Warnzer Feart
De Warnzer Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan Warns nei Starum en rint by de Kruitmole út yn de Iselmar. East fan Warns hjit dit wetter it Johan Frisokanaal dat ferbûn is mei De Moarre en De Fluezen.
De namme Warnzer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Warnservaart.