Sierra Nevada (Feriene Steaten)

De Sierra Nevada (Spaansk foar "Snieïge Bergen") is in berchtme yn it westen fan 'e Feriene Steaten, dat foar it grutste part binnen de grinzen fan 'e steat Kalifornje leit, mei in lytse útrinder, it Carsonberchtme, yn it uterste westen fan Nevada. Dit berchtme is likernôch 650 km lang fan noardnoardwest nei súdsúdeast en op it breedste punt sa'n 110 km breed. It foarmet de skieding tusken de Sintrale Delling fan Kalifornje yn it westen en de Grutte Dobbe yn it easten, en omfiemet û.m. de Tahoemar, de grutste berchmar fan Noard-Amearika, en de pittoreske Yosemite-delling. It heechste punt is de Mount Whitney, mei in hichte fan 4.421 m.

Sierra Nevada
  berchtme
De Yosemite-delling, yn it Nasjonaal Park Yosemite.
De Yosemite-delling, yn it Nasjonaal Park Yosemite.
geografy
regio it Amerikaanske Súdwesten
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
Nevada
sifers
oerflak 63.100 km²
lingte 640 km
heechste punt Mount Whitney
hichte 4.421 m
geology
yndieling heechberchtme
âldens 66 – 115 miljoen jr
stiensoarte fulkanysk stiente
kaart
Sierra Nevada (Feriene Steaten)
Sierra Nevada
Lokaasje yn 'e Feriene Steaten
De lokaasje fan 'e Sierra Nevada yn Kalifornje.

De Sierra Nevada wurdt karakterisearre troch syn granytstiente, dat mear as 100 miljoen jier lyn by geologyske prosessen djip ûnder de grûn foarme is. It berchtme sels ûntstie sa'n 4 miljoen jier lyn, doe't it troch de beweging fan 'e tektoanyske platen fan 'e ierdkoarst omheech staat waard. Neitiid waard it granyt bleatlein troch eroazje dy't feroarsake waard troch de bewegings fan gletsjers, sadat de ljochtkleure bergen en kliffen ta wêzen kamen dy't hjoed de dei de Sierra Nevada opmeitsje.

Archeologyske fynsten bewize dat der yn 'e Sierra Nevada al teminsten fan 3.000 f.Kr. ôf bewenning troch lânseigen groepen foarkaam. Yn 'e histoaryske perioade waard it gebiet bewenne troch de Noardlike Pajût oan 'e eastkant, de Mono en Miwok oan 'e westkant en de Kawaiïsû en Tûbatûlabal yn it suden. Ferskate yntertribale hannelsrûtes rûnen troch de bergen. Yn 'e njoggentjinde iuw foarme it westlike foarlân fan 'e Sierra Nevada fan 1848 oant 1855 it toaniel fan 'e Kalifornyske Goudkoarts, wêrby't it gebiet oerstreamd waard troch likernôch 300.000 goudsikers, dy't de oarspronklike bewenners suver útrûgen om har lân yn besit te krijen. It berchtme sels wie lykwols lange tiid ûnferkend, om't it sa dreech tagonklik wie. Pas yn 1912 waard it lêste stikje fan 'e Sierra Nevada yn kaart brocht. Sûnt hawwe ferskate dielen fan it berchtme de status fan nasjonaal park krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.