Algemeen Nederlands Persbureau

It Algemeen Nederlands Persbureau BV (ANP) is it grutste Nederlânske parseburo.

Logo ANP
Kantoar yn Rijswijk

Jierliks levert it ANP mear as 160.000 nijsberjochten en 600.000 foto's.[1] It parseburo fersoarget alle dagen tsientallen radio-útstjoerings en fideoreportaazjes. It byldargyf fan it ANP beslacht 2,5 miljoen dia's en in digitaal argyf mei 2 miljoen bylden. Ek is it parseburo eigener fan de byldargiven fan KIPPA en Benelux Press.

It ANP sit yn Rijswijk en hat redaksjes yn Amsterdam (ekonomy, stêd en entertainment), De Haach (polityk), Rotterdam (stêd), Utert (regio), Eindhoven (regio) en Brussel (Polityk). It parseburo hat rom 250 meiwurkers yn tsjinst, ûnder wa 160 sjoernalisten,[2] en brûkt dêrneist nijs en foto's fan ynternasjonalke parseburo's en korrespondinten. Yn Nederlân fertsjinstwurdiget it ANP de parseburo's Agence France Presse (AFP), Deutsche Presse-Agentur (DPA), EFE (Spanje) en Belga (Belgje).

De stichting Algemeen Nederlands Persbureau waard op 11 desimber 1934 oprjochte troch de Nederlânske Deiblêdparse (NDP). It ANP levert nijs oan kranten, omroppen, websites en tydskriften, mar ek oan bedriuwen, ynstellings en oerheden. It hat in reputaasje fan betrouberheid. Mei dêrtroch wist it de swarte flek út syn bestean, it yn de Twadde Wrâldoarloch "gewoan" trochwurkjen (wat it de bynamme "Adolfs Nijste Pappegaai" oplevere), nei de befrijing frij maklik út te wiskjen.

Yn 2000 waard de stichting omsetten yn in BV. Yn 2003 kocht NPM Capital, de partisipaasjemaatskippij fan it famyljebedriuw SHV, in belang fan 70% yn it parseburo fan ûnder mear de krantenútjouwers PCM Utjouwers, Telegraaf Media Groep en Wegener. De ynvestearder ferkocht yn 2004 dêrfan 15% wer troch oan ynvestearingsmaatskippij Halder, in dochter fan de Gewestlike Ynvestearingsmaatskippij foar Flaanderen (GIMV). NPM gunde it management fan it ANP in belang fan 10%.

In 2007 stapten de Nederlânske deiblêdútjouwers út it ANP en ferkochten se harren restearjende belang fan 30% oan NPM, Halder en de lieding fan it parseburo. De belangen fan NPM en Halder kamen hjirtroch elk op 43,75%. It management fan it ANP hâldt no in belang fan 12,5%. Sûnt 29 oktober 2008 is der in databank online wêryn alle ANP-radiobulletins sûnt 1937 op te sykjen binne.[3]

Op 28 maaie 2010 naam Feriening Veronica, fia ynvesteringstakke V-Ventures, alle oandelen fan it ANP oer.[4][5][6]

Op 28 maart 2018 waard it ANP oernommen troch Talpa Network. Fuort dêrnei naam it ANP fotoburo Hollandse Hoogte oer.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wurkwize, ANP, rieplachte op 29 maaie 2010
  2. Wurknimmers, ANP, rieplachte op 29 maaie 2010
  3. ANP Radiobulletins Digitaal 1937-1984 ANP.nl
  4. Aandeelhouders, ANP, rieplachte op 29 maaie 2010
  5. Persbureau ANP in handen van Veronica, de Volkskrant, 28 maaie 2010
  6. APS: ANP komt volledig yn hannen fan V-Ventures (28 maaie 2010)