Atabaskamar
De Atabaskamar (Ingelsk: Lake Athabasca; Frânsk: Lac Athabasca), is in grut binnenwetter yn it noardlike diel fan it Noardamerikaanske kontinint. It leit op 'e grins fan 'e Kanadeeske provinsjes Saskatchewan en Alberta, yn 'e noardwesthoeke fan Saskatchewan en yn 'e noardeasthoeke fan Alberta. It is fierwei de grutste mar yn dy beide provinsjes. De namme komt fan 'e oantsjutting dy't de mar hat yn 'e taal fan 'e Wâld-Kry (Woods Cree): Aðapaskāw, "dêr't planten yn in rige steane".
Atabaskamar | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | noarden fan Noard-Amearika | |
lân | Kanada | |
provinsje | Alberta | |
koördinaten | 59°16′N 109°27′W | |
sifers | ||
maks. lingte | 283 km | |
maks. breedte | 50 km | |
oerflak | 7.850 km² | |
djipste punt | 124 m | |
wetterfolume | 204 km³ | |
kaart | ||
Lokaasje yn Kanada.
|
De Atabaskamar hat in oerflak fan 7.850 km², mei it djipste punt op 124 m ûnder it wetteroerflak. De mar hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen rûchwei nei it westen en easten wize. Op it langste punt mjit it wetter 283 km en op it breedste punt 50 km. De Atabaskamar wetteret ôf nei it noarden ta, fia de rivieren de Slave en de Mackenzie, wêrfan't de lêste úteinlik útmûnet yn 'e Noardlike Iissee.
Oan 'e súdkust fan 'e mar lizze de Sândunen fan de Atabaskamar, it grutste aktive sânferstowingsgebiet fan 'e wrâld benoarden de 58ste parallel. Oan 'e noardkant waard foarhinne mynbou bedreaun nei goud en uranium, sadat dêr foar de mynwurkers en harren gesinnen de delsetting Uranium City ûntstie. De lêste myn gie yn 'e 1980-er jierren ticht, mar troch de mynbou is de noardkust fan 'e Atabaskamar slim fermoarge rekke.
-
foarm fan 'e Atabaskamar
-
satellytfoto
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |