Haadmenu iepenje

De Strjitte fan Juan de Fuca (Ingelsk: Strait of Juan de Fuca), is in brede seestrjitte tusken it Kanadeeske Vancouvereilân en it fêstelân fan 'e Amerikaanske steat Washington yn. It is in wetter dat oan 'e eastkant yn ferbining stiet mei de Strjitte fan Georgia en de Puget Sound, en yn it westen tagong jout ta de iepen Stille Oseaan. De Strjitte fan Juan de Fuca is ferneamd nei de Grykske seefarder yn Spaanske tsjinst Juan de Fuca, en makket diel út fan 'e Salisjaanske See.

Strjitte fan Juan de Fuca
De brede Strjitte fan Juan de Fuca, op dizze satellytfoto min ofte mear horizontaal werjûn.
De brede Strjitte fan Juan de Fuca, op dizze satellytfoto min ofte mear horizontaal werjûn.
geografy
lokaasje tusken Vancouvereilân
en Washington (steat)
koördinaten 48°12′00″N 123°34′22″W
ûnderdiel fan Salisjaanske See
sifers
maks. lingte 154 km
maks. breedte 40 km
oerflak ±4.600 km²

Ynhâld

GeografyBewurkje

De Strjitte fan Juan de Fuca skiedt Vancouvereilân (yn it noarden), dat ûnderdiel útmakket fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, fan it Olympysk Skiereilân (yn it suden), dat heart ta de Amerikaanske steat Washington. De seestrjitte rint min ofte mear yn east-westrjochting, mei oan 'e westlike útein in lytse kromming nei it westnoardwesten. De lingte fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca is 154 km, wylst de breedte fariëarret fan 20 oant 40 km. It oerflak bedraacht likernôch 4.600 km².

Yn it westen komt de Strjitte fan Juan de Fuca út op 'e iepen Stille Oseaan. Yn it noardeasten stiet de seestrjitte fia de de Boundary Pass, de Harostrjitte en de Rosariostrjitte tusken de Golfeilannen en de San Juaneilannen troch yn ferbining mei de Strjitte fan Georgia, dy't de eastkust fan Vancouvereilân skiedt fan it fêstelân fan Britsk-Kolumbia. Yn it súdeasten is der in ferbining fia Admiralty Inlet, Deception Pass en it Swinomish-kanaal, by de eilannen Whidbey, Camano en Fidalgo lâns, nei de Puget Sound, in grutte fjord dy't djip yn it fêstelân fan Washington op snijt en dêrmei it Olympysk Skiereilân skiedt fan 'e rest fan 'e steat. Yn 'e mande mei de Strjitte fan Georgia en de Puget Sound foarmet de Strjitte fan Juan de Fuca de Salisjaanske See.

De wichtichste stêd dy't oan 'e kust fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca leit, is Victoria, de haadstêd fan Britsk-Kolumbia, op 'e súdeastlike punt fan Vancouvereilân. Oare wichtige plakken oan 'e Strjitte fan Juan de Fuca binne Esquimalt en Port Renfrew op Vancouvereilân en Port Angeles en Sequim op it Olympyske Skiereilân. Der bestiet in feartsjinst dy't ferskate kearen deis de lânsgrins tusken Kanada en de Feriene Steaten oerstekt, fan Victoria nei Port Angeles en werom. Ek is der in hegesnelheidsfearboat dy't Victoria ferbynt mei de grutte Amerikaanske stêd Seattle, oan 'e Puget Sound.

SkiednisBewurkje

Al tûzenen jierren wurde de kusten fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca bewenne troch Yndiaanske folken, yn 't bysûnder de ûnderskate etnyske groepen dy't ta de Kust-Salisjanen rekkene wurde. De earste Jeropeaan dy't de seestrjitte ynfear, wie mooglikerwize de Ingelske kaper en seefarder sir Francis Drake, yn 1579. Yn 1787 ferneamde de seefarder en pelshanneler Charles William Barkley it wetter nei de Grykske seefarder Juan de Fuca, in lid fan 'e Spaanske ekspedysje dy't yn 1592 op 'e siik gie nei de legindaryske Strjitte fan Anián.

 
Sinne-ûndergong boppe de Strjitte fan Juan de Fuca.

Barkley syn trochfeart troch de Strjitte fan Juan de Fuca wie it earste dokumintearre besyk fan in Jeropeaan oan dy krite, of it moat wêze dat De Fuca syn reisferslach net út 'e tomme sûgd wie, sa't algemien oannommen wurdt. De earste yngeande ferkenning fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca waard tusken 1789 en 1791 ûndernommen troch de Spaanske ûntdekkingsreizgers Manuel Quimper, Gonzalo López de Haro, Juan Carrasco en José María Narváez. Fierdere ferkenning fan 'e seestrjitte waard yn 1792 útfierd troch de Spanjert Dionisio Alcalá Galiano en de Ingelsman George Vancouver.

GrinsskeelBewurkje

De Strjitte fan Juan de Fuca is noch altyd it ûnderwerp fan in grinsskeel tusken de Feriene Steaten en Kanada. Yn 'e seestrjitte sels rint de grins persiis troch de midden fan it wetter; dêr bestiet gjin ûnienichheid oer. It skeel giet oer it ferrin fan 'e seegrins bewesten de râne fan 'e seestrjitte, yn 'e Stille Oseaan, dêr't de territoriale wetters fan 'e beide lannen noch oant 320 km fan 'e kust ôf trochrinne. Beide lannen fine dat de grins dêr trochrinne moat op basis fan in gelikense ôfstân fan 'e beide kusten, krekt sa't dat yn 'e Strjitte fan Juan de Fuca ek it gefal is. Mar beide lannen brûke folslein ferskillende útgongspunten om dy 'gelikense ôfstân' te berekkenjen.

Dêropta hat it regear fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia sawol it Amerikaanske foarstel as dat fan 'e Kanadeeske federale oerheid ôfwiisd, mei't it fynt dat de "foechsume geomorfyske en fysiogeografyske grins" de midden fan 'e ûnderseeske kleau wêze moat dy't út 'e Strjitte fan Juan de Fuca wei de Stille Oseaan ynrikt. De opfetting fan Britsk-Kolumbia wurdt ûnderstipe troch it prinsipe fan 'natuerlike prolongaasje', dat fêstlein is yn 'e ynternasjonale maritime wetjouwing. Dat stânpunt stelt de Kanadeeske federale oerheid foar in dilemma, mei't Kanada, as it yn 'e Strjitte fan Juan de Fuca fêsthâlde soe oan it prinsipe fan natuerlike prolongaasje, yn in oar grinsskeel mei de Feriene Steaten, yn 'e Golf fan Maine, syn eigen prosysje ûndergrave soe.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.