Chichén Itzá
Chichén Itzá (Spaanske útspr.: [ʧiˈʧɛn itˈθa], likernôch: "tsjy-tsjen yt-za; Jûkateeksk: [ʧiˈʧ’en iˈʦaʔ], likernôch: "tsjy-tsjen y-tsa") wie in grutte prekolumbiaanske stêd op it Jûkatanskiereilân, dy't diel útmakke fan 'e Maya-beskaving fan Meso-Amearika. De stêd waard bewenne yn it Let Klassike Tiidrek (600-800), it Terminaal Klassike Tiidrek (800-900) en it Ier Postklassike Tiidrek (900-1200). De ruïnes fan Chichén Itzá waarden yn 1532 ûntdutsen troch de Spaanske conquistadores. Se lizze tsjintwurdich yn 'e Meksikaanske steat Jûkatan en foarmje ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan it lân, mei yn 2017 mear as 2,6 miljoen besikers.
Chichén Itzá | ||
In loftfoto fan Chichén Itzá. | ||
lokaasje | ||
lân | Meksiko | |
steat | Jûkatan | |
gemeente | Tinum | |
koördinaten | 20°40′59″ N 88°34′07″ W | |
hichte | 27 m | |
bysûnderheden | ||
type plak | stêd (ruïne) | |
oerflak | >5 km² | |
skiednis | ||
materiaal | natuerstien | |
stifte | ±600 | |
ferlitten | 13e iuw | |
tiidrek | Let Klassyk oant Ier Postklassyk | |
kultuer | Maya-beskaving | |
archeology | ||
ûntdutsen | 1532 | |
ûntdekker | Francisco de Montejo y León | |
eigendom | oerheid fan Meksiko | |
behear | INAH | |
tagonklikheid | publyk | |
mon. status | Wrâlderfgoed (1988) | |
monumintnû. | UNESCO-folchnû. 483 | |
offisjele webside | ||
whc.unesco.org/en/list/483 | ||
lânkaart | ||
De lokaasje fan Chichén Itzá yn Meso-Amearika.
|
Namme
bewurkje seksjeAs toponym is 'Chichén Itzá' in Spaanske ferbastering fan 'e namme Chich’en Itza’, dy't út it Jûkateeksk komt, dat ien fan 'e Mayaanske talen is. It betsjut "by de mûle fan 'e saad fan 'e Itza", fan chi’, "mûle" of "râne", en ch’en of ch’e’en, "saad". Itza’ is de namme fan in Maya-skaai dat in protte politike en ekonomyske macht wûn yn it noardlike diel fan it Jûkatanskiereilân. In mooglik etymology fan Itza’ is "bestjoender (of betsjoening) fan wetter", fan its, "tsjoender" en ha, "wetter". De Spaanske namme mei de beide skerptekens wurdt almeast oanholden, om't dat yn Meksiko de offisjele namme is, en boppedat de klam op 'e beide lêste wurdlidden oanjout.
Lokaasje
bewurkje seksjeChichén Itzá leit yn 'e gemeente Tinum, yn it eastlike part fan 'e Meksikaanske steat Jûkatan, yn it noarden fan it grutte skiereilân mei deselde namme. De ûndergrûn fan it noardlike Jûkatanskiereilân bestiet út karst, en de rivieren rinne der yn it binnenlân allegear ûnder de grûn. Der binne yn 'e neite fan 'e Chichén Itzá fjouwer grutte sinkgatten, dêr't it reinwetter de kalkstien fuortsliten hat om in djip gat fol mei wetter te skeppen. Dêrút koe de stêd it hiele jier rûn mear as genôch drinkwetter helje. Sokke sinkgatten wurde yn Midden-Amearika cenotes neamd. Ien fan 'e fjouwer, de Cenote Sagrado (Spaansk foar "Hillige Cenote") is it meast ferneamd.
Skiednis
bewurkje seksjeOpkomst en ûndergong
bewurkje seksjeChichén Itzá waard nei alle gedachten oan it begjin fan it Let Klassike Tiidrek stifte, om it jier 600 hinne. Tsjin it begjin fan it Terminaal Klassike Tiidrek, om 800 hinne, ûntjoech de stêd him ta in wichtich regionaal sintrum, dat de noardlike leechlannen fan 'e Maya's op sawol polityk, kultureel as ekonomysk mêd begûn te oerhearskjen. Geandewei de tsiende iuw wreide Chichén Itzá syn macht fierder út oer de hiele noardkust fan it skiereilân, mar ek by de westlike en eastlike kusten lâns nei it suden ta.
Dy opkomst fan Chichén Itzá falt gear mei it ferfal en de fragmintaasje fan 'e wichtige sintra yn 'e súdlike leechlannen, dy't bekendstiet as de ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving. Mear nei it noarden ta rekke it yn dyselde tiid ek yn it negean mei twa buorstêden fan Chichén Itzá, te witten: Yaxuna, oan 'e súdkant, en Coba, oan 'e eastkant. Dy beide stêden hiene in bûnsgenoatskip, wêrby't Coba de sterkere partner wie en Yaxuna mooglik in fazalsteat. Op in stuit yn 'e tsiende iuw ferlear Coba in oansjenlik diel fan syn grûngebiet oan Chichén Itzá, sadat Yaxuna isolearre rekke. It tinken is dat Chichén Itzá direkt feranwurdlik wie foar de delgong fan 'e beide stêden.
Neffens guon Maya-boarnen út 'e Koloniale Tiid (bgl. it Boek fan Chilam Balam) waard Chichén Itzá yn 'e trettjinde iuw ferovere troch Hunac Ceel, de kening fan Mayapán. Hoewol't der argeologysk bewiis fûn is dat Chichén Itzá yndie in kear ferovere en plondere waard, liket it ûnwierskynlik dat Mayapán dêrfoar ferantwurdlik wie, alteast net doe't Chichén Itzá noch in funksjonearjende stêd wie. Argeologyske gegevens wize derop dat it mei Chichén Itzá as regionaal sintrum al tsjin 1100 yn it neigean rekke, wat rom foàr de opkomst fan Mayapán wie. Saakkundigen hoopje dat oangeand argeologysk ûndersyk yn 'e ruïnes fan Mayapán mear ljocht op dit gronologysk riedsel smite kin.
It tinken is dat Chichén Itzá tsjin 'e ein fan it Ier Postklassike Tiidrek, om 1200, ophold te funksjonearjen as stêd, nei't de hegerein derwei tein wie. It is lykwols mooglik dat it plak net folslein ferlitten rekke. Doe't de Spanjerts der yn 'e iere sechstjinde iuw arrivearren, troffen se in wolfarrende pleatslike befolking fan lânbouwers oan, hoewol't út Spaanske boarnen net dúdlik wurdt oft dy yn 'e eigentlike gebouwen fan 'e âlde stêd wennen of yn doarpkes dêromhinne. De relatyf hege befolkingstichtens fan it gebiet spile mei by it beslút fan 'e Spanjerts om der in haadstêd te fêstigjen. Neffens sawol Spaanske as Mayaanske boarnen út it Koloniale Tiidrek wie de Cenote Sagrado doe en letter in beafeartsoard foar de Maya's.
Spaanske Tiid
bewurkje seksjeYn 1526 tsjinne de Spaanske conquistador Francisco de Montejo, in feteraan fan 'e Ekspedysje fan Hernán Cortés nei it Azteekske Ryk, in petysje by it Spaanske Keninklik Hôf yn om tastimming te krijen foar de ferovering fan it Jûkatanskiereilân. Nei't him dy tastimming yndie taparte wie, sette er yn 1527 útein mei syn earste ekspedysje nei dat gebiet. Hy trochkrúste it skiereilân, mar ferlear it meastepart fan syn mannen oan sykte en ûntbearings ear't er in lyts fort boude te Xaman Ha’, súdlik fan wêr't no it mondêne baaiplak Cancún leit. Yn 1531 kearde er mei fersterkings werom nei it skiereilân en fêstige er in basis te Campeche, oan 'e westkust.
Ein 1532 stjoerde Montejo syn soan, Francisco de Montejo y León, om it binnenlân fan it Jûkatanskiereilân fan it noarden út te feroverjen. It doel fan dy ekspedysje wie fan it begjin ôf oan om Chichén Itzá it berikken en dêr in haadstêd te stiftsjen. Montejo y León arrivearre úteinlik te Chichén Itzá, dat er omneamde ta Ciudad Real (Spaansk foar "Keninklike Stêd"). Hy en syn mannen metten yn 't earstoan gjin ferset fan 'e befolking, mar doe't er it lân om 'e ruïnestêd hinne ûnder syn mannen begûn te ferpartsjen, waarden de Maya's begryplikerwize geandewei fijanniger. Uteinlik belegeren se de Spanjerts, wêrby't se de befoarriedingsline nei de kust ta ôfsniene. Montejo y León en syn mannen waarden twongen om 'e ruïnes te barrikadearjen ta in soarte fan provisoarysk fort. Op in stuit prebearre er de striid te forsearjen mei in bestoarming fan 'e fijân, dy't útrûn op in spektakulêre nederlaach wêrby't er 150 fan syn oerbleaune mannen ferlear. Yn 1534 moasten hy en de restanten fan syn ekspedysje Chichén Itzá ûnder de skûle fan it tsjuster slûksturtsjend ûntflechtsje. Tsjin 1535 wiene alle Spanjerts fan it Jûkatanskiereilân ferdreaun.
Meitiid kearden de Montejo's lykwols werom, en troch Maya's út Campeche en Champoton te rekrutearjen foarmen se in grut Yndiaansk leger dat oanfierd waard troch Spaanske ofsieren. Dêrmei feroveren se it hiele skiereilân. De Spaanske Kroan joech neitiid in lângoed wei dat Chichén Itzá omfieme, en tsjin 1588 makken de ruïnes diel út fan in reuseftige hacienda of feepleats.
Moderne skiednis
bewurkje seksjeChichén Itzá krige yn 1843 bekendheid yn 'e Westerske wrâld, doe't it boek Incidents of Travel in Yucatan ferskynde, fan 'e hân fan 'e Amerikaanske ûntdekkingsreizger John Lloyd Stephens, mei yllustraasjes fan Frederick Catherwood. It wie in reisferhaal wêryn't Stephens syn besyk oan it Jûkatanskiereilân en syn rûnreis by de Maya-ruïnes dêre beskreau. It boek joech oanlieding ta nije ferkennings fan Chichén Itzá. Sa reizge yn 1860 de Frânsman Désiré Charnay derhinne en lei de stêd op in grut tal foto's fêst, dy't er yn 1863 publisearre yn syn boek Cités et Ruines Américaines.
Yn 1875 brochten Augustus Le Plongeon en syn frou Alice Dixon Le Plongeon in besyk oan Chichén Itzá , dêr't se in byld opdobben fan in minsklik figuer dat mei de rêch omleech rêste op syn knibbels en syn earms, wylst der in board op syn búk stie. Le Plongeon neamde it 'chaacmol' (letter ferbettere ta 'chac mool', wat tenei in term waard dy't foar alle soartgelikense bylden út Meso-Amearika brûkt waard). Yn 'e 1880-er jierren diene Teobert Maler en Alfred Maudslay ûndersyk yn Chichén Itzá; beiden ferbleaune se (los faninoar) ferskate wiken yn 'e ruïnestêd, dêr't se in protte foto's namen. It wie Maudslay, dy't yn yn boek Biologia Centrali-Americana de earste langere beskriuwing fan Chichén Itzá publisearre.
Yn 1894 kocht de konsul fan 'e Feriene Steaten op it Jûkatanskiereilân, Edward Herbert Thompson, de Hacienda Chichén oan, de hacienda dêr't de ruïnes ta hearden. Dêrnei died er tritich jier lang ûndersyk yn Chichén Itzá, wêrby't er û.m. de ierste hieroglifen ûntdiek op in boppedrompel yn 'e Timpel fan 'e Begjinrige, en ferskate grêven opgroef yn 'e Osario (Hegepreesterstimpel). Thompson waard lykwols it bekendst om't er tusken 1904 en 1910 de Cenote Sagrado útbaggerje liet. Neffens postkolumbiaanske boarnen fan sawol Spaanske as Mayaanske oarsprong soene de Maya's dy cenote brûkt hawwe om offers foar de reingod Chaac yn te smiten, wêrûnder ek minske-offers. By it ûndersyk fan Thompson waarden minsklike resten ûntdutsen. Undersyk nei de bonken brocht wûnen oan it ljocht dy't oerienkamen mei dy fan minske-offers. Fierders hellen Thompson-en-dy ek ierdewurk, artefakten fan goud en jade, de earste foarbylden fan prekolumbiaanske weve stoffen fan 'e Maya's en houtene wapens omheech. It meastepart fan syn fynsten stjoerde Thompson nei it Peabody Museum foar Argeology en Etnology fan 'e Universiteit fan Harvard.
Yn 1913 gie it Carnegie Ynstitút akkoart mei it foarstel fan argeolooch Sylvanus G. Morley om in langer argeologysk ûndersyk yn Chichén Itzá te dwaan. De Meksikaanske Revolúsje, de dêropfolgjende snuorje fan gaos yn it lân en de Earste Wrâldoarloch soargen foar tsien jier útstel, mar yn 1923 joech it Meksikaanske regear oan it Carnegie Ynstitút in fergunning om tsien jier lang ûndersyk yn 'e stêd te dwaan. Dy perioade waard neitiid nochris foar tsien jier ferlinge. De Carnegie-argeologen groeven ferskate wichtige gebouwen út en restaurearren se, wêrûnder de Timpel fan 'e Krigers en de Caracol. Underwilens waarden yn opdracht fan it Meksikaanske regear yn dyselde snuorje El Castillo (of de Timpel fan Kukulkan) en it Grutte Balhôf opgroeven en restaurearre.
Yn 1926 waard Edward Herbert Thompson troch it Meksikaanske regear yn steat fan beskuldiging steld foar dieverij fan 'e artefakten dy't er opbaggere hie út 'e Cenote Sagrado. Dy soed er temûk it lân út smokkele hawwe. De Hacienda Chichén waard dêrop yn beslach nommen troch it regear. Thompson, dy't op dat stuit yn 'e Feriene Steaten wie, kearde nea wer werom nei Jûkatan. Hy skreau it boek People of the Serpent oer syn ûndersyk nei en teoryen oangeande de Maya-beskaving, dat yn 1932 publisearre waard. Hy ferstoar trije jier letter yn Nij-Jersey. Yn 1944 oardiele it Meksikaanske Heechgerjochtshôf dat Thompson neat yllegaals dien hie; de Hacienda Chichén waard dêrop weromjûn oan syn erven. Dy ferkochten de hacienda datselde jiers noch oan Fernando Barbachano Peón, in Meksikaanske ûndernimmer dy't in pionier op it mêd fan it toerisme wie.
Neitiid waard noch twaris in ekspedysje optuge om artefakten út 'e Cenote Sagrado te heljen: yn 1961 en yn 1967. De earste ekspedysje waard finansierd troch it Amerikaanske tydskrift National Geographic, wylst de twadde stipe op sponsors út 'e private sektor. Beide projekten stiene lykwols ûnder tafersjocht fan it Meksikaanske Nasjonaal Ynstitút foar Antropology en Skiednis (INAH). Dy ynstelling hat sûnt oanhâldend krewearre foar fierder ûndersyk nei en restauraasje fan Chichén Itzá; sa wie it INAH belutsen by de restauraasje fan 'e Osario, de Akab Dzib en ferskate gebouwen yn Chichén Viejo (Ald-Chichén; d.w.s. de binnenstêd).
Tsjin 'e 1970-er jierren begûn it tal toeristen dat Chichén Itzá oandie sterk ta te nimmen. Yn 2017 wie dat oprûn ta 2,6 miljoen minsken yn 't jier; dêrmei is it ien fan 'e meast besochte besjensweardichheden yn Meksiko wurden. Dat hie ek te krijen mei de opkomst, fan 'e 1980-er jierren ôf, fan Cancún as baaiplak, want in protte toeristen dy't dêr in strânfakânsje hâlde, meitsje fan 'e gelegenheid gebrûk om in dei nei Chichén Itzá te gean. Om 'e ruïnes tsjin skansearring te beskermjen, moasten der strange regels ynfierd wurde oangeande wêr't de toeristen kommen mochten en wêr net. Yn 1988 waard Chichén Itzá opnommen yn 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Yn 2009 setten Jûkateekske argeologen ûnder lieding fan Rach Cobos útein mei opgravings njonken El Castillo, om in bouwurk te ûndersykjen dat datearre fan foar de bou fan dy piramide.
Beskriuwing
bewurkje seksjeChichén Itzá wie ien fan 'e grutste Maya-stêden, mei in relatyf ticht opinoar sette bebouwing fan formele arsjitektuer (lykas timpels en paleizen) dy't teminsten 5 km² beslacht. Lytsskaliger wenningbou strekt him dêrbûten út oer in oerflak fan noch altyd ûnbekende grutte. De stêd waard boud op rotseftich terrein, dat op keunstmjittige wize igaal makke wie om 'e oanlis fan 'e grutste gebouwen mooglik te meitsjen. De grutste muoite waard yn dat ferbân dien foar de bou fan 'e piramide El Castillo en foar de Sintrale Groep, de Osariogroep en de Súdwestlike Haadgroep.
De stêd omfettet in grut tal moaie gebouwen fan natuerstien yn in breed ferskaat oan steaten fan ferfal. In protte fan dy gebouwen binne restaurearre. De bouwurken waarden mei-inoar ferbûn troch in ticht netwurk fan bestrjitte paden, dy't sacbeob (inkeltal: sacbe) hjitte. Argeologen hawwe mear as 80 ûnderskate sacbeob identifisearre, dy't it hiele oerflak fan Chichén Itzá trochkruse en yn alle rjochtings út 'e stêd wei rinne.
De measte grutte gebouwen binne foarsjoen fan Mayaanske tekst dy't werjûn is yn hieroglifen. De âldste hierglifen dy't yn Chichén Itzá ûntdutsen binne, datearje fan 832, en de jongsten, yn 'e Osario-timpel, fan 998. De gebouwen wiene oarspronklik foar in grut part ferve yn 'e kleuren read, grien, blau en pears. De pigminten foar de ferve waarden keazen út wêr't it maklikst oan te kommen wie yn 'e neite fan 'e stêd. Dat as men jin Chichén Itzá yn syn heechtijdagen foarstelt, moat men útgean fan in kleurryk plak en net fan 'e gebouwen sa't se der hjoed de dei útsjogge, wyt en griis en swart.
De arsjitektuer fan Chichén Itzá omfette in stikmannich stilen, wêrûnder de Puuc- en Chenes-stilen fan it noardlike Jûkatanskiereilân. De gebouwen binne groepearre yn kloften of rigen dy't arsjitektoanysk byinoar hearre, en eltse kloft of rige wie oarspronklik fan 'e oaren skaat troch in tal lege muorkes. De trije bekendste kloften binne it Grutte Noardlike Platfoarm, dat El Castillo (oftewol de Timpel fan Kukulkan), de Timpel fan 'e Krigers en it Grutte Balhôf omfettet; de Osario-groep, dêr't û.o. de piramide mei deselde namme en de Timpel fan Xtoloc ta hearre; en de Sintrale Groep, mei û.m. El Caracol ("De Slak"), Las Monjas ("De Nonnen") en Akab Dzib (Jûkateeksk foar "Tsjuster Skriuwsel").
Súd fan Las Monjas leit in gebiet dat bekend stiet as Chichén Viejo (Spaansk foar "Ald-Chichén), en dat inkeld tagonklik is foar argeologen. Der steane noch ferskate oare wichtige kloften, wêrûnder de Groep fan 'e Begjinrige, de Groep fan 'e Boppedrompels en de Groep fan it Alde Kastiel.
Behear
bewurkje seksjeDe ruïnes fan Chichén Itzá wiene priveebesit oant 29 maart 2010, doe't se oankocht waarden troch de steat Jûkatan. Sûnt is de stêd eigendom fan 'e Meksikaanske oerheid. De ruïnes steane ûnder behear fan it Nasjonaal Ynstitút foar Antropology en Skiednis (Instituto Nacional de Antropología e Historia, INAH).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.
|