Fitustsjerke (Tersoal)
De Fitustsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Tersoal.
Fitustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Tersoal | |
adres | Buorren/Koumelkerspaed | |
koördinaten | 53° 04' N 5° 44' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Sint-Fitus | |
status | Net yn gebrûk as tsjerke aula, eksposysjeromte | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Rommert Bleeksma, Raerd | |
boujier | 14e iuw (toer), 1838 (tsjerke) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32320 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1335 wurdt de namme Zole neamd op in rekken fan de Utertse wijbiskop Jehannes. Tagelyk mei Zibrandaburghe (Sibrandabuorren) waard in alter oan de hillige Fitus wijd. Tersoal waard yn de 16e iuw yn de striid tusken Karel V en de Geldersken troch in binde oerfallen en de tsjerke waard plondere. Yn 1580 waard mei de reformaasje de katolike earetsjinst yn de tsjerke ôfskaft.
De midsiuwske tsjerke waard yn de 19e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch in ienfâldige nijbou. De toer bleau lykwols stean en yn de toer waard in yngong makke nei de tsjerke. Om't de nije tsjerke wol acht meter koarter as de midsiuwske tsjerke is dogge de ferhâldings tusken toer en tsjerke wat nuver oan.
By in restauraasje yn 1911 waard der in kreake yn de tsjerke setten. Ek waard ûnder de flier in sark fûn fan Wopke Wigara. De 19e iuwske klok waard yn 1943 troch de Dútske besetter foardere en nei de oarloch ferfongen troch in moderne klok.
Troch't it tal leden en de tsjerkegong fermindere, naam de PKN-gemeente De Lege Geaën yn 2010 it beslút om fan de seis PKN-tsjerken fjouwer (de herfoarme tsjerken fan Offenwier, Sibrandabuorren, Goaiïngea en Tersoal) ôf te stjitten. Fan de twa tsjerken fan Tersoal bleau de eardere grifformearde tsjerke, de Westereintsjerke, yn gebrûk. De Fitustsjerke is net mear eigendom fan de PKN en ûnderbrocht yn in stifting.[1]
Hjoeddeisk gebrûk
bewurkje seksjeYn 2017 droech de PKN in restaurearre en renovearre Fitustsjerke oer oan de Stifting Fitustsjerke Tersoal. De stifting wol yn 'e mande mei doarpsbelang de tsjerke brûke foar kulturele aktiviteiten. Ek kin de tsjerke brûkt wurde foar trou- en routsjinsten.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe tsjerke hat noch in preekstoel, in pear tsjerkebanken en in kreake. In piipoargel hat de tsjerke nea hân. Ynstee dêrfan stiet der in elektroanysk oargel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|