Holwerter Seis
De Holwerter Seis binne de doarpen Raard, Boarnwert, Foudgum, Brantgum, Waaksens en Holwert. De namme waard ein 15e iuw al brûkt foar de doarpen, dy't mei-inoar ûnderhâldsferplichtings hienen foar de Dokkumer Ie. De seis doarpen leinen allegear oan de dyk fan Klearkampster Brêge oer de Ie nei it noarden, nei Holwert ta.