It Barlowpaad (Ingelsk: Barlow Road), earst Mount Hoodpaad (Ingelsk: Mount Hood Road) neamd is in histoaryske dyk yn wat no de Amerikaanske steat Oregon is. It waard oanlein yn 1846 troch Sam Barlow en Philip Foster, mei tastimming fan it bestjoer fan it doetiidske Oregon Country. It tsjinne as it lêste part fan de Oregon Trail. Dit paad joech de mooglikheid om mei kapweinen it Cascadesberchtme oer te stekken en de Delling fan de Willamette te berikken, wat foarhinne praktysk ûnmooglik wie. It paad mei syn 160 km wie lykwols it dreechste diel fan de 3200 km lange Oregon Trail.

Barlowpaad is yn 't read, guonts tinke dat it giele stik fanôf The Dalles der ek by heart
It Barlowpaad by de krusing mei Oregon Route 35
Barlowpaad yn septimber 2008

Foar it iepenjen fan it Barlowpaad moasten reizgers, dy't oer it lân fanút it easten wei kamen, by de Wascopam Missy, wat no The Dalles is, oer it wetter fan de rivier de Kolumbia mei de boat om yn Fort Vancouver te kommen. Dat wie ek in drege en gefaarlike reis. It wie lykwols mooglik fee te driuwen fia Lolo Pas oan de noardkant fan Mount Hood, mar dat paad wie net gaadlik foar weinen.

It Barlowpaad begjint by The Dalles en rint súdlik nei Tygh Valley. Guon tinke dat it paad by Tygh Valley begjint. Dêrwei bûcht it paad nei it westen en rint parallel mei de White River, earst noardlik en dan westlik. It krúst de súdlike helling fan Mount Hood op Barlow Pas en folget dêrnei Camp Creek en de rivier de Sandy foar in stik en ta einbeslút einiget it yn Oregon City.

Yn it begjin fan de 20e iuw waard it paad foar it grutste part oerstallich troch de bou fan de Mount Hood Highway. It bestiet hjoed de dei noch foar in part as in modderpaad, wilens oare parten ferbrede en ferhurde waarden as nije diken en wegen. It Barlowpaad is sûnt 1992 op it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken pleatst.

Keppeling om utens

bewurkje seksje