North Bend (Washington)
North Bend is in plak (city) yn King County yn de Amerikaanske steat Washington. It plak leit oan Interstate 90 en leit 48 km beëasten fan Seattle. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 5731 en yn 2012 neffens in rûzing hie it 6030 ynwenners. It plak waard ferneamd om de tillefyzje searje Twin Peaks, wat ek yn it flakby lizzende Snoqualmie. North Bend is ek it thús fan 'North Bend Nintendo', it haadsintrum yn Noard-Amearika fan produksje en distribúsje fan spulkompjûter fabrikant Nintendo.
North Bend | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | King County | |
Boargemaster | Kenneth G. Hearing | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5731 (2010) | |
Oerflak | 11,16 km² | |
Befolkingsticht. | 518,2 / km² | |
Stêdekloft | 3.500.026 | |
Hichte | 134 m | |
Oar | ||
Stifting | 1889 | |
Postkoade | 98045 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
northbendwa.gov |
Skiednis
bewurkje seksjeDe yndianen fan de Snokwalmy stam wennen yn de Snoqualmie Delling. Under harren haad Patkanim hja fochten oan de kant fan it Amerikaanske leger yn de Slach by Seattle yn 1856. Mei it Ferdrach fan Point Elliott waard oerienkommen dat blanken lân keapje mochten op betingst foar in reservaat foar de yndianen yn Tulalip. De earste blanke yn de delling wie Samuel Armstrong dy op ûntdekkingsreis troch de omkriten wie. Yn kriichstiid soldaten ûnder lieding fan majoor J.H.H. Van Brokkelen ûntdutsen de delling en bouden forten en hutten foar harren sels. De earste permaninte bewenner wie Jeremiah Borst dy't yn 1858 kaam.[1] Matts Peterson wie de earste dy't hûs en hier boude op it plak wêr't no North Bend leit, mar hat it oan Borst ferkocht om't hy djip yn de skulden siet. [2]Borst skreau nei Will Taylor, dy't nei Kalifornje given wie en wurkje yn de minen, en bied it stee fan Peterson oan op betingst foar wurk. Taylor kaam wer tebek en waard tûk yn 't buorkjen en iepene in hannelspost en kocht mear lán oan. Yn 1889 kaam it spoar troch de delling by it plak lâns en Taylor ûntwurp in stêdsplattegrûn op part fan syn lân en neam it 'Snoqualmie Prairie Acres. Doe't Taylor op reis wie nei Kalifornia in plak fierderop naam de namme 'Snoqualmie Falls' oan. Om betizing te foarkommen it spoarbedriuw feroare de namme fan Taylor's plak yn 'Mountain View'. It postbedriuw wie tsjin dizze namme, dus waard de namme feroare ta 'North Bend' nei it stee fan it plak by de noardlike knik yn de súdtakke fan de rivier de Snoqualmie. Yn 1889 kaam de earste trein en it brocht mear bewenners en toeristen. Yn 1892 hie it plak in salon, hotel, bank en stikmannich winkeltsjes. Op 12 maart 1909 waard North Bend offisjeel in stêd. [3]
Hjoed de dei
bewurkje seksjeNorth Bend leit yn it hegere part fan de Snoqualmie Delling. Benoarden it plak stiet de berch Mount Si, dy't oer it plak sjocht. Der is in kuierpaad nei de top fan de berch. Besuden it plak is de 'Rattlesnake Ridge' in berchrige. It tichtste by lizzende plak is Snoqualmie, sa'n 5 km noardwestlik. Beide plakken lizze oan it projekt Mountains to Sound Greenway. [4] It plak leit oan de Interstate 90. It plak is sûnt de sluting fan de Weyerhaeuse seachmûne in sliepstêd fan Seattle en Bellevue. De hûsprizen hawwe tusken 1997 en 2006 mear as ferdûbele. It klimaat is myld. Warme simmers om ende by 25´ C en winters sa'n 5´ C. It trochsneed delfal is 1501 mm. Der wennen neffens de folkstelling fan 2010 90,7% blanken, 0,5% swarten, 0,9% yndianen, 1,6 % Aziaten, 0,1% Pasifyske Eilanners, 2,5% fan oare rassen en 3,6% fan mingde rassen. It trochsneed hûshâldynkommen wie $61.534.
Demografy
bewurkje seksjeNeffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie North Bend yn 2014 in befolking fan 6.578 minsken. De befolkingstichtens bedroech 518,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan North Bend 9,4% âlder as 65 jier en 26,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 33,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 4,7% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 84,3% blanken; 6,4% Latino's; 1,6% Aziaten; 0,9% Yndianen; 0,5% swarten; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 6,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Stoarn yn North Bend
bewurkje seksje- George Gaynes (1917-2016), akteur en sjonger
Klimaat
bewurkje seksjeNorth Bend hat in Mediterraan klimaat, mei waarme simmers en mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 25 °C, en yn desimber en jannewaris, de kâldste moannen, is dat 7 °C. It warmterekôr stiet op 41 °C, en datearret fan 2009. North Bend kriget jiers trochinoar 1.501 mm delslach.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Offisjel webside North Bend
- Live North Bend Waar
- Snoqualmie Delling Keamer fan Keaphannel
- North Bend Bibleteek
- Snoqualmie Valley Historical Museum
- North Bend Theater - (Art Deco) built 1941, restaurearre 1999
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|