Mûntsebuorsterpolder, De Ryp en Syp Set

Mûntsebuorsterpolder, De Ryp en Syp Set
Mûntsebuorsterpolder
Mûntsebuorsterpolder
lokaasje
neiste plak Aldegeaster Brekken
oare ynformaasje
oerflak 91 ha
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea
Mûntsebuorsterpolder, De Ryp en Syp Set

De Mûntsebuorsterpolder, De Ryp en Syp Set binne natoergebieten by de Aldegeaster Brekken. Se wurde beheard troch It Fryske Gea. De Mûntsebuorsterpolder en De Ryp besteane benammen út greide, Syp Set is meast wetter, reid en bosk. Mei elkoar beslaat it gebiet sa'n 91 bunder. Syp Set is de wetterferbining tusken Blauhústerpuollen en Aldegeasterbrekken.

Guozzen en greidefûgels

bewurkje seksje

De Aldegeaster Brekken wurde nachts yn it winterseizoen brûkt troch tûzenen winken. De Mûntsebuorsterpolder en De Ryp wurde troch de winken brûkt om te en te drinken. It Fryske Gea hâldt de wetterstân heech om de fûgels te geriven.

Mûntsebuorsterpolder

De Mûntsebuorsterpolder is in polder op kalkearme swiere klaai. Yn de healannen bloeie simmerdeis de echte koekútsblom, krûpende bûterblom, koweblomke, soere surk en twarigige sigge. It skiereilân yn de Aldegeasterbrekken haert ta de Mûntsebuorsterpolder. Yn de reidkragen briede hoanskrobber, reidsjonger, reidfinkje en reidgoars.

De Ryp

De Ryp wurdt ynrjochte as greidefûgelgebiet.

Syp Set

Syp Set is partikulier besit mar it behear is oerdroegen oan It Fryske Gea. Dit gebiet, ten súdwesten fan Snits, by Aldegea (W), is in ferbining tusken de Blauhúster Puollen en de Aldegeaster Brekken. It wetter is om 1900 ûntstien doe't grûn ôfgroeven waard foar de oanlis fan it spoar Ljouwert-Starum. It gebiet fan wetter, strewellen en bosk jout briedgelegenheid oan hoarnûlen, yn de reiden briede de karrekyt, yn de rûchten de gerssjonger en de berchein in de hoalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard