Easterskar
It Easterskar is in natoergebiet fan 523 hektare fan iepen wetter, reiden en sompen ûnder Sint-Jânsgea. It gebiet is frij tagonklik, der lizze kuierpaden en lâns de Skarwei stiet in picknickbank.
Easterskar | ||
Easterskar | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Sint-Jânsgea | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 523 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
It leechfeangebiet ûntstie troch de feanterij begjin 19e iuw. It Easterskar waard ferfeante tusken 1850 en 1900. Dêrnei bleau in ôfwikseljend gebiet oer fan frij ûnregelmjittich fergroeven grûnen, útfeante sleatten, mar ek rjochte stripen en petgatten. Nei de feanterij begûn de ferlâning. Yn de 20e iuw waarden ek grutte stikken fan de Sint Jânsgeaster feanpolder ûntgûn. Sa waard yn de sechtiger jierren it Westerskar ûntgûn. Plannen foar ûntginning fan it Easterskar binne doe net trochgien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |