Oerheid

(Trochferwiisd fan Oerheden)

De oerheid is it heechste foechhawwend gesach yn in beskaat geografysk en/of bestjoerlik gebiet. Yn Nederlân is de oerheid 'horizontaal' opspjalten yn trije bestjoerslagen, te witten: de lanlike oerheid, de provinsjale oerheid en de gemeentlike oerheid. Dêrnjonken is it yn Nederlân en alle oare demokratyske lannen sa dat de oerheid neffens de trias politica ek 'fertikaal' yn trije los faninoar operearjende dielen ferparte is: de útfierende macht (it regear, it Kolleezje fan Deputearre Steaten en it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders), de wetjaande macht (it nasjonaal parlemint, Provinsjale Steaten en de gemeenteried) en de rjochterlike macht (dy't soms net mar meastal wol ta de oerheid rekkene wurdt). Dêrnjonken kin mei de oantsjutting 'oerheid' soms ek ferwiisd wurde nei in oare foarm fan (bgl. tsjerklik) gesach (lykas de paus, yn it gefal fan it roomsk-katolisisme). Lju dy't by de oerheid yn 'e tsjinst binne, wurde amtners neamd.

De oerheid hat yn 'e maatskippij in spesifike rol, dy't him uteret yn 'e útoefening fan in breed ferskaat oan funksjes en taken:

  • It mooglik meitsjen fan kollektive, demokratyske beslútfoarming op 'e ferskillende bestjoerlike nivo's.
  • De útfiering fan demokratysk nommen besluten en oare foarmen fan belied.
  • It troch útfiering fan belied leverjen fan in bydrage oan 'e oplossing fan maatskiplike swierrichheden.
  • It stjoering jaan oan en oanfiterjen fan 'e maatskiplike ûntjouwing.
  • It koördinearjen fan maatskiplike aktiviteiten.
  • De hanthavening fan 'e iepenbiere oarder en de rjochtsoarder troch rjochtsfoarming en rjochtshanthavening.
  • It regeljen fan 'e relaasjes tusken ferskillende leden en groepen binnen de maatskippij.
  • It troch redistribúsje wizigjen fan 'e ynkommensferdieling sadat der in rjochtfeardiger maatskippij ûntstiet dêr't de swakkeren beskerme wurde.
  • It befoarderjen of ûntmoedigjen fan beskate foarmen fan hâlden en dragen en fan komsumpje troch organisaasjes en boargers.
  • It ferrjochtsjen fan taken dy't oare dielen fan 'e maatskippij net of ûnfoldwaande behertigje.
  • It produsearjen fan guod en tsjinsten lykas kollektyf guod.
  • It regulearjen fan 'e ekonomyske merk en it korrizjearjen fan merkfalen.
  • It ferdigenjen fan 'e maatskippij tsjin ûnwinske ynfloeden fan bûtenôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe links, op dizze side.