Nikolaastsjerke (Gau)
De Nikolaastsjerke yn Gau is de tsjerke fan de PKN-gemeente De Lege Geaën. De tsjerke is it iennige ryksmonumint fan it doarp.
Nikolaastsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Gau | |
adres | Boeijengastrjitte 431 | |
koördinaten | 53° 3' N 5° 42' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw (toer), 19e iuw (tsjerke) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39767 | |
Webside | ||
PKN De Lege Geaën | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde midsiuwske tsjerke waard yn 1685 ferfongen troch nijbou. Yn de 19e iuw ferfong it hjoeddeiske gebou dy tsjerke.
By de 19e-iuwske nijbou fan de tsjerke waard de toer mei bakstiennen ommitsele. Dy ommitseling waard by in restauraasje fan de toer yn 2000 wer ferwidere. De âlde toer krige doe mei nije kleastermoppen de midsiuwske foarm werom.
Yn 2014 fûn der in renovaasje fan it tsjerkegebou plak. Dêrnjonken krige de eardere herfoarme en ûnder dy namme bekende tsjerke de âlde namme werom.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe 17e-iuwske iken preekstoel stiet yn it eastlike koer fan de tsjerke. It grutste diel fan de banken foar it tsjerkefolk waard by de renovaasje ferfongen troch stuollen. De banken ûnder de kreake binne bewarre bleaun.
Oargel
bewurkje seksjeDe tsjerke besit op de westlike kreake in ienmanualich oargel fan Willem Hardorff út Ljouwert. It ynstrumint waard yn de jierren 1861-1862 boud en yn 1959 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert restaurearre.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|