpas yn 1898.

Amerikaansk-Kanadeeske relaasjes

bewurkje seksje

De krekte rin fan 'e grins tusken Alaska en de Yukon waard al sûnt de Amerikaanske Oankeap fan Alaska yn 1867 bekreaud troch de Feriene Steaten, Kanada en it Feriene Keninkryk (dat doedestiden noch nau belutsen wie by it bestjoer fan Kanada). Sa makke Kanada oanspraak op 'e Amerikaanske havens fan Skagway en Dyea. Ier yn 'e Goudkoarts fan Klondike stjoerde it Amerikaanske Leger in detasjemint troepen nei Circle City yn Alaska, oan 'e rivier de Yukon, streamôf fan 'e Klondike, foar it gefal dat militêr yngripen needsaaklik waard. It regear fan Kanada naam it idee yn omtinken om Amerikaanske goudsikers út 'e Yukon te warjen. Net ien fan beide dingen barde. Ynstee besleaten de Feriene Steaten om fan Dyea in tagongshaven foar Kanadezen te meitsjen, dêr't Britske skippen, Kanadeeske passazjiers en Kanadeesk guod frij passearje mocht, wylst Kanada tasei dat it Amerikaanske goudsikers ûnderweis nei de Klondike net tsjinkeare soe. Beide beslissings wiene tige ympopulêr by de eigen befolking.

Sadwaande koene Amerikanen gewoan Kanada binnenkuierje, suver as makke it diel út fan 'e Feriene Steaten. Op 'e wichtichste rûtes nei de Klondike waarden troch de Kanadeeske Noardwestlike Beriden Plysje wol plysjeposten ynstallearre dy't tarist wiene mei Maxim-masinegewearen. De taak fan 'e plysjes dy't sokke posten bemannen, wie om mank de goudsikers de oarder te hanthavenjen en it neilibjen fan 'e regels ôf te twingen. Ien fan 'e wichtichste regels wie dat eltsenien dy't nei de Klondike ta woe, in jierfoarrie iten meinimme moast. Fierders waard yllegaal wapenreau yn beslach nommen, waarden bekende kriminelen heind en weromstjoerd en moast der tol betelle wurde. Fral dat lêste hiene de Amerikaanske goudsikers it mier oan, mei't se trochinoar 25% oan tol betelje moasten fan 'e wearde fan wat se by har hiene. De Kanadeeske plysjes hiene de reputaasje dat se earlik wiene, mar de goudsikers besochten djoere dingen as side en whisky de grins oer te smokkeljen ferstoppe yn blikken itenswaren en pakken hea.

 
Goudsikers ferlitte Dawson City yn septimber 1899 om nei de nije goudfjilden by Nome (Alaska) te reizgjen.

Begjin 1898 ferlearen de kranten yn 'e Feriene Steaten en Kanada, dy't safolle tûzenen lju oanfitere hiene om 'e faak barre tocht nei de Klondike te ûndernimmen, harren belangstelling foar it gebiet. Yn 'e simmer fan 1899 waard der goud ûntdutsen yn westlik Alaska, by Nome, oan 'e kust fan 'e Beringsee. Dat late ta de Goudkoarts fan Nome, dy't in protte goudsikers út 'e Klondike oanloek. Sadwaande wurdt mids 1899 as de ein fan 'e Goudkoarts fan Klondike beskôge. Mei de boomtowns rekke it doe yn it neigean en it ynwennertal fan Dawson City sakke yn.

Dat wol net sizze dat der gjin goud mear fûn waard yn 'e Klondike. Krektoarsom, de goudfynsten giene troch oant 1903, wêrnei't de measte goudsikers harren claims ferkochten oan mynboubedriuwen, dy't mei grutskalige wurkwizen noch oant en mei 1907 grutte winsten behellen en ek dêrnei noch goed rindabel wiene. Yn 'e moderne tiid wurdt der yn 'e Yukon net mear in protte oan goudsykjen dien, mar de skiednis fan 'e Goudkoarts fan Klondike is foar de krite in oar soarte goud, dat grutte oantallen toeristen nei it gebiet ta lokket.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.