Grut-Dearsum

(Trochferwiisd fan Grut Dearsum)

Grut-Dearsum wie in state dy 't sa'n oardel kilometer noardeast fan Achlum yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Op it âlde stee stiet no in 18e-iuwske pleats mei in slotgrêft der omhinne. Ien fan de earste bewenners soe in Piter fan Dearsum west ha. Yn it "Register van Aanbreng" fan 1546 wurden de erfgenamten as eigeners fan de pleats lyts Lollum oan de oare kant fan it doarp neamd.

Pleats en poarte

Fan de stinsbewenners binne gjin nammen bekend en ûnbekend is ek wannear't de stins krekt ôfbrutsen is. De pleats hiet yn it earstoan Poartepleats.

Op de grêft, oan de noardeastside stiet noch it poartegebou dat yn de 17e iuw boud is mei giele bakstien en trepkegevel hat. Oan de fjildside fan de poarte stiet in gevelstien mei de tekst: 'Michiel Jacobs, Deersum, Anno 1658.' Yn de gevel sitte dowegatten en yn de sydgevels lytse sjochspleten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: