Ynpolderingen yn Súdwest-Fryslân
Yn Súdwest-Fryslân is yn eardere tiden in soad ynpoldere, al is der net sa drastysk ynpoldere as yn Noard-Hollân. Hjirtroch stiet súdwest-Fryslân noch altyd bekend om syn grutte marren.
Ynpoldere marren:
- Silaardermar, tusken Koarnwert en Wûns
- Warkumermar, benoarden Warkum
- Makkumermar of Kâldmar, eastlik fan Makkum
- Parregeastermar of Sudermar, bewesten Parregea
- Starumer Mar ( of Noardmar en Súdmar), beëasten Starum