Cascade Locks (Oregon)

Cascade Locks is in plak (city) yn it noardwesten fan Hood River County yn de Amerikaanske steat Oregon en leit oan de rivier de Kolumbia. It plak leit yn de Kleau fan de Kolumbia en de bergen fan it Cascadesberchtme binne oan wjerskanten fan de kleau. It plak is neamd nei de eardere slûzen, Ingelsk: Locks, dy't yn de Kolumbia sieten om skipfeart op de rivier better mooglik te meitsjen. De Amerikaanske oerheid karde it plan goed yn 1875 en sette út ein mei de bou yn 1878. It projekt wie ree op 5 novimber 1896. De slûzen waarden oerstallich nei de bou fan de Bonnevilledaam yn 1937. Dat is in keardaam dy't 6 km fierder boppestream boud waard. Nei de foltôging fan dit projekt strûpten de eardere slûzen ûnder wetter en ûntstie de Bonnevillemar. It plak ferlear lykwols gjin lân nei it ûntstean fan de Bonnevillemar. Justjes boppestream is de Bridge of the Gods, in tolbrêge dy't it plak mei Stevenson ferbynt, dat oan de Washingtonkant fan de Kolumbia leit.

Cascade Locks
Postkantoar mei de Kolumbiarivier op 'e eftergrûn
Postkantoar mei de Kolumbiarivier op 'e eftergrûn
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oregon
County Hood River County
Sifers
Ynwennertal 1.379 (2020)
Oerflak 7,8 km² (ynkl. wetter)
5,4 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 255,4/km²
Hichte 50 m
Oar
Stifting om 1853 hinne
1935 incorporated
Postkoade 97014
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 40' 21" N 121° 52' 25" W
Offisjele webside
[1][2]
Kaart
Postkantoar mei de Kolumbiarivier op 'e eftergrûn
De lizzing fan Cascade Locks yn Hood River County en yn 'e steat Oregon.
Eardere slûzen yn de Kolumbia mei de nij-moadrige brêge Bridge of the Gods op 'e eftergrûn

Der hat al hiel lang bewenning west op it plak dêr't Cascade Locks no leit. It wie eins it einpunt foar in 3 km lange rige wetterfallen en hurde streamen, troch de earste blanken dy't der lânslutsen Cascade Rapids neamd, dêr't fierder reizgjen de rivier del nei it westen ta hast ûnmooglik wie. Dizze rige wetterfallen en hurde streamen binne ûntstien tusken 300 en 750 jier ferlyn troch lânferskowings fan 2 bergen oan de Washingtonkant yn de rivier. Dêrby ûntstie yn wêzen in lânbrêge. Dy lânbrêge waard troch de yndianen de Bridge of the Gods, dat Brêge fan de Goaden betsjut, neamd. Hy wie sa'n lytse 100 meter heech en brúkt troch de lokale befolking de rivier oer te stekken.
Yndianen hawwe hjir al sa'n 11.000 jier wenne en hannele en hja fisken nei salm dy't mei grut oantal omswom yn it wetter krekt ûnder de wetterfallen (Cascades). Doe't Lewis en Clark hjir yn 1805 en 1806 lânskamen murken hja dat ek op. Op dit plak wie in foarnaam yndiaansk hannelsplak lykas dy by Celilo Falls. Lewis en Clark neamden dit gea de Grutte streamfersnellings fan de Kolumbia. Ek lettere hannelers, wêrûnder Frânsk-Kanadeeske pelshannelers fûnen ek út dat it dêrwei hast ûnmooglik wie en reizgje fierder.
John Freemont, dy't in kapitein yn 't leger wie, ferwiisde yn syn reisferslach nei de wetterfallen as The Great Cascades en neamde it berchtme The mountains at the cascades , dat bergen by de wetterfallen betsjut. Letter waard dit ferkoarte ta de Cascades Mountains.
Yn 1853 ûntstie hjir in doarp dêr't blanken en yndianen allyk meiïnoar wennen. Dizze mienskip krige de namme Whiskey Flats.
Nei it reekommen fan it Barlowpaad koe men de Delling fan Willamette better berikke. Mar dizze toldyk wie dochs dreech om fracht te ferfieren, dus men hie de foarkar oan ferfier oer de rivier. Nei lang oantrunen fan de lokale befolking en oerheid, karde it Amerikaanske kongres it oanlizzen fan in kanaal mei slûzen njonken de rivier goed yn 1875. De bou sette út ein yn 1878 en it wie ree op 5 novimber 1896. De namme fan it doarp wie feroare nei Cascade Locks, ferwizend nei de slûzen. Yn de tachtiger jierren fan de 19e iuw waard der in spoarwei by it plak oanlein. Yn 1922 wie de Columbia River Highway klear en yn 1926 waard in stielbrêge oer de rivier oanlein. Dizze brêge waard nei de natoerlike brêge; Bridge of the Gods neamd.
Yn 1935 waard it plak offisjeel in stêd. Yn 1938 kaam de nije Bonnevilledaam ree. Dizze keardaam waard 6 km delstream oanlein en doe ûntstie de Bonnevillemar. Dit waard as in opslachmar ornearre. De wetterfallen strûpten doe ûnder wetter.
Ek de houtyndustry wie warber yn it plak, mar rûn tebek yn de tachtiger jierren fan de foarige iuw nei de waaksende tsjinstân tsjin houtkappen en ek trochdat de kleau fan de Kolumbia in beskerme gebiet waard.[1]

Hjoed de dei

bewurkje seksje

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 1144 minsken, 445 hûshâldings en 305 famyljes wêrûnder 87,7% blanken, 0,9% swarten, 1,8% yndianen, 0,9% Aziaten, 0,6% Mikroneezjers, Polyneezjers en Melaneezjers, 9,1% latino's, 2,7% mingde rassen en 5,8% fan twa of mear rassen. Der wiene 502 wenten. De trochsneed âldens wie 40,8 jier, wêrfan 20,8% ûnder 18 en 11,5% boppe 65 jier.
Neffens de folkstelling fan 2000 wie it trochsneed hûshâldynkommen $35.422 en 19% libbe ûnder de earmoedegrins.

Dizze goa hat oer it algemien waarme, mar net hite simmers mei in trochsneed deitemperatuer fan 22 graden. Neffens it Köppen klimaat klassifikaasje hat Cascade Locks in waarme simmer mediterraan klimaat. Der is in trochsneed jierlikse reindelfal fan 1937 mm.

De Interstate 84 rint by it plak lâns, wilens U.S. Route 30 troch it plak rint, beide yn east-west rjochting. De Bridge of the Gods ferbynt it plak mei Washington State Route 14. It plak hat ek in fleanfjild; Cascade Locks State Airport.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Locks,_Oregon References, op dizze side.