Sint-Martenstsjerke (Sibrandabuorren)

De Sint-Martenstsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Sibrandabuorren. It is tsjintwurdich in sintrum foar kulturele aktiviteiten en sa út en troch wurde der noch tsjerketsjinsten fierd.

Martenstsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Sibrandabuorren
adres It lange Ein 44
koördinaten 53° 4' N 5° 43' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Martinus fan Tours
status net mear yn gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt W.F. Boomstra, Goaiïngea
boujier 1872
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32318
Webside
Stichting Kerkgebouw Sibrandabuorren
Kaart
Sint-Martenstsjerke (Fryslân)
Sint-Martenstsjerke

De tsjerke is tsjinstwurdich net mear yn it besit fan de tsjerklike gemeente, mar ûnderbrocht yn in stifting. Yn 2012 naam de PKN-gemeente De Lege Geaën it beslút om fjouwer fan de seis tsjerken ôf te stjitten. De tsjerke waard foar in symboalysk bedrach oerdroegen oan de stifting "Sint-Maartenskerk Sibrandabuorren", dy't fan de PKN in breidskat fan EUR 30.000 mei krige. De PKN-gemeente De Lege Geaën hold foar de earetsjinst twa tsjerken oer: de Nikolaastsjerke fan Gau en de Fitus- of Westereintsjerke fan Tersoal.

Yn 2018 waard de tsjerke op 'en nij iepene as in kultuerhûs foar it doarp. Dêrnjonken wurde der alle jierren noch in tal tsjerketsjinsten organisearre.[1]

 
De âlde tsjerke fan Sibrandabuorren

De tsjerke fan Sibrandabuorren datearret oarspronklik út 1333. Yn 1335 skriuwt it bisdom Utert in rekken foar de wijing fan it alter yn Sibrandabuorren. De tsjerke soe wijd west ha oan Sint-Marten, mar op de âlde klok fan Geart fan Wou en Jehannes ter Stege yn de toer stiet de tekst St.Bartolmeus is myn namme (de folsleine tekst op de klok út 1540 is +sanctus bartolmeus vocor gerardus de wov et johannes tersteghe me fecit anno domini mcccccxl).

De midsiuwske tsjerke wie in lyts gebou mei dikke steunbearen mei in nei alle gedachten frijsteande toer mei sealtek. De toer waard yn 1689 ôfbrutsen en ferfongen troch in koepel op it tsjerkegebou. Yn de 19e iuw fûnen der oan it midsiuwske tsjerkje ferskillende ferbouwings plak, mar yn 1872 folge folsleine ôfbraak en ferfanging troch it hjoeddeiske gebou. Dêrby ferlear de tsjerke de tradisjonele eastlike orriïntaasje en draaide it koer fan de tsjerke nei it westen ta mei de yngong op it easten oan de nije púndyk fan 1866. De grêfsarken fan de âlde tsjerke krigen net wer in plak yn de nijbou en gyngen nei it museum of ferdwûnen ûnder de grûn

By de restauraasje fan it tsjerkegebou yn 1992 waard der in sarkofaachlid fan reade sânstein fûn en in sark út 1337, mooglik fan de earste pastoar fan Sibrandahûs.

De preekstoel stamt noch út de âlde tsjerke en wurdt op 1640 datearre. It rêchskot en it klankboerd binne lykwols fan jongere datum. Yn 1920 krige de tsjerke de glês-yn-lead-ramen.

De klok yn de toer datearret fan 1540 en is getten trocht Geart fan Wou II en Jehannes ter Steghe. It oerwurk fan de tsjerke datearret út 1627 en waard yn 1978 yn opdracht fan Doarpsbelang restaurearre.

It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal waard yn 1903 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud. It oargel waard yn 2009-2010 restaurearre en de disposysje is noch itselde as fan 1903.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: