Waaksens (Noardeast-Fryslân)

(Trochferwiisd fan Waaksens (Dongeradiel))

Waaksens (Nederlânsk en offisjeel: Waaxens) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Waaksens leit noardlik fan Brantgum, eastlik fan Blije, westlik fan Hantum en besuden Holwert. Waaksens hat 40 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Tjessenswei (N356) op de terp fan Waaksens.

Waaksens
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 40 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 1,81 km², wêrfan:
- lân: 1,80 km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 22 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 5° 55' E
Kaart
Waaksens (Fryslân)
Waaksens

Fanâlds wurdt Waaksens rekkene ta de Holwerter Seis.

Waaksens is altiten in lyts doarpke bleaun; de hast 5 1/2 meter hege terp wie en is mar tin beboud. Der wurdt oannommen dat Waaksens yn 't begjin fan de jiertelling ûntstien wêze moat. Yn de 8e iuw wurdt Waaksens neamd as 'Wacheringe'. Wêr't de namme Waaksens wei komt en wat der betsjut is net dúdlik. Fanâlds waard Waaksens ta de Holwerter Seis rekkene. Dat binne de doarpen dy't oan de wei fan Holwert nei Dokkum lizze. Yn de jierren 1860 krige Waaksens súdlik fan it doarp in oansluting op de nije ferhurde dyk fan Holwert nei Dokkum. In iuw letter waard by de tsjerke lâns oer de terp de grutte dyk fan Holwert nei Dokkum oanlein.

Oars as op oare plakken is de terp fan Waaksens mar foar in lyts part ôfgroeven.

Oant de weryndieling by de gemeente Noardeast-Fryslân lei Waaksens yn de gemeente Dongeradiel. Foardat de gemeente Dongeradiel troch gearfoeging fan Dokkum, East- en Westdongeradiel ûntstie wie Waaksens it lytste doarpke fan Westdongeradiel.

De Thomastsjerke

bewurkje seksje
 
Thomastsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Thomastsjerke (Waaksens).

Neffens it siermitselwurk moat de goatyske tsjerke yn de 12e iuw boud wêze. Wa't de patroanhillige west hat is net hielendal dúdlik. Der binne guon dy't tinke dat it de apostel Thomas west hat. Op de tsjintwurdige klok is Jehannes de Doper ôfbyld. It geheim hjirfan sil lizze yn de ôfbylding dy't op de no ferdwûne klok stien hat. De herfoarme tsjerke is yn 1962-1963 restaurearre troch de arsjitekt A. Baart jr. By de restauraasje waard de bepleistering ferwidere.

De preekstoel en dooptún binne 17e-iuwsk.

Yn de tsjerke stiet in hearebank mei de wapens fan Harinxma thoe Slooten en Burmania. Opmerklik is it epitaaf út 1592 foar Douwe van Aylva dy't by Dimter sneuvele is. Yn 1234 is Botte Reinalda deaslein op it tsjerkhôf troch Jan Albada. De mannen hienen rûzje oer wa't earst it offer bringe mocht. Dat hat politike gefolgen hân. De saak moast útfochten wurde.

 
Pastorij

De Waaksensers binne der fan oertsjûge dat hja de moaiste pastorij fan Fryslân hawwe. It is ek in tige steatlik gebou. Sa kin in lyts doarp ek fan alluere wêze.

Sjucksmastate

bewurkje seksje

Oan de Tjessenswei stiet de poarte fan de eardere Sjucksmastate. Op it plak fan Sjucksmastate stiet no in pleats, dy't al desennia ferlyn gjin agraryske funksje hat. Noch te sjen is de âlde gibbeflecht of dowematte.

Dûmny Rinse Posthumus

bewurkje seksje

Yn in eardere pastorij fan Waaksens hat dûmny Rinse Posthumus wenne. Posthumus kaam út Ternaard. Hy is dêr op 30 oktober 1790 berne út in boerelaach. Mar it blykte dat der yn Rinse gjin boer siet. Nei syn stúdzje yn Grins, waard hy yn 1813 helppreker yn Waaksens/Brantgum. Twa jier letter waard er dêr dûmny. Nei't er 44 jier lang it amt beklaaid hie, stoar er 22 septimber 1859. Posthumus wie in apart man. Hy kaam noait op de klassisgearkomsten, it útsje foar de dûmnys. Hy sei dat er syn tiid better brûke koe. Posthumus stie tige kritysk tsjinoer hoe't it der yn 'e tsjerke om tagie.

Posthumus wie befreone mei Joast Halbertsma. Posthumus hat in trijetal oersettings yn it Frysk fan stikken fan William Shakespeare op syn namme stean. Ek binne der twa dichtbondels en teologyske boeken fan him útjûn. Hy hat in net sa slagge begjin makke mei in Frysk wurdboek.

 
18e iuwske pleats mei grêft (Tjessenswei)

It doarp is mar lyts en docht in soad mei Brantgum en Foudgum lykas de Feriening Doarpsbelang Foudgum-Brantgum-Waaksens.

Der is in herfoarme gemeente Brantgum-Waaksens dy't oansletten is by de PKN. De twa tsjerken fan Brantgum en Waaksens binne ûnderbrocht by de protestantske stifting Silean. Dy stifting draacht der sûnt 2018 soarch foar dat tsjerken ûnderholden wurde en ek foar de takomst de funksje as tsjerkegebou yn stân bliuwt.[3]

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2008
Ynwenners 88 77 77 66 66 40
Jier 2015 2020
Ynwenners 35 40
  • Hillige Wei
  • Poelewei (Lang lyn leinen yn dit gebiet in soad puollen).
  • Sjuksmawei
  • Tjessenswei
  • Van Harinxmawei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·