Hacienda
In hacienda (Spaanske útspr.: [a'θjenda], likernôch: "a-tjeen-da") is in grut lângoed op it fêstelân fan Latynsk-Amearika en yn mindere mjitte ek op Porto Riko en yn 'e Filipinen. De ekwifalinte Portegeeske term (yn Brazylje) is fazenda. Fan oarsprong holden hacienda's harren fral dwaande mei feehâlderij, benammen fan kij, mar yn kriten dêr't dat rindabel wie, koene se ek plantaazjes, minen of fabriken wêze. It kaam ek wol foar dat se al of guon fan sokke wurkmêden kombinearren. It wurd hacienda komt fan hacer of haciendo, Spaansk tiidwurden mei de betsjutting "meitsje", resp. "meitsjende wêze".
As term is hacienda ûnsekuer. Behalven it lângoed as gehiel wurdt der ek wol mei ferwiisd nei allinnich it haadgebou fan sa'n lângoed. Boppedat ferskilt de grutte fan in hacienda yn ferskillende dielen fan Latynsk-Amearika. It is altyd in bedriuw fan oansjenlike grutte, wylst lytsere agraryske bedriuwen oantsjut wurde as estancia's of rancho's. Yn Argentynje binne estancia's lykwols sa grut dat se yn Meksiko sûnder mis hacienda's neamd wurde soene. Yn 'e Feriene Steaten wurdt tsjintwurdich mei de term hacienda wer hiel wat oars bedoeld, nammentlik in arsjitektoanyske styl dy't jin de âlde hacienda-gebouwen tebinnenbringt.
De earste hacienda's ûnstiene nei de Spaanske kolonisaasje fan Latynsk-Amearika, doe't de Spaanske Kroan de conquistadores grutte stikken lân yn 'e nije koloanjes taparte, dêr't se encomienda oer hiene. Dat wol sizze dat se dêre it rjocht besieten om 'e lânseigen Yndiaanske befolking foar harren wurkje te litten. Letter wiene ek in protte mestizen arbeiders op hacienda's, mar de eigners wiene frijwol altyd etnyske Spanjerts of kreoalen. Hoewol't it hacienda-systeem yn ferskate Latynsk-Amerikaanske lannen nei in revolúsje formeel ôfskaft is, lykas yn Meksiko yn 1917 en yn Nikaragûa yn 1979, hat dat yn 'e praktyk net folle feroare, en wurdt ek dêr it plattelân noch yn hege mjitte dominearre troch hacienda's.
Yn 'e pre-yndustriële perioade bestie der faak in bân fan ôfhinklikens tusken de hacienda-eigner (de hacendado) en de lânarbeiders (de peones). Dat systeem waard peönaazje neamd en wie ferlykber mei de hearrigens fan heal-frije komelkers en gerniers sa't dy ûnder it feodale stelsel yn 'e Midsiuwen yn Jeropa bestie. Under it systeem fan peönaazje wiene de arbeiders net alhiel slaven, mar se wiene ek net frij om oar wurk te sykjen as se dat woene. Hoewol't yn guon dielen fan Latynsk-Amearika noch altyd in protte grutgrûnbesit bestiet, is de bân tusken de hacienda-eigner en syn arbeiders tsjintwurdich oer it algemien in gewoane wurkjouwer-wurknimmerrelaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |