Anders Minnes Wijbenga

(Trochferwiisd fan Anders Minnes Wybenga)

Anders Minnes Wijbenga (Under Nijewier, 25 oktober 1881 - Easternijtsjerk, 9 septimber 1948) stiet bekend as de doarpsdichter fan Nijewier, hy wie tige frysksinnich. Fan syn fak wie er komelker/gernier.

Anders Minnes Wijbenga
skriuwer
Anders Minnes Wijbenga
Anders Minnes Wijbenga
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Fetze Greidema,
In Fryske Jongen
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 25 oktober 1881
berteplak Nijewier
stoarn 9 septimber 1948
stjerplak Easternijtsjerk
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Gedicht, foardracht,
koart ferhaal
offisjele webside
gjin

Anders Minnes wie it iennichst bern fan Minne Wybenga en Janke Elzinga. Hy groeide op op in pleats tusken Nijewier en Wetsens. Hy soe dêr syn hiele libben wenjen en wurkjen bliuwe. De dyk dêr 't er oan wenne is nei him ferneamd, de Anders Minneswei. Hy hat de legere skoalle net ôfmeitsje kinnen, al rekke er wol ynteressearre yn poëzy en taal. [1] Hy wie lid fan de grifformearde jongesferiening en begûn mei it skriuwen fan stikken dy 't er ek foardroech.

Hy skreau yn it begjin fan de 20e iuw wol gauris yn it Frysk Deiblêd, de Dokkumer Krante en Fryske tydskriften sa as 'Yn us eigen taal' en 'Stim fan Fryslan'. Sa skreau er yn 1907 yn it Frysk Deiblêd it fuljeton Us libben yn Teltsjegea, ûnder de skûlnamme Fetze Greidema en ûnder In Fryske Jongen.

Yn 1908 wie hy ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn dat selskip hat hy tige warber west. Yn 1923 binne syn psalmberimings yn opdracht fan it Selskip útjûn yn it Fryske psalmboek. It doel wie om dat yn 'e tsjerke te brûken. It hat lang sa west dat yn Fryske tsjinsten psalms en gesangen allinnich yn it Nederlânsk songen waarden. De bondel fan Wijbenga is net yn de tsjerken ynfierd. De beriming fan Fedde Schurer waard better fûn. Yn 1930 kaam der in bondeltsje fan Wijbenga's gedichten út mei as titel: 'Libbensgong'. Hy wie ek foarsitter fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB), dêr't er ta syn dea yn 1948 mei dwaande west hat. Nei syn dea yn 1948 is it bêste wurk fan Wijbenga sammele yn de bondel: 'Ljocht oer it fjild'.

Troch syn rjochtlinigens botste er mei oare Fryske skriuwers as Eeltsje Boates Folkertsma, Douwe Kalma, Jan Piebenga en Fedde Schurer. [2]

Wybenga waar beïerdige op it hôf fan Wetsens

Wurk fan Anders Minnes

bewurkje seksje
  • Loddespitten (1911).
  • Foar de fûst wei, foardrachten foar Fryske gearkomsten (Snits: A.J. Osinga, 1914).
  • Libbensgong (1930).
  • Yn 'e nije pronk, karsamling stimmige en fleuriche foardrachten (Dokkum: Schaaf, 1932).
  • It Soenhús, in histoarysk forhael út East-Dongeradiel (1937 - nûmer 3 yn de rige fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek)
  • Ropta, syn mounle, syn skiednis, 1836-1936 (Dokkum: Kamminga, 1937).
  • Fryske Folksdichters (Boalsert: A.J. Osinga, 1945), hjirin stean in tolvetal fan syn gedichten.
  • Ljocht oer it fjild, fersen fan lân en bedriuw (Assen: van Gorcum&Comp. n.v., 1950).
  • Alderheljen, wurk fan A.M. Wybenga (Boalsert : Osinga, 1970), mei-auteur Doede Wiersma.

Anders Minnes Rozendal is in pakesizzer fan Wijbenga.

Jan Minno Rozendal, Yn eigen taal (2018)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rozendal, A.M., 2018. Biografy Anders Minnes Wybenga. Dorpskrant van Niawier en Wetsens. 38(1), s. 22.
  2. Omrop Fryslân, 2018. Biografie over Friese schrijver A.M. Wybenga. [online] Beskikber fia: Omropfryslan.nl. [Rieplachte op 22 jannewaris 2019]. Argivearre op 17 april 2021.