Bingen (Washington)

Bingen is in plak (city) yn it súdwesten fan Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak leit oan de rivier de Kolumbia en leit 2 km beëasten White Salmon en sa'n 100 km beëasten de stêdekloft fan Portland-Vancouver.

Bingen
Bingen yn Klickitat County
Bingen yn Klickitat County
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Boargemaster Betty J. Barnes (2014)
Sifers
Ynwennertal 730 (2013)
Oerflak 1,81 km² (ynkl. wetter)
1,61 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 443,4/km²
Hichte 40 m
Oar
Stifting 1892
Postkoade 98605
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45°42´55´´N 121°28´00´´W
Offisjele webside
Offisjele webside fan Bingen

It plak ûntstie nei it ûntwerp fan Theodor Suksdorf yn 1892 en hy neamde it doarp nei Bingen-am-Rhein yn Dútsklân. Bingen waard op 18 april 1924 offisjeel in stêd.

Bingen (Washington) wurdt útsprutsen as /ˈbɪndʒən/, neffens it Dútske dat as /ˈbɪŋən/ útsprutsen wurdt.

De grutste wurkjouwers yn it stedsje binne: SDS Lumber Company, Underwood Fruit en Insitu.

Bingen leit oan State Route 14. It hat ien fan 2 trein stasjons fan Amtrak op it projekt tusken Vancouver en Pasco.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje