Lina Haag (Schwäbisch Gmünd, 18 jannewaris 1907München, 18 juny 2012) wie yn de Twadde Wrâldkriich in Dútske fersetsstriidster en finzene yn it frouljuskonsintraasjekamp by Moringen en Lichtenburg by Wittenberch. Op har hûndertste, yn 2007, krige se de Dachau-priis foar boargermoed.[1].

Lina Haag
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lina Haag
nasjonaliteit Dútsk
berne 18 jannewaris 1907
berteplak Schwäbisch Gmünd
stoarn 18 juny 2012
stjerplak München
wurkpaad
aktyf as fersetsstriidster

Lina Haag, doe noch Lina Jäger, waard berne yn Schwäbisch Gmünd in Württemberg. Yn 1920 krige se kunde oan Alfred Haag. Se kamen beide út ienfâldige húshâldingen, en sletten harren oan by de jongereinbeweging fan de KPD, de Dútske kommunistyske partij.

Yn nazy-Dútslân waard se yn ferskate finzenissen en kampen fêsthoâlden en tramtearre. De ta de dea feroardielde Liselotte Herrmann krige nei it fonnis acht pinestillers dy't se foar harsels opsparre hie. Nei't se frij litten wie waard se ferienige mei har dochter. Dêrnei gie se hast alle dagen nei it haadkertier fan de SS om de frijlitting fan har man te bepleitsjen. Lang om let waard har in petear mei Heinrich Himmler tastien; se frege him nochris om har man Alfred frij te litten. Himmler soarge yndie foar syn ûntslach út it konsintraasjekamp Mauthausen. Alfred wie dêr en yn Dachau martele. Hy waard al rillegau oproppen foar tsjinst oan it eastfront. Harren hûs yn Berlyn wie bombardearre. Lina moast oan 't wurk yn in sikehûs yn Garmisch-Partenkirchen. Dêr skreau hja in brief oer har ûndefiningen oan Alfred, wylst se net wist oft se him ea noch sjen soe. Dy brief is publisearre yn it boekje Eine Hand voll Staub – Widerstand einer Frau 1933 bis 1945.

Yn 1948 komt Alfred frij út in kriichsfinzenekamp fan it Reade leger fan de Sovjet-Uny. Oant syn dea yn 1982 libben Alfred en Lina Haag byinoar. Lina is al har libben pasifiste bleaun en wenne oant har dea yn München. Sy waard 105 jier âld.

  • Aug’ in Aug’ mit Himmler. Ein Porträt der Widerstandskämpferin Lina Haag. Berg Film Produktions GmbH (Andreas Lechner), 2005. Draaiboek en rezjy: Andreas Gruber
  • Lina Haag: Eine Hand voll Staub – Widerstand einer Frau 1933 bis 1945. Autobiografy, 1947. Teffens yn oare talen oerset
  • Barbara Distel: In the shadow of heroes. Struggle and survival of Centa Beimler-Herker and Lina Haag. Yn: Wolfgang Benz, Barbara Distel: Dachau and the nazi terror 1933–1945. Dachau 2002, s. 143–178.
  • Barbara Distel: Lina und Alfred Haag und das KZ Oberer Kuhberg. Yn: Dokumentationszentrum Oberer Kuhberg Ulm (Herausgeber): Ulm. Die KZ-Gedenkstätte und der Nationalsozialismus. Ulm 2009, S. 132–134.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ANP, Dachau-prijs voor 100-jarige overlevende concentratiekampen, 4 maie 2007 yn de Volkskrant. Online op de webside www.volkskrant.nl