Michelle Pfeiffer
Michelle Pfeiffer (Santa Ana (Kalifornje), 29 april 1958) is in Amerikaanske filmaktrise.
Michelle Pfeiffer briek troch yn Hollywood mei de musical Grease 2 (1982). In jier letter wie hja te sjen as drugsferslaafde frou fan Al Pacino yn Scarface (1983). Ein jierren '80 krige hja yn fjouwer jier tiid leafst trije oscarnominaasjes foar har rollen yn Dangerous Liaisons (1988), The Fabulous Baker Boys (1989) en Love Field (1992). Yn 1992 waard Pfeiffer tige wurdearre om har rol fan Catwoman yn Batman Returns. De jierren '80 binne de bêsten fan har karriêre west.
Ek yn de jierren '90 levere sy hieltyd ridlike films wêr't de populêre filmhit Dangerous Minds (1995) ûnder wie. Letter wie hja noch te sjen neist Harrison Ford yn What Lies Beneath (2000), mei Sean Penn yn I am Sam (2001) en neist Alison Lohman yn White Oleander (2002). Ta har bêste wurk wurde fierders rekkene de Witches of Eastwick (1987), Married to the Mob (1988), Frankie and Johnny (1991) en Martin Scorseses The Age of Innocence (1993). Yn 2007 kaam hja hielendal werom, twa kear as in min frommes yn "Hairspray", neist John Travolta en yn "Stardust" as in 5000 jier âlde hekse, dy't ivich jong winsket te bliuwen en yn "I could never be your woman". Har nijste film Chéri (nei in book fan de Frânske skriuwster Colette) is yn premiêre gien yn febrewaris 2009 op it Film Festival Berlyn.
Pfeiffer hat troud west mei Peter Horton (1981-1988) en sûnt 1993 troud mei skriuwer/produsint foar telefyzje David E. Kelly; se hawwe twa bern, Claudia Rose (1993) en John Henry (1994), adoptearre en eigen. Tuskentiids hie Pfeiffer noch in trijejierrige ferhâlding mei Fisher Stevens.
Op 6 augustus 2007 krige Michelle Pfeiffer in stjer op de ferneamde Hollywood Walk of Fame.
Filmography
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Die Glamour-Prinzessin – Portret fan Daniela Sannwald yn Der Tagesspiegel, 10 febrewaris 2009.
- Michelle Pfeiffer, The Face
- Galery
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Michelle Pfeiffer fan Wikimedia Commons. |