Meksikaanske drugskartels
De Meksikaanske drugskartels binne drugskartels dy't aktyf binne yn Meksiko. Dêrby giet it om faak ekstreem gewelddiedige kriminele organisaasjes, dy't diel útmeitsje fan 'e organisearre misdie en dy't de drugshannel yn Meksiko en it oangrinzgjende Súdwesten fan 'e Feriene Steaten behearskje. De Meksikaanske drugskartels steane yn Meksiko (yn it Spaansk) ek wol bekend as la Mafia ("de Maffia"), la Maña ("de feardichheid" of "de minne manieren"), narcotraficantes ("drugssmokkelders"), of mei de ôfkoarting dêrfan, as narcos.
Der binne ferskate rivalisearjende drugskartels yn Meksiko, dy't elts in beskaat territoarium foar harrensels ôffrede hawwe. Der binne sawol ûnderlinge konflikten as de útsichtleaze Meksikaanske Drugsoarloch mei de plysje en it leger fan Meksiko, dy't al sûnt 2006 oan 'e gong is. De leden fan 'e Meksikaanske drugskartels geane letterlik oer liken, en ûnskuldige boargers wurde geregeldwei it slachtoffer fan harren gewelddiedige oanfallen of wraakaksjes.
List fan drugskartels yn Meksiko
bewurkje seksje- Beltrán-Leyva-kartel, foarhinne ûnderdiel fan it Sinaloa-kartel, doe ûnôfhinklik, no opheft.
- La Barredora, in drugsbinde.
- El Comando del Diablo, in hiermoardnersbinde fan La Barredora. Opheft.
- Cártel del Centro, de tûke fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Meksiko-Stêd. Opheft.
- Cártel de La Calle, in sel fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Chiapas.
- Cártel de la Sierra, in sel fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Guerrero.
- Los Chacos, in sel fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Tamaulipas. Opheft.
- La Mano con Ojos, sel fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Meksiko-Steat. Opheft.
- Los Negros, in hiermoardnersbinde. Opheft.
- La Oficinia, in sel fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Aguascalientes. Opheft
- Súdpasifysk Kartel, de tûke fan it Beltrán-Leyva-kartel yn Morelos.
- La Nueva Administración, in ôfspjalting fan it Beltrán-Leyva-kartel. Opheft.
- Unôfhinklik Kartel fan Acapulco, in ôfspjalting fan it Beltrán-Leyva-kartel.
- La Barredora, in drugsbinde.
- Golfkartel (ek wol it Matamoroskartel neamd), dat fierhinne de kust fan 'e Golf fan Meksiko behearsket. Dit is de âldste Meksikaanske kriminele organisaasje, dy't oarspronklik begûn as in dranksmokkeldersbinde yn 'e tiid fan 'e Drûchlizzing (1920-1933).
- Los Caballeros Templarios ("De Timpeliers"), ôfspjalten fan it La Familia-kartel.
- La Familia Michoacana, earder ûnderdiel fan it Golfkartel, doe ûnôfhinklik, no opheft.
- Los Zetas, earder ûnderdiel fan it Golfkartel, no ûnôfhinklik.
- Guadalajara-kartel, it earste folslein ûntwikkele Meksikaanske drugskartel, dêr't de measte hjoeddeistige kartels út fuortkomme. Opheft yn 1989.
- Juárez-kartel, soms ek it Sonoara-kartel neamd (al ferwiist dy namme eins nei in earder kartel dat yn 1989 opheft is). In ôfspjalting fan it Guadalajara-kartel dy't de sintrale grinskrite fan Meksiko en de Feriene Steaten behearsket, mei as wichtichst stipepunt de stêd Ciudad Juárez.
- Barrio Azteca, in Amerikaanske strjitbinde dy't nauwe bannen ûnderhâldt mei it Juárez-kartel.
- La Línea, in hiermoardnersbinde fan it Juárez-kartel.
- Milenio-kartel. Earst ûnderhearrich oan it Sinaloa-kartel, doe ûnôfhinklik, no opheft.
- Nije Generaasje-kartel fan Jalisco, de ûnôfhinklike restanten fan it Milenio-kartel.
- La Resistencia, ôfspjalten fan it Milenio-kartel. Opheft.
- Sinaloa-kartel, fuortkommen út it Guadalajara-kartel.
- Los Ántrax, in hiermoardnersbinde.
- Artistas Asesinos, in hiermoardnersbinde. Opheft.
- Colima-kartel. Opheft. De eardere leden foarmje no in tûke fan it Sinaloa-kartel.
- Gente Nueva, in sel fan it Sinaloa-kartel yn Chihuahua. Opheft.
- Sonoara-kartel. Opheft yn 1989. Restanten joegen har by it Sinaloa-kartel. Tsjintwurdich wurdt de namme Sonoara-kartel ek wol brûkt foar it Juárez-karel.
- Tijuana-kartel, in ôfspjalting fan it Guadalajara-kartel dy't de grinskrite fan 'e Meksikaanske steat Nederkalifornje mei de Amerikaanske steat Kalifornje behearsket.
- Oaxaca-kartel, in tûke fan it Tijuana-kartel yn Oaxaca. Opheft yn 2007, nei't de lieder arrestearre waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|