Jûkatan (skiereilân)

Jûkatan (Spaansk: Yucatán) of it Jûkatanskiereilân (Spaansk: Península de Yucatán), soms oantsjut as de Jûkatan, is in reuseftich skiereilân yn it súdeasten fan Meksiko. It byhearrende eigenskipswurd is Jûkateeksk, en de bewenners fan it gebiet binne Jûkateken. It Jûkateeksk is ek ien fan 'e Mayaanske talen. Jûkatan moat net betize wurde mei de Meksikaanske steat Jûkatan, dy't mar in diel fan it skiereilân omfettet. It Jûkatanskiereilân beslacht in oerflak fan krapoan 142.000 km², mei in ûndergrûn dy't frijwol hielendal út kalkstien bestiet, en hat in befolking fan 4,5 miljoen minsken. It gebiet makke yn 'e prekolumbiaanske tiid diel út fan 'e Maya-beskaving. Tsjintwurdich stiet it benammen bekend om it mondêne baaiplak Cancún en om 'e ruïnes fan âlde Maya-stêden, lykas Chichén Itzá.

Jûkatan
Yucatán
polityk
soarte gebiet skiereilân
lân Meksiko
steat Campeche, Jûkatan,
   Quintana Roo
haadplak Mérida
sifers
ynwennertal 4.499.000 (2015)
oerflak 141.736 km²
befolkingstichtens 31,7 / km²
oar
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5

De etymology fan it toponym 'Jûkatan', of yn it Spaansk Yucatán, is noch altyd ûnderwerp fan diskusje. De Spaanske conquistador Hernán Cortés skreau yn 'e earste fan syn brieven oan syn opdrachtjouwer Karel V, de doetiidske kening fan Kastylje en Aragon, dat de nammejouwing fuortkaam út in misferstân. Neffens him soene de ierste Spaanske ûntdekkingsreizgers dy't it skiereilân oandiene de pleatslike Maya-befolking frege hawwe hoe't harren lân hiet. It antwurd, "Yucatan," soe in Jûkateeksk wurd west hawwe dat betsjutte: "Ik begryp net wat jo sizze." Oare boarnen wolle hawwe dat Yucatán in ferbastering is fan it Azteekske wurd Yocatlān, dat "plak fan rykdom" betsjutte soe.

 
In satellytfoto fan Jûkatan en omlizzende gebieten.

Jûkatan leit yn it súdeasten fan Meksiko en heart ta Midden-Amearika. It leit ntl. eastlik fan 'e Lâningte fan Tehuantepec, dy't de skieding foarmet tusken Midden-Amearika en de rest fan Noard-Amearika. It skiereilân stiket rjocht nei it noarden ta út fan it fêstelân fan Midden-Amearika, en skiedt dêrmei, yn 'e mande mei it eilân Kuba, de Karibyske See yn it easten fan 'e Golf fan Meksiko yn it westen. De relatyf smelle seestrjitte tusken de noardeastlike punt fan Jûkatan en de westpunt fan Kuba hjit it Jûkatankanaal.

Jûkatan bestiet steatkundich út trije Meksikaanske steaten: Jûkatan oan 'e noardkust, Campeche oan 'e westkust en Quintana Roo oan 'e eastkust. Mei-inoar hawwe dy gebieten in oerflak fan 141.736 km². Soms wurde ek it Gûatemalteekske departemint El Petén en it noarden fan Belize ta Jûkatan rekkene. It oerflak fan it skiereilân soe dêrmei útkomme op rûchwei 180.000 km².

 
De El Castillo-piramide, oftewol de Timpel fan Kukulkan, yn Chichén Itzá.

De ûndergrûn fan suver it hiele skiereilân bestiet út kalkstien. Alle rivieren streame der ûnder de grûn, troch grotten dy't troch eroazje yn 'e kalkstien útsliten binne. Der binne yn it gebiet ek in protte sinkgatten te finen, dy't krektlyk troch rein yn 'e kalkstien útsliten binne; sokke sinkgatten wurde yn Spaansk cenotes neamd. In protte fan 'e cenotes, dy't foar de befolking as saden fungearje, steane ûndergrûnsk mei-inoar en mei rivieren yn ferbining. In grut part fan Jûkatan (benammen de súdlike grinsgebieten) wurdt noch altyd oerdutsen troch it grutste ûnoantaaste tropysk reinwâld fan Midden-Amearika.

Jûkatan wie 66 miljoen jier lyn it toaniel fan 'e ynslach fan in asteroïde mei in diameter fan 10 oant 15 km, dy't foar de noardkust fan it skiereilân, by it stedsje Chicxulub de reuseftige Chicxulub-krater kreëarre. Neffens de Alvarez-hypoteze soe dat de asteroïde-ynslach west hawwe dy't it massaal útstjerren fan 'e dinosauriërs feroarsake op 'e grins fan it Kryt en it Paleogeen.

 
De Maya-ruïnes fan Uxmal.

Yn 'e prekolumbiaanske tiid fan Meso-Amearika omfieme Jûkatan in oansjenlik diel fan 'e Maya-beskaving fan 'e Maya-Yndianen. Dat wie in heechsteande beskaving dy't bekendstiet om syn heechûntwikkele kennis fan wiskunde en astronomy, syn keunst en arsjitektuer, en in eigen hieroglifysk skrift. Ferskate ferneamde Maya-ruïnes lizze op it skiereilân, wêrûnder dy fan Chichén Itzá, Tulum en Uxmal.

De Spaanske conquistadores besochten Jûkatan foar it earst yn 1527 te feroverjen. Francisco de Montejo krige dêrfoar in offisjele opdracht fan Karel V, mar syn earste ekspedysje rûn op in mislearring út. Yn 1531 kearde er werom en fêstige in basis op 'e kust fan Campeche, wêrnei't er syn soan Francisco de Montejo y León útstjoerde om 'e oerweldiging fan it binnenlân te foltôgjen. Montejo de Jongere wist de freedsume lânseigen befolking lykwols sa tsjin him yn it harnas te jeien, dat er yn 1535 mei alle oare Spanjerts fan it skiereilân ferdreaun waard.

 
Mérida, de haadstêd fan 'e steat Jûkatan.

Yn 1540 kearde Montejo de Jongere werom, en nei't er in grut leger gearstald hie út pleatslike Yndianen dy't ûnder befel fan Spaanske ofsieren steld waarden, wist er Jûkatan foargoed te feroverjen. De definitive nederlaach foar it lânseigen ferset yn it noarden fan it skiereilân kaam yn 1542, doe't by Mérida de Maya-krigers fan halach uinik ("kening") Nachi Cocom ferslein waarden. Dêrnei stelde Montejo de Aldere syn omkesizzer, dy't ek al Francisco de Montejo hiet, oan it haad fan in Spaanske troepemacht dy't yn 1543 de eastkust fan Jûkatan 'pasifisearre'.

Jûkatan kaam doe ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje te hearren. De Spanjerts fierden in polityk fan ûngelikensens en diskriminaasje yn foar de lânseigen Maya-befolking. Yn novimber 1761 late dat ta in wapene opstân fan 'e Maya's ûnder lieding fan Jacinto Canek. Dy saneamde Canek-opstân waard troch it koloniale bestjoer gaueftich delslein, en de opstannelingen waarden finzennommen, berjochte en dêrnei deamartele by wize fan foarbyld foar de rest fan 'e befolking.

 
De flagge fan 'e Republyk Jûkatan (1841-1848) is noch altyd in sterk, sij it ûnoffisjeel symboal foar de identiteit fan 'e Jûkatan-regio.

Nei de Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waard Nij-Spanje yn 1821 ûnder de namme Meksiko in ûnôfhinklik lân, dêr't ek Jûkatan by kaam te hearren. Yn 1840 stjoerde de steat Jûkatan, dy't doedestiden it hiele skiereilân besloech, in ultimatum nei it sintrale regear fan Meksiko wêrby't easke waard dat de opskoarre Meksikaanske Grûnwet fan 1824 wer fan krêft wurde moast. Doe't it sintrale regear oan dy eask gjin gehoar joech, rôp Jûkatan op 1 oktober 1841 de ûnôfhinklikheid út as de Republyk Jûkatan. Yn 1846 fierde presidint José Mariano Salas de Grûnwet fan 1824 wer yn, wêrnei't Jûkatan yn 1848 wer opgie yn Meksiko.

Yn 1858 waard it distrikt Campeche fan 'e steat Jûkatan ôfspjalten, en yn 1863 waard it as de 25e steat yn 'e Meksikaanske Uny opnommen. Yn 1902 folge de ôfspjalting fan Quintana Roo fan 'e steat Jûkatan; dat gebiet waard yn 1974 de 30e steat fan Meksiko. Yn 'e tuskenlizzende 72 jier wie it in federaal territoarium dat streekrjocht út Meksiko-Stêd wei bestjoerd waard.

 
It baaiplak Cancún.

Histoarysk sjoen waard op it Jûkatanskiereilân sûnt de Spaanske ferovering yn 'e sechstjinde iuw benammen oan feehâlderij fan fleiskij dien, en fierders oan boskbou en de bou fan chicle (in natuerlike grûnstof foar de produksje fan kaugom) en henequen (in soarte agave). Yn 'e 1970-er jierren kaam oan dy lânbou fierhinne in ein doe't der syntetyske materialen beskikber kamen dy't sawol chicle as henequen ferfongen.

Lokkigernôch foar Jûkatan wie dat krekt ek de tiid dat it massatoerisme opkaam. Hjoed de dei draait de Jûkateekske ekonomy fierhinne op it toerisme, benammen foar wat de steat Quintana Roo oangiet. It dêr leine Cancún is útgroeid fan in lyts fiskersdoarpke ta in mondên baaiplak dêr't elts jier tsientûzenen toeristen út benammen de Feriene Steaten ferwolkomme wurde. De kustline tusken Cancún en Tulum, dêr't alle hotels mei-inoar mear as 50.000 bêden telle, stiet no bekend as de Maya-Riviêra.

Behalven sinnebaaien op it strân en útgean yn 'e pleatslike nachtklubs kinne de toeristen dêrwei ek tripkes meitsje nei de Maya-ruïnes fan Tulum, Cobá, Xcaret en Xel-Há. De meast ferneamde ruïnestêd op it Jûkatanskiereilân is Chichén Itzá, yn 'e steat Jûkatan, dêr't jiers mear as 2,5 miljoen toeristen op ôfkomme.

 
In Maya-húshâlding yn Campeche.

As men it Jûkatanskiereilân beskôget as de trije Meksikaanske steaten Campeche, Jûkatan en Quintana Roo, sa't almeast dien wurdt, hie it gebiet yn 2015 in befolking fan 4.499.000 minsken. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 31,7 minsken de km². De befolking fan Jûkatan bestiet út blanke Meksikanen, mestizen en Maya-Yndianen. Dy lêste beide groepen foarmje tegearre in romme mearderheid. De Maya's binne ferdield yn ferskate folken mei elts har eigen taal. De measten fan harren binne etnyske Jûkateken, mar yn it suden fan it skiereilân libje ek Tsjol (Chol), Tzeltal (Tzeltal), Kanchobal (Q’anjob’al) en oaren. It Jûkateeksk is op it skiereilân foar sa'n 800.000 minsken (of 17,8% fan 'e befolking) de memmetaal. It Spaansk sa't dat op it Jûkatanskiereilân sprutsen wurdt, befettet in protte lienwurden út it Jûkateeksk, lykas purux ("fet", "grou"), tuch ("nâle") en wixar ("pisje").

Jûkatan hat in tropysk klimaat sûnder folle ferskil yn temperatuer wat de jiertiden oangiet, mar mei in hege luchtfochtichheidsgraad. Der is in protte rein yn alle jiertiden, mei in hichtepunt yn oktober. Krekt as it meastepart fan it Karibysk Gebiet leit Jûkatan yn 'e saneamde Atlantyske Orkaangurdle, it gebiet dat tusken begjin juny en ein novimber bleatstiet oan orkanen dy't fan 'e Atlantyske Oseaan ôf komme. Troch syn flakke lânskip is it skiereilân by útstek kwetsber foar sokke waarferskynsels, dy't der ornaris fan east nei west oerhinne raze. Dêrnjonken kinne swiere stoarmen dy't har ûntwikkelje boppe de iepen see fan 'e Golf fan Meksiko, en dy't dêrom op it skiereilân nortes ("noarders") neamd wurde, Jûkatan yn eltse tiid fan it jier oerfalle. Dy bringe swiere rein en hurde wyn, mar binne oer it algemien nei in oere wer fuort.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.