Haadmenu iepenje

De Puget Sound (Ingelske útspr.: ['pju:ʤɪt sa.und], likernôch: "pjûû-dzjit saund") is in fjordeftige see-ingte dy't út it noarden wei djip yn it fêstelân fan 'e Amerikaanske steat Washington op snijt. It is in kompleks estuarium dat bestiet út in stikmannich wetterwegen en baaien dy't ûnderling yn ferbining steane. It is fierders ek in wichtige rûte foar de skipfeart, mei't stêden as Seattle, Tacoma en Olympia oan 'e kust fan 'e Puget Sound lizze. It wetter stiet oan 'e noardkant yn ferbining mei de folle gruttere Strjitte fan Juan de Fuca, dy't tagong jout ta de iepen Stille Oseaan. Mei de Strjitte fan Juan de Fuca en de Strjitte fan Georgia foarmet de Puget Sound de Salisjaanske See.

Puget Sound
In lânkaart fan 'e Puget Sound
In lânkaart fan 'e Puget Sound
geografy
lokaasje noardwestlik Washington
koördinaten 47°6′N 122°4′W
ûnderdiel fan Salisjaanske See
sifers
maks. lingte 160 km
maks. breedte 16 km
oerflak 2.600 km²
djiptegemiddelde 180 m
djipste punt 280 m
wetterfolume 110 km³

NammeBewurkje

De namme fan 'e Puget Sound waard yn 1792 betocht troch de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver, dy't it wetter ferneamde nei Peter Puget, in luitenant fan Hugenoatsk komôf dy't ûnder him tsjinne op syn Vancouver-ekspedysje. Dy namme waard oanfolle mei it Ingelske wurd sound, foar "seestrjitte" (etymologysk fan deselde woartel as de namme fan 'e Sont, tusken Denemark en Sweden). Oarspronklik hie Vancouver de troch him betochte namme bedoeld foar it diel fan 'e Puget Sound besuden it Nau fan Tacoma, mar letter waard de namme ek brûkt foar de wetters noardlik fan dy ingte. De âldere, lânseigen beneaming foar de Puget Sound, dy't noch altyd yn gebrûk is by de Yndianen dy't yn 'e krite libje, is Whulge (ek stavere as Whulj), in Ingelske ferbastering fan 'e namme x̌ʷə́lč (útspr.: "chwultsj"), út 'e Lusjûtsiid-taal, dat leterlik "see" of "sâlt wetter" betsjut.

 
In satellytfoto fan 'e Puget Sound.

GeografyBewurkje

De Puget Sound snijt fan it noarden út nei it suden ta op yn it fêstelân fan 'e Amerikaanske steat Washington. It wetter skiedt dêrmei it Olympysk Skiereilân, yn it westen, fan 'e rest fan 'e steat, yn it easten. Geologysk sjoen is de Puget Sound in grutte fjord, dy't troch gletsjers yn it lânskip útsliten is yn 'e lêste iistiid, tusken 17.000 en 13.000 f.Kr. Hjoed de dei is it in kompleks estuarium fan ûnderling yn ferbining steande wetterwegen en baaien, dêr't ferskate rivieren yn útmûnje. It is feitliks it op twa nei grutste estuarium yn 'e Feriene Steaten, nei de Chesapeake-baai oan 'e eastkust en de Baai fan San Francisco yn Kalifornje. Oan 'e noardlike útein stiet de Puget Sound yn ferbining mei de gruttere Strjitte fan Juan de Fuca, dy't Vancouvereilân (yn it noarden), skiedt fan it fêstelân fan Washington (yn it suden), en yn it westen útkomt op 'e iepen Stille Oseaan. Mei de Strjitte fan Juan de Fuca en de Strjitte fan Georgia, dy't Vancouvereilân skiedt fan it fêstelân fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, foarmet de Puget Sound de Salisjaanske See, dy't ferneamd is nei de Kust-Salisjaanske folken, de oarspronklike bewenners fan 'e kusten fan dy wetters.

Fan Deception Pass, yn it noarden, oant Olympia, yn it suden, is de Puget Sound likernôch 160 km lang. De maksimale breedte bedraacht 16 km. It djiptegemiddelde is 140 m, en it djipste punt, by Jefferson Point, tusken Indianola en Kingston, is 280 m djip. Yn 'e Sintrale Baai, yn 'e noardlike helte fan 'e Puget Sound, leit de boaiem op likernôch 180 m ûnder it wetteroerflak. De kustline fan 'e Puget Sound is 2.144 km lang en omslút in oerflak fan likernôch 2.600 km² oan wetter. By floed befettet de Puget Sound 110 km³ oan wetter. Eltse kear as it tij keart, streamt der trochinoar sa'n 5,3 km³ wetter yn of út de Puget Sound.

Oan 'e noardkant wurdt de Puget Sound fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca skaat troch de gruttere eilannen Whidbey, Camano en Fidalgo. Dêr is ien gruttere see-ingte dy't de Puget Sound en de Strjitte fan Juan de Fuca ferbynt, ntl. Admiralty Inlet, en twa lytseren, Deception Pass en it Swinomish-kanaal. De Baai fan Bellingham, noardlik fan Fidalgo, wurdt net ta de Puget Sound rekkene, mar ta de Strjitte fan Georgia. Yn it suden wurdt de Puget Sound opdield yn twa grutte earms trochdat it Kitsap-skiereilân dêr nei it noarden ta omheechstiket. De earm dy't dat skiereilân skiedt fan it (folle gruttere) Olympysk Skiereilân, yn it westen, hjit it Hood-kanaal, en de earm dy't it Kitsap-skiereilân skiedt fan 'e rest fan Washington, yn it easten, wurdt de Sintrale Baai neamd. Foar de eastkust fan it Kitsap-skiereilân lizze yn 'e Sintrale Baai de beide grutte eilannen Bainbridge en Vashon. De Puget Sound kin opdield wurde yn fjouwer djippe baaien, dy't fia ûndjipten mei-inoar yn feribining steane: it Hood-kanaal oan 'e westkant fan it Kitsap-skiereilân, de Whidbeybaai oan 'e eastkant fan it eilân Whidbey, de Súdlike Puget Sound besuden it Nau fan Tacoma en de Haadbaai, dy't fierder opdield wurde kin yn 'e Sintrale Baai en Admiralty Inlet.

 
Silen op 'e Puget Sound, mei op 'e eftergrûn de fulkaan de Mount Rainier, yn it Cascades-berchtme.

It ôfwetteringsgebiet fan 'e Puget Sound beslacht in oerflak fan 31.440 km². De wichtichste rivieren dy't yn 'e Puget Sound útmûnje, binne de Deschutes, de Nisqually, de Puyallup, de Duwamish, de Cedar, de Shohomish, de Stillaguamish, de Skagit en de Skokomish. Hoefolle wetter oft dy rivieren yn 'e Puget Sound streame litte, wurdt sterk bepaald troch de jiertiden, mei in hichtepunt yn 'e maityd, as yn it berchlân fan Washington de snie fuortteit, en in djiptepunt oan 'e ein fan 'e simmer. Trochinoar streamt der 1.200  per sekonde de Puget Sound yn, mei in maksimum fan 10.400 m³/s en in minimum fan 400 m³/s. Wichtige stêden oan 'e kust fan 'e Puget Sound binne Seattle, Tacoma, Olympia en Everett. In unyk systeem fan feartsjinsten, de Washington State Ferries, ferbynt de gruttere eilannen yn 'e Puget Sound mei it fêstelân, en beide kusten fan it wetter mei-inoar. Dat is in bedriuw dat yn 'e hannen is fan 'e oerheid fan 'e steat Washington, en dat mei 24 miljoen passazjiers yn 't jier de grutste fearboatrederij yn 'e Feriene Steaten is.

SkiednisBewurkje

Al tûzenen jierren wurde de kusten fan 'e Puget Sound bewenne troch Yndiaanske folken, yn 't bysûnder de ûnderskate etnyske groepen dy't ta de Kust-Salisjanen rekkene wurde. Ien fan 'e earste dokumintearre besiken fan Jeropeänen oan 'e Puget Sound fûn plak yn 1792 doe't it wetter ferkend waard troch de Ingelske ûntdekkingsreizger George Vancouver en de nei him ferneamde Vancouver-ekspedysje. Hy wie it, dy't de Puget Sound syn namme joech (sjoch: § Namme). Fan 1818 ôf makken sawol it Feriene Keninkryk as de Feriene Steaten oanspraak op it ûnbidich grutte Oregon-territoarium, dêr't ek de krite fan 'e Puget Sound ûnder foel. Hja besleaten ta in perioade fan 'dield eignerskip', dêr't pas yn 1846 in ein oan kaam, doe't it Oregon-territoarium opdield waard yn it Britsk part (it hjoeddeistige Britsk-Kolumbia) en in Amerikaansk diel (Washington, Oregon, Idaho en dielen fan ferskate oare Amerikaanske steaten). Dêrmei kaam de Puget Sound foargoed yn Amerikaanske hannen.

Fan 'e iere njoggentjinde iuw ôf waard de Puget Sound geregeldwei oandien troch Amerikaanske pelshannelers. De earste Jeropeeske delsetting yn 'e krite wie Fort Nisqually, dat yn 1833 stifte waard troch de Britske Hudsonbaaikompanjy. Letter fêstige de Lânbou-kompanjy fan de Puget Sound, in dochterûndernimming fan 'e Hudsonbaaikompjanjy, lânboubedriuwen en feehâlderijen yn 'e omkriten fan Fort Nisqually. De earste Amerikaanske delsetting oan 'e Puget Sound wie Turnwater, dat yn 1835 stifte waard troch lju dy't nei it Westen ta reizge wiene oer it Oregon Trail. Yn 1853 waard it Territoarium Washington foarme út it gruttere Amerikaanske Territoarium Oregon. Yn 1888 berikte it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad de kust fan 'e Puget Sound, wêrmei't in direkte ferbining mei it Easten fan 'e Feriene Steaten ûntstie.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.