Maaieklokje
It maaieblomke (Convallaria majalis) is in oant 30 sm hege fêste plant dy't yn it wyld foarkomt yn boskrike streken, mar ek as túnplant hâlden wurdt. Yn de grûn sit in krûpende woartelstôk. In pear blêden steane oan de foet fan de bloeistâle. It maaieblomke is giftich trochdat it bepaalde glykosiden befettet.[1]
maaieklokje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Convallaria majalis | ||||||||||||
Linnaeus, 1753
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
C. majalis L. C. keiskei Miq. (syn. C. majalis var. keiskei (Miq.) Makino) C. pseudomajalis W.Bartram (syn. C. montana Raf., C. majalis var. montana (Raf.) H.E.Ahles) |
Skaaimerken
bewurkje seksjeDe blêden binne breed-elliptysk, stâle en ûnbehierre. Se steane yn twatallen by elkoar. Under oan de plant sit in skie fan papiereftige blêden.
De blom is wyt, klokfoarmich en hat in oangename rook. De blommen wurde ± 8 mm lang. Der bestiet ek in cultivar mei rôze blommen. Der foarmet him in nei ien kant kearde trosse fan 6 - 12 blommen. Dizze bloeit yn de moannen maaie en juny. De soartoantsjutting majalis betsjut 'fan de moanne maaie'.
De frucht fan it maaieblomke is in reade bei dy't twa blauwe siedden befet.
Tapassingen
bewurkje seksjeDe blommen en woartels wurde troch de farmaseutyske yndustry ferwurke, omdat dizze de hertwurking beynfloedzje kinne. Yn âlde geskriften út de 16e iuw is te lêzen dat dizze kennis doe al bekend wie. Ek waarden de drûge blommen taheakke oan snúftabak.
Ut de blommen kin gjin etearyske oalje wûn wurde. Omdat de rook tige populêr is yn de parfumery en de kosmetika, wurdt dizze mei help fan geurstoffen as hydroksysitronellal gearstald.
Ferskaat
bewurkje seksje- It maaieblomke is de nasjonale blom fan Finlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|