Klimaatklassifikaasje fan Köppen

(Trochferwiisd fan Köppen klimaat klassifikaasje)

De klimaatklassifikaasje fan Köppen of de klimaatklassifikaasje fan Köppen-Geiger , is in oarspronklik yn 1918 troch de Russysk/Dútske biolooch Wladimir Köppen ûntwurpen klimaatklassifikaasje, dy’t letter sekuerder makke is troch de Dútske klimatolooch Rudolf Geiger.

Köppen-Geiger klimaatkaart

It klassifikaasjesysteen giet út fan de plategroei: de klimaatgrinzen waarden op grûn fan minimale en maksimale trochsneed moannetemperatuer bepaald troch it ferspriedingsgebiet fan beskate planten. Planten wienen in wichtich part fan de ûndersiken fan Köppen, dy't him ôffrege wêrom't beskate planten earne wol as net foarkamen. Hy fûn út dat it te krijen hie mei delslach en temperatuerferskillen. It die bliken dat de klimaatgrinzen meast lizze op de grinzen tusken twa as mear haadtypen fegetaasje. De skieding tusken tropyske en drûge klimaten is de al as net oanwêzigens fan beammen beskiedend foar, ek is beammegroei de indikator tusken it lânklimaat en it toendraklimaat. De skieding tusken leafbeamfegetaasje en nullebeamfegetaasje leit rûchwei op de skieding tusken it kâldere lânklimaat en it mylde seeklimaat.

Köppen dielde it klimaat op trije nivo's yn ferskillende groepen yn. Eltse groep op elts nivo krige in letter. De fiif haadgroepen krigen elts in aparte haadletter (A o/m E). De twa lytsere nivo's krigen der elts in lytse letter oan taheakke. Sa kin der bygelyks in waarm maritym klimaat wêze, mei delslach yn alle seizoenen, oantsjut mei Cfa. De B- en E-klimaten krije elts noch in haadletter as 2e letter. Yn guon gefallen wurdt ek in fjirde letter takend. Op nivo 1 wurdt foaral in rûge yndieling makke op grûn fan temperatuer en delslach. Op nivo 2 wurdt der fierder opgsplitst oan de hân fan de delslachferdieling yn in jier. Nivo 3 is basearre op de temperatuerferskillen, faak giet it dêr om in waarm, tuskenbeide of koel klimaat.

  • A-klimaten of tropyske klimaten: de trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is net leger as 18 °C.
  • B-klimaten of drûge klimaten (ierde klimaten): Te min delslach foar beammegroei en permaninte rivieren kinne dêr net ûntspringe. De klassifikaasje wurdt bepaald oan de hân fan de troch Köppen brûkte drûchte-yndeks, dy't útgiet fan de jierlikse ferdamping.
  • C-klimaten of seeklimaat (maritime klimaten): Trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is net leger as -3 °C en yn de waarmste moanne tusken de 10 en 18 °C.
  • D-klimaten of lânklimaten (kontinintale klimaten): Trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is leger as -3 °C, trochsneed temperatuer fan de waarmste moanne is heger as 10 °C.
  • E-klimaten of poalklimaten (polêre klimaten): Trochsneed temperatuer fan de kâldste moanne is leger as -3 °C, trochsneed temperatuer fan de waarmste moanne is net heger as 10 °C. Dat it hiele jier troch is it eltse moanne (trochsneed oer 30 jier) kâlder as 10 °C.

De A-, C- en D-klimaten krije in ekstra (lytse) letter dy't in eventuele drûge perioade oantsjut:

  • s: sommertrocken, Dútsk foar drûge simmer.
  • w: wintertrocken, Dútsk foar drûge winter.
  • f: fehlt, Dútsk foar 'ûntbrekt'; der is gjin drûge tiid.
  • m: moessonklimaat (allinnich by A-klimaten)

Dêrby is it yn in gebiet simmer at de sinne heech stiet en winter at de sinnestân leech is.

De B-klimaten krije in ekstra haadletter:

  • S: Steppe (semi-aride); jierliks falt der ûngefear tusken de 200 en 300 mm delslach. De werklike grins tusken it steppeklimaat, it woastynklimaat en de oare klimaten wurdt bepaald oan de hân fan de groechte-yndeks.
  • W: Woastyn (aride); jierliks falt der likernôch minder as 200 mm delslach. De werklike grins tusken it steppeklimaat en het woastynklimaat wurdt bepaald troch de drûchte-yndeks.

De E-klimaten krije der ek in haadletter op ta:

  • T: Toendra; yn de waarmste moanne leit de temperatuer tusken de 0 °C en 10 °C
  • F: Iiskap; it hiele jier troch leit de trochsneed moannetemperatuer ûnder it friespunt
  • H: Heechberchtme; de letter H wurdt brûkt at in gebiet op in legere breedte as 70 graden leit, sa as bygegelyks de Alpen.
    Dy wurde yn guon boarnen ek wolris apart set fan de E-klimaten en as it H-klimaat klassifisearre.

Foar C- en D-klimaten

  • a: waarm; de trochsneed temperatuer yn de waarmste moanne is heger as 22 °C
  • b: tuskenbeiden; de waarmste moanne is koeler as 22 °C
  • c: koel; minder as fjouwer moannen it jier is de trochsneed moannetemperatuer heger as 10 °C
  • d: kâld; de kâldste wintermoanne hat in trochsneed temperatuer leger as -38 °C

Foar B-klimaten

  • h: waarm; trochsneed jiertemperatuer heger as 18 °C
  • k: kâld; trochsneed jiertemperatuer leger as 18 °C

Foar B-klimaten

  • s: drûch seizoen yn de simmer
  • w: drûch seizoen yn de winter
  • BS: steppeklimaat
    • BSh: waarm steppeklimaat
    • BSk: kâld steppeklimaat
    • BShs: waarm steppeklimaat, drûch seizoen yn de simmer
    • BSkw: kâld steppeklimaat, drûch seizoen yn winter
  • BW: woastynklimaat
    • BWh: waarm woastynklimaat
    • BWk: kâld woastynklimaat
    • BWhs: waarm woastynklimaat, drûch seizoen yn simmer
    • BWkw: kâld woastynklimaat, drûch seizoen yn winter

Klimaatkaarten neffens Köppen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: