Grease 2 is in Amerikaanske histoaryske filmmusical en romantyske komeedzje út 1982 ûnder rezjy fan Patricia Birch, mei yn 'e haadrollen Maxwell Caulfield en Michelle Pfeiffer. De film is in ferfolch op 'e súksesfolle filmmusical Grease, út 1978, en makket as sadanich diel út 'e Grease-mediafranchise. It ferhaal folget Michael Carrington, in Ingelske ymmigrant yn 'e Feriene Steaten, dy't op 'e middelbere skoalle smoarfereale rekket op Stephanie Zinone, de stoere liedster fan 'e kammeraatskesgroep de Pink Ladies. It probleem is dat sy him net stean sjocht, wylst Johnny Nogerelli, de ûnfolwoeksen lieder fan 'e jeugdbinde de T-Birds, Stephanie as syn eigendom beskôget. Fan 'e filmkritisy krige Grease 2 oer it algemien negative resinsjes en yn 'e bioskopen kaam de film mar krekt út 'e reade sifers. Hoewol't Grease 2 neitiid in bytsje in cultfilm wurden is, mei in lytse mar tawijde groep fans, wurdt tsjintwurdich yn 'e regel ornearre dat it iennichste opmerklike oan 'e film is dat de letter ta filmstjer útgroeide Michelle Pfeiffer der har earste haadrol yn spile.

Grease 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Patricia Birch
produsint Robert Stigwood
Alan Carr
senario Ken Finkleman
kamerarezjy Frank Stanley
muzyk Louis St. Louis
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Maxwell Caulfield
Michelle Pfeiffer
byrollen Adrian Zmed
Lorna Luft
Eve Arden
Didi Conn
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 juny 1982
foarm lange filmmusical
sjenre hist. romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 114 minuten
budget en resultaten
budget $11,2 miljoen
opbringst $15,2 miljoen (Noard-Amearika)
filmsearje
filmsearje Grease
● foarich diel Grease

Yn 1961, twa jier nei de ein fan 'e foargeande film, begjint it nije skoaljier wer op 'e Rydell High School yn Súdlik Kalifornje. Under de learlingen dy't wer nei skoalle moatte, binne de leden fan 'e freondinnegroep de Pink Ladies, oanfierd troch de stoere Stephanie Zinone, en de leden fan 'e jeugdbinde de T-Birds, ûnder lieding fan 'e arrogante en ûnfolwoeksen Johnny Nogerelli. Ek is der dit jier in nije learling, de út Ingelân wei ymmigrearre Michael Carrington, in neef fan Sandy Olsson (sjoch: Grease). Hy wurdt opfongen troch Sandy har freondinne Frenchy, dy't wer nei skoalle gie is om har diploma te heljen. Noch ear't de earste lesoere begjint, hat Michael al in oanfarring mei Johnny en de T-Birds. Ek sjocht er foar it earst Stephanie, op wa't er op slach smoarfereale rekket. Frenchie besiket him te warskôgjen dat Pink Ladies inkeld mei T-Birds geane, mar al har praten is om 'e nocht.

Underwilens is der spul tusken Johnny en Stephanie, mei't Stephanie harren ferkearing yn 'e simmerfakânsje útmakke hat. Se hat nammentlik it gefoel dat se Johnny ûntgroeid is. Johnny leit him dêr net by del en besiket har earst op in foar him karakteristyk arrogante manear har plak te wizen, en as dat net wurket, leit er it oan mei har kammeraatske Paulette Rebchuck, dy't ek by de Pink Ladies heart. Foar Johnny is dat mar in manear om Stephanie jaloersk te meitsjen, mar foar Paulette, dy't al lange tiid fereale op him is, komt in dream út. Om Johnny in koekje fan eigen daai te jaan, tutet Stephanie de earste de bêste keardel dy't se sjocht. Dat is tafallich Michael, dy't net wit hoe't er it hat. Hy besiket Stephanie mei út te freegjen op in ôfspraakje, mar it docht bliken dat Stephanie hiel spesifike ideeën hat oer har Wiere Jakob, dy't cool wêze moat en in beleard motorrider. Michael is dat net en dêrom sjocht se him net stean. Michael syn konklúzje is dat er himsels feroarje moat yn 'e man fan Stephanie har dreamen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om dat te berikken moat er earst oan in motorfyts sjen te kommen. Mei't er tige yntelligint is, begjint er opstellen en oare húswurkopdrachten te skriuwen foar de T-Birds en oare klasgenoaten. Hy lit him foar syn tsjinsten goed betelje en hat al nei in pear moannen genôch jild om by in sloopbedriuw alle ûnderdielen te keapjen dêr't er ferlet fan hat om sels in motorfyts yninoar te setten. Hy leart út in boek hoe't er dat dwaan moat en hat al rillegau in motor boud. Dêrnei leit er him deropta om te learen hoe't er it ding beride moat sûnder om te fallen of derôf te kneppeljen.

By de pleatslike bowlingbaan komme de Cycle Lords, in pleatslike motorbinde, harren rivalen de T-Birds oer it mad. Ear't der slaanderij útbrekke kin, ferskynt der in ûnbekende motorrider (Michael mei in helm op en skybril foar), dy't de T-Birds rêdt en de Cycle Lords efter him oan lokket en harren te fluch ôf is. Stephanie is fuortendaliks fassinearre troch de frjemdling, dy't har wol de man fan har dreamen taliket. De jûns dêrop komt de ûnbekende motorrider by it pompstasjon dêr't Stephanie wurket en pike se tegearre út foar in romantyske rit op syn motor. Stephanie falt as in blok foar him, en de jûn einiget mei in tút. Ear't Michael lykwols syn helm en skybril ôfsette kin, arrivearje de T-Birds en de Pink Ladies en moat er it hazzepaad kieze. Hy ûnthjit Stephanie dat se inoar oankommende freedtejûn sjen sille op 'e bûnte jûn fan Rydell High. Nei't Michael him ôfjûn hat, feecht Johnny Stephanie de mantel út oer har "ferrie", mar Stephanie rint lulk fuort en de Pink Ladies kieze har kant.

Underwilens is Stephanie troch har ferealens op 'e "coole" motorrider sa ôflaat, dat se op skoalle minne sifers begjint te heljen. Michael biedt oan om har te helpen mei in opstel oer it wurk fan Shakespeare, en sy nimt syn oanbod oan. Hy blykt in stik ynteressanter te wêzen as se tocht hie. As Johnny lykwols Stephanie mei Michael mûskopjen sjocht, draait er hielendal troch en easket er dat Stephanie har lidmaatskip fan 'e Pink Ladies opseit.

Op 'e bûnte jûn wachtet Stephanie mei smert by de yngong fan 'e skoalle op har motorrider, mar krekt as dy arrivearret, komme de T-Birds der ek oan. Johnny is poerrazen en komt mei syn maten efter him oan. Michael kin Stephanie noch krekt taflústerje dat er weromkomme sil, foar't er de T-Birds fuortliede moat yn in wylde efterfolging. Dy einiget op in plak dêr't weiwurkers dwaande binne mei de oanlis fan in brêge oer in djippe kleau. De wei hâldt dêr abrupt op by de râne fan it klif. Fan Michael is gjin spoar, en de T-Birds en Stephanie, dy't harren mei de oare Pink Ladies yn 'e auto efternei kommen is, nimme oan dat de ûnbekende motorrider earne yn 'e djipte te pletter fallen is, om't de kleau perfoarst te breed is om mei de motor oerhinne te springen. Se keare werom nei de skoalle, dêr't de T-Birds de talinteshow by de jonges winne (troch harren wichtichste konkurrinten yn 'e klaaikeamer fêst te binen). De Pink Ladies winne de kompetysje by de famkes, nettsjinsteande it feit dat Stephanie sa telider slein is dat se har tekst ferjit. Johnny en Stephanie wurde útroppen ta kening en keninginne fan it skoalfeest mei in Hawaïaansk tema.

It skoaljier einiget mei dat feest, dat de oare deis holden wurdt, op sneon. Behalven Stephanie, dy't noch altyd ompakt mei de oannommen dea fan har mysterieuze frijer, hawwe alle learlingen de grutste wille, oant de Cycle Lords opdaagjen komme en op harren motors dwers troch de fersierings hinne ride om 'e boel te bedjerren. Op dat stuit ferskynt Michael, op 'e nij yn syn alter ego as de coole motorrider, dy't de sprong oer de kleau blykber dochs helle hat. Hy lokket de Cycle Lords efter him oan en springt mei syn motor oer de lingte fan it swimbad. De Cycle Lords besykje him dat trúkje nei te dwaan, mar belânje mei harren masines yn it wetter. Stephanie is alhiel feringele om har frijer wer te sjen, en as dy syn helm en skybril ôfset om himsels as Michael bekend te meitsjen, is se noch blider, mei't se no, sa't se it neamt "twa foar de priis fan ien" kriget. Johnny en de T-Birds kinne net oars as ûntsach hawwe foar de behearsking oer syn motor dy't Michael sjen lit. Hoewol't er wat skokt is oer de identiteit fan 'e motorrider, beslút Johnny oan Michael in learen jek mei it logo fan 'e T-Birds te jaan, wêrmei't er him útnûget om lid te wurden fan 'e klub. Stephanie is bliid dat se no ferkearing mei Michael krije en tagelyk in Pink Lady bliuwe kin. Sy en Michael wikselje in hertstochtlike tút út.

  1. Back to School Again (cast)
  2. Score Tonight (T-Birds, Pink Ladies en cast)
  3. Brad (cheerleadertwillingen)
  4. Cool Rider (Stephanie)
  5. Reproduction (learaar Stuart en syn learlingen)
  6. Who's That Guy? (Michael, T-Birds, Pink Ladies, Cycle Lords en cast)
  7. Do It for Our Country (Louis en Sharon)
  8. Prowlin’ (Johnny en de T-Birds)
  9. Charades (Michael)
  10. Girl for All Seasons (Sharon, Paulette, Rhonda en Stephanie)
  11. (Love Will) Turn Back the Hands of Time (Stephanie en Michael)
  12. Rock-a-Hula Luau (Summer is Coming) (cast)
  13. We'll Be Together (Michael, Stephanie, Johnny, Paulette en cast)

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Maxwell Caulfield (2010).
 
Michelle Pfeiffer.
 
Adrian Zmed (2008).
haadrollen
personaazje           akteur/aktrise
Michael Carrington Maxwell Caulfield
Stephanie Zinone Michelle Pfeiffer


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Johnny Nogerelli Adrian Zmed
Paulette Rebchuck Lorna Luft
direktrise McGee Eve Arden
Frenchy Didi Conn
Goose McKenzie Christopher McDonald
Louis DiMucci Peter Frechette
Davey Jaworski Leif Green
Sharon Cooper Maureen Teefy
Rhonda Ritter Alison Price
Dolores Rebchuck Pamela Segall
sekretaresse Blanche Hodel Dody Goodman
coach Vince Calhoun Sid Caesar
Eugene Felsnick Eddie Deezen
Leo Balmudo Dennis C. Stewart
learaar Stuart Tab Hunter
learaar Spears Dick Patterson
leararesse Yvette Mason Connie Stevens
cheerleadertwillingen Jean Sagal en Liz Sagal
Brad Matt Lattanzi
Francine Ivy Austin
Artie Andy Tennant
Willie Tom Villard
Henry Dickey Vernon Scott

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Grease 2 waard regissearre troch Patricia Birch, dy't earder as goreografe belutsen west hie by sawol de toanielmusical Grease (1971) as by de ferfilming (1978). Hja wurke foar de ferfolchfilm nei in senario fan 'e Kanadeeske komyk Ken Finkleman, mei't Bronte Woodard, de senarioskriuwer fan 'e earste film, yn 1980 ferstoarn wie. Finkleman wie yn dyselde snuorje ek dwaande mei sawol it senario as de rezjy fan 'e filmkomeedzje Airplane II.

As produsinten wiene Robert Stigwood en Alan Carr yn it projekt behelle, dy't de earste film ek produsearre hiene. Se wurken diskear allinnich foar de grutte filmstudio Paramount Pictures, mei't der gjin ûnderoannimmende filmproduksjemaatskippijen by Grease 2 belutsen wiene. Foar de film wie in budget beskikber fan $11,2 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Frank Stanley, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Louis St. Louis. De titel hie earst More Grease wurde sillen, mar úteinlings waard keazen foar Grease 2. Haadrolspiler Maxwell Caulfield wie dêr net gelokkich mei en lobbyde om 'e nocht foar de titel Son of Grease.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat Timothy Hutton de haadrol fan Michael Carrington spylje soe. Mar Maxwell Caulfield, dy't yn 1982 al in 'namme' wie op Broadway, waard as Michael cast nei't er yndruk makke hie op 'e produsinten fan Grease 2 mei syn rol yn it off-Broadway-toanielstik Entertaining Mister Sloane.

Michelle Pfeiffer hie foàr Grease 2 noch mar yn in pear films spile. Se die audysje foar de rol fan Stephanie Zinone sûnder dat se der fidúsje yn hie dat se ek mar yn 'e fierste fierte foar de rol yn oanmerking komme soe. Mar de castingdirector frege har werom om te dûnsjen en doe nochris om te sjongen, en úteinlik waard se ta har eigen ferheardens foar de rol útornearre. It wie har earste haadrol en holp om har karriêre op gong te bringen.

Regisseur Patricia Birch hie graach cameo's fan John Travolta en Olivia Newton-John, de haadrolspilers fan 'e earste film, yn Grease 2 opnommen, of oars fan Jeff Conaway en Stockard Channing, de wichtichste byrolspilers út 'e earste film. Mar dyselden fielden dêr neat foar, dat dat plan rûn op 'e non.

 
De Excelsior High School yn Norwalk (Kalifornje) gie yn 'e film troch foar de fiktive Rydell High School.

De opnamen foar Grease 2 fûnen oer in perioade fan 58 dagen plak yn 'e hjerst fan 1981. Alle sênes op 'e fiktive Rydell High School waarden filme op 'e doe resint tichtgiene Excelsior High School yn Norwalk, yn Súdlik Kalifornje.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Grease 2 waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 11 juny 1982 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn juny 1982 by platemaatskippij RSO Records.

Fan 'e filmkritisy krige Grease 2 oer it algemien negative resinsjes. Sa kwalifisearre Janet Maslin fan The New York Times de film as "tûzelsinnich en oerflakkich". Ek koe "it ferhaal neffens har net iens trochgean foar in ekskús om 'e lieten oaninoar te riuwen." Fierders moast se likemin wat hawwe fan 'e muzyk yn 'e film: "Lieten? Hokker lieten? De nûmers yn Grease 2 binne sa hopeleas sûnder substânsje dat de cast sels al oer tiidsferdriuwen as bowlen sjonge moat." Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert Grease 2 mar 2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Dizze film recyclet gewoan Grease, mar dan sûnder de stjerren, sûnder de enerzjy, sûnder de frisheid en sûnder it fet [grease]." Inkeld it aktearjen fan Michelle Pfeiffer waard troch de measte resinsinten as in ferbettering fan 'e oarspronklike film sjoen.

Barry Diller, in liedingjaande fan Paramount Pictures, joech letter ta dat Grease 2 "de earste film op gjin inkeld nivo belykje kin. It ûntbrekt [de ferfolchfilm] gewoan oan kwaliteit." Jim Jacobs, dy't yn 'e mande mei Warren Casey de toanielmusical Grease skreau (en sels net belutsen wie by de produksje fan Grease 2) omskreau de film yn 1982 as "ôfgryslik […] de hel". Yn in fraachpetear dat er 27 jier letter joech, murk er op dat it hearren fan 'e namme Grease 2 by him "noch altyd in flechtich fronseljen fan 'e wynbrauwen" feroarsake. Michelle Pfeiffer sei letter yn in ynterview dat se troch Grease 2 in weardefolle les leard hie: "om gjin ferwachtings te hawwen".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Grease 2 in leech goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 36 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] sit ûntsjinstriidber fol mei lieten dy't net ûnaardich binne en mei goed goreografearre dûnssênes, mar je kinne der net omhinne dat it in skamteleas op 'e nij oereidzjen is fan [it ferhaal fan] syn folle fermaaklikere foargonger." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Grease 2 in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 11 resinsjes.

Grease 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $15,2 miljoen op. Mei't ûnbekend is hoefolle de film yn oare lannen en territoaria yn 't laadsje brocht, kin net fêststeld wurde wat de úteinlike opbringst wie. As men inkeld útgiet fan 'e opbringst yn Noard-Amearika, bliuwt der, ôfset tsjin it budget fan $11,2 miljoen, in winst fan $4,0 miljoen oer. Mar dêr moatte de marketingkosten noch ôf, en it is dêrom mar de fraach oft Grease 2 wol út 'e reade sifers kaam. De film ûnderfûn yn 'e Amerikaanske bioskopen frijwat konkurrinsje fan grutte films dy't tagelyk draaiden, wêrûnder de science fiction-films E.T.: The Extra-Terrestrial en Star Trek II: The Wrath of Khan, de sportfilm Rocky III en de horrorfilm Poltergeist.

Michelle Pfeiffer waard foar har rol as Stephanie Zinone nominearre foar in Young Artist Award yn 'e kategory bêste jonge filmaktrise.

Skraste ferfolchfilms

bewurkje seksje

It hie eins de bedoeling west dat Grease 2 de earste fan trije ferfolchfilms op it oarspronklike Grease wurde soe, mar doe't de film it yn 'e bioskopen sa min die, waarden de trêde en de fjirde film skrast.

Remake en toanieladaptaasje

bewurkje seksje

Grease 2 waard yn 2014 adaptearre ta in toaniemusical ûnder de titel Cool Rider. Yn 1987 waard der in Kanareesktalige remake fan Grease 2 makke, mei yn 'e haadrollen Ravichandran en Juhi Chawla. Yn Yndia groeide dy film út ta in reuseftige kaskreaker.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.