Tacoma (Washington)

Tacoma (klam op it twadde wurdlid) is de trêde stêd fan 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington (nei Seattle en Spokane) en it haadplak fan it omlizzende Pierce County. It is in havenstêd, en yn 'e krite om 'e Puget Sound (in seeëarm) hinne, is it nei Seattle de twadde stêd. It is fierders it kommersjeel hert fan it Súdsound-gebiet. Tacoma leit likernôch 51 km súdwestlik fan Seattle en 93 km noardwestlik fan it Nasjonaal Park Mount Rainier; foto's fan Tacoma hawwe gauris de ymposante berch de Mount Rainier op 'e eftergrûn. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Tacoma doe goed 200.000 ynwenners; it heart ta deselde stêdekloft dêr't ek Seattle ta rekkene wurdt, mei in totale befolking fan 3,9 miljoen minsken.

Tacoma
Emblemen
         
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Pierce County
Sifers
Ynwennertal 202.010 (2012)
Oerflak 161,5 km² (ynkl. wetter)
128,8 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.540,7 / km²
Stêdekloft Seattle
Hichte 74 m
Oar
Stifting 1864
Tiidsône UTC -8
Simmertiid UTC -7
Koördinaten 47°14′29″N 122°27′34″W
Offisjele webside
www.cityoftacoma.org
Kaart
De lizzing fan Tacoma yn Pierce County en yn 'e steat Washington.

Skiednis bewurkje seksje

De krite dêr't Tacoma no leit waard foàr de kolonisaasje troch de blanken al tûzenen jierren bewenne troch lânseigen Yndiaanske folken, yn 't lêstoan benammentlik troch de Pûjallup. Yn 1852 boude de Sweedske kolonist Nicolas Delin yn it gebiet in houtseagerij dy't gebrûk makke fan wetterkrêftenerzjy, mar de lytse delsetting dy't dêromhinne groeide, waard ferlitten en ferrinnewearre ûnder de Jakima-Oarloch fan 1885-1856. Yn 1864 waard op hast itselde plak troch Job Carr, in feteraan út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, in nije delsetting stifte. Hy ferkocht syn lân letter oan 'e projektûntwikkelder Morton M. McCarver, dy't it doarpke de namme fan Tacoma joech.

 
Huzen oan South J Street, in beskerme stedsgesicht.

Tacoma krige yn 1875 offisjeel de status fan stêd. Twa jier earder wie Tacoma útkeazen as it westlike einpunt fan 'e Northern Pacific Railroad, wat de pleatslike ekonomy in flinke triuw yn 'e rêch joech. Uteinlik waard de treinremize 3 km besuden Tacoma oanlein, en de delsetting dy't dêromhinne groeide, krige de namme fan New Tacoma. Yn 1884 wiene de beide delsettings safierhinne nei-inoar ta groeid, dat se gearfoege wurde koene ta ien stêd. Tusken 1880 en 1890 groeide it ynwennertal fan Tacoma fan 1.100 oant 36.000. Yn 1885 fûn ien fan 'e swartste siden út 'e skiednis fan 'e stêd plak, de saneamde Opskuor fan Tacoma fan 1885, doe't blanke boargers ûnder lieding fan boargemaster Jacob Weisbach sûnder lykfol hokker oare oanlieding as klearebare rasisme ferskate hûnderten Sineeske boargers, eardere spoararbeiders, dy't freedsum yn 'e stêd libben, út harren huzen sleepten, byinoar dreaune en op 'e trein nei Portland setten. De oare deis waarden twa Sineeske buerten fan Tacoma platbaarnd.

Yn 1898, doe't de Goudkoarts fan Klondike plakfûn, kaam Tacoma foar it earst yn it skaad te stean fan Seattle, dat him doe ûntjoech as de poarte ta Alaska. Neitiid is Seattle altiten grutter en wichtiger bleaun as Tacoma. Tusken 1900 en 1910 groeide it ynwennertal fan Tacoma fan 38.000 oant 84.000; yn 1920 lei it op 97.000, en yn 1930 op 107.000. Yn 1935 kaam Tacoma yn it nijs troch de opsjochjaande ûntfiering fan George Weyerhaeuser, de njoggenjierrige soan fan houtkapmagnaat J.P. Weyerhaeuser. Hy waard frijkrigen nei't der $200.000 betelle wie. Neitiid pakte de FBI de fjouwer dieders op; de lêste kaam pas yn 1963 wer op frije fuotten. George Weyerhaeuser folge letter syn heit op as foarsitter fan it bestjoer fan 'e Weyerhaeuser Company.

Yn 1951 kaam grutskalige korrupsje ûnder it stedsbestjoer fan Tacoma oan it ljocht. Yn 'e post-yndustriële perioade, benammen yn 'e jierren santich, rekke de binnenstêd fan Tacoma slim fertutearze. Pas om 1990 hinne begûn dat troch ferskate renovaasjeprojekten wat oer te betterjen. Yn 'e tachtiger en it begjin fan 'e njoggentiger jierren wiene der ek slimme swierrichheden mei misdie, benammen yn 'e buert Hilltop. Sûnt binne de problemen fierhinne oplost troch bettere gearwurking tusken de plysje en de bewenners. Yn 2004 waard Tacoma op in ranglist ta de top 30 leefberste stêden yn 'e Feriene Steaten rekkene. Yn 2009 waard Marilyn Strickland ta boargemaster keazen: de twadde kears dat de stêd in Afro-Amerikaanske boargemaster krige. Hja folge yn 2010 Bill Baarsma op (boargemaster fan 2002 oant 2010), in ôfstammeling fan Fryske emigranten.

 
De Tacoma Bridge by nacht.

Tacoma hjoed de dei bewurkje seksje

Op it mêd fan heger ûnderwiis wurdt Tacoma betsjinne troch de Universiteit fan Washington, dy't yn 1990 in depindânse yn 'e stêd iepene. Wat toeristyske besjensweardichheden oangiet, binne der it Museum of Glass, mei in ambachtlike glêsblazerij en in kolleksje glêzen foarwerpen út 'e hiele wrâld, en fierders it Steatshistoarysk Museum fan Washington (WSHM) (oprjochte yn 1996) en it Tacoma Art Museum (2003). It nijste museum fan 'e stêd is America's Car Museum, dat yn 2011 iepen gie.

 
Utsjoch oer de haven fan Tacoma mei de Mount Rainier op 'e eftergrûn.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 23,0% fan 'e ynwenners fan Tacoma jonger as achttjin jier, wylst 11,3% boppe de 65 jier wie. Fan alle húshâldings yn 'e stêd bestie 41,8% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 57,2% blanken; 12,2% swarten; 11,3% Latino's (mei as grutste groep 8,1% Meksikanen); 8,2% Aziaten (mei as grutste groep 2,1% Fjetnamezen); 1,8% Yndianen; 1,2% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 8,1% oaren of fan mingd etnysk komôf.

 
Hotel Bostwick, ien fan 'e mear opfallende gebouwen yn Tacoma.

Berne yn Tacoma bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Tacoma hat in tige myld Mediterraan seeklimaat, mei in protte rein yn alle jiertiden. De kâldste moannen binne desimber en jannewaris, mei in trochsneed deitemperatuer fan 8 °C, wylst de waarmste moanne augustus is, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 25 °C. Wat delslach oangiet, dêrfan falt der yn in trochsneed jier 989,3 mm; dat is frijwol allegear rein; snie falt der yn Tacoma mar komselden.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.