Germerhûs
Germerhûs, ek: Jagtlust, wie in state oan de Jachtlustwei ûnder Hantum, gemeente Dongeradiel. Op it terrein stiet tsjintwurdich in moderne feehâlderij. Oan de west- en súdside liket de grêft noch oanwêzich en oan de súdside ek in diel fan de singel.
De oarsprong is ûnbekend. Ek yn Hantumerútbuorren, tsjerklik ûnder Hantum, wurdt gjin stins neamd. Dêr lei wol de úthôf Germerhûs fan it kleaster Sion. Ein 15e iuw waard it troch oansjenlike kleastermeiers útbate. Zitscha to Garmahusem wie sa yn 1494 tsjûge by it testamint fan Minne Jarla fan Wetsens. Ta it grutte terrein mei grêft joech in yn 1651 boude poarte tagong. Dy poarte hat der oant 1930 stien. De aksintuearring fan Germerhûs as "moated site" troch de nije eigener nei de ferkeap fan it kleastergoed middels de bou fan in tagongspoarte bart allyksa yn Grut Dearsum by Achlum.
Neffens it stimkohier fan 1640 wie doe Wopke Bartholomaeus eigener fan de state en yn 1698 Wopke Bartholomaeus de jonge, nei alle gedachten in pakesizzer fan Wopke senior. It floreenkohier fan 1700 neamt dat it goed 94 pûnsmiet beslacht (± 35 hektare) “waervan nae syn aengeven 6 pm by syn ouders tydt al tot zeeslype verandert syn waer op was 1½ floreen” en dêrneist wie 12 pûnsmiet eigendom fan Douwe Andries te Dokkum. Wopke junior is foar 1728 ferstoarn, want yn it stimkohier fan dat jier stiet dat Wopke Bartholomaeus erven eigeners binne en Jacob Wytses de brûker.
Eigeners/bewenners
bewurkje seksje- 1494 kleaster Sion, meier Zitscha to Garmahusem
- 1640 Wopke Bartholomaeus
- 1698 Wopke Bartholomaeus de jonge
- 1728 Wopke Bartholomaeus erven, Jacob Wytses brûker
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|