Sjuery (wedstryd)

In sjuery is yn it ramt fan in wedstryd of kompetysje in groep persoanen dy't troch de organisaasje fan it evenemint machtige is om 'e prestaasjes of ynstjoerings fan 'e dielnimmers te beoardieljen. Soks komt bygelyks foar by saneamde sjuerysporten, lykas keunstriden, skânsspringen en dressuer. Sjuerys wurde ek faak ynset by skientmewedstriden, talintejachten en de útrikking fan prizen en ûnderskiedings op it mêd fan bgl. films, literatuer, tillefyzjeprogramma's, teäter, keunst, sjoernalistyk en sels de minskerjochten.

Behalven de prestaasjes of ynstjoerings fan 'e dielnimmers moatte sjuerys ek faak beoardielje oft de prestaasjes wol reglemintêr ferrûn binne. Der binne twa soarten sjuerys: de faksjuery en de publykssjuery. In faksjuery bestiet út saakkundigen dy't faak in lange steat fan tsjinst hawwe yn 'e sport of it fakmêd dêr't se oer oardielje moatte. In publykssjuery bestiet yn tsjinstelling dêrta út leken, en sjocht net sasear nei de foarm as wol nei de ynhâld. In faksjuery bestiet oer it algemien út in lyts tal leden, wylst in publykssjuery út it hiele oanwêzige publyk bestean kin. De priis dy't in publykssjuery útrikt, wurdt in publykspriis neamd. Oan sa'n priis is minder prestiizje ferbûn as oan ien dy't troch in faksjuery útrikt wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.