De Bjirmen (natoergebiet)
De Bjirmen is in natoergebiet fan 54 hektare fan klaaiputten en greiden yn de gemeente Frjentsjerteradiel by Seisbierrum en Doanjum. It gebiet wurdt beheard troch It Fryske Gea. De klaaiputten binne ein 19e iuw ûntstien troch de klaaiwinning foar it opheegjen fan de seedyk, ûnder oare by Roptasyl, Fiskerspaad en Furdgum.
De Bjirmen | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Seisbierrum | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 54 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
It binne heechwetterflechtplakken foar fûgels, it Doanjumerleech in wichtich greidefûgelgebiet mei ûnder oare koloanjes blaustirns en Wytstirns. Der binne fierders fegetaasjes fan sâltige greiden.
It behear fan de Dyksputten troch It Fryske Gea wol de heechwetterflechtplakken behâlde en de fâlige floara te behâlden of út te wreidzjen. Dongje en meane is net tastien. De grûnen wurde ekstinsyf beweide troch skiep en kij. It wetterbehear is sa oanpast dat it iepen wetter fan de klaaiputten net yn ferbining stiet mei it lânbouwetter. Yn it Doanjumerleech en it Bûtlân by Boer wurdt omtinken jûn as greidefûgelgebiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |