Anthony Lane
Anthony Lane (1962) is in Britske sjoernalist, dy't as filmkritikus wurket foar it Amerikaanske tydskrift The New Yorker.
Anthony Lane | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anthony Lane | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 1962 | |
berteplak | yn Ingelân | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus, publisist | |
jierren aktyf | 1989 – no | |
offisjele webside | ||
Anthony Lane by de The New Yorker |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeLane waard yn 1962 berne yn Ingelân. Hy studearre oan 'e Universiteit fan Cambridge, dêr't er û.m. ûndersyk die nei de dichter T.S. Eliot.
Karriêre
bewurkje seksjeNei't er ôfstudearre wie, wurke Lane as freelance sjoernalist en literatuerkritikus foar de Britske krante The Independent, dêr't er yn 1989 oansteld waard as plakferfangend redakteur op it mêd fan literatuer. Yn 1991 stapte er oer nei de sneinskrante The Independent on Sunday, dêr't er filmkritikus waard.
Yn 1993 waard Lane troch Tina Brown, doedestiden de haadredaktrise fan it Amerikaanske tydskrift The New Yorker, frege om foar dy publikaasje oan it wurk te gean. Hy gie op dat foarstel yn en wurke dêr yn 2023 33 jier. Foar The New Yorker skriuwt Lane resinsjes fan nij útkommen films, mar ek profilen fan ferneamde persoanen út 'e filmyndustry, lykas regisseur Alfred Hitchcock, akteur Buster Keaton en aktrise Grace Kelly.
Dêrnjonken skriuwt er ek oer literêre ûnderwerpen, lykas artikels oer James Bond-skepper Ian Fleming, it gedicht The Waste Land fan T.S. Eliot, de Toefke-strips fan Hergé en de sammele koarte fiksje fan Vladimir Nabokov en fan Evelyn Waugh. Foarbylden fan oare ûnderwerpen dêr't Lane foar The New Yorker oer gear west hat, binne de tentoanstelling The "Endurance": Shackleton's Legendary Antarctic Expedition yn it Amerikaansk Natoerhistoarysk Museum (oer de mislearre Súdpoalekspedysje fan Ernest Shackleton) en Full Moon, in kolleksje foto's fan 'e moanne, yn it Rose Center for Earth and Space.
Yn 2001 waard oan Lane de Amerikaanske National Magazine Award takend yn 'e kategory resinsje en krityk, foar trije fan syn artikels dy't yn 2000 ferskynd wiene yn The New Yorker. Dêrby gie it om in retrospektyf oer The Sound of Music, in artikel oer de foto's fan Walker Evans en in artikel oer de foto's fan 'e moanne nommen yn it ramt fan it Apolloprogramma fan 'e NASA. Yn 2002 kaam fan Lane it boek Nobody's Perfect út, in samling fan 140 fan syn resinsjes, profilen en essays. De titel is in ferwizing nei de lêste regel dialooch út 'e spylfilm Some Like It Hot, mei Marilyn Monroe, út 1959. It boek beslút mei in profyl fan Billy Wilder, de regisseur fan dy film.
Priveelibben
bewurkje seksjeLane wennet yn it Ingelske Cambridge, mei syn frou Allison Pearson, in skriuwster en kollumniste. Se hawwe in dochter, Eveline, dy't berne waard yn jannewaris 1996, en in soan, Thomas, berne yn augustus 1998.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |