Sint-Tomastsjerke (Waaksens)

(Trochferwiisd fan Sint-Thomastsjerke (Waaksens))

De Sint-Tomastsjerke yn Waaksens yn 'e gemeente Noardeast-Fryslân is in protestantske tsjerke. De tsjerke stiet op in terp dy't mar foar in lyts diel ôfgroeven is en is lykas ek de njonkenlizzende pastorij in ryksmonumint. Yn 2018 hat de herfoarme PKN-gemeente de tsjerke ûnderbrocht yn de protestantske stifting Silean, dy't der op tafersjocht dat de tsjerke goed ûnderholden wurdt en ek as godshûs bliuwt tsjinjen.

Sint-Tomastsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Waaksens
adres Tjessenswei 6
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw, 15e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer tsjerke: 38733
toer: 38734

Skiednis bewurkje seksje

De earste stiennen tsjerke waard yn de 12e iuw boud as opfolger fan in houten tsjerkje. Fan dy stiennen tsjerke binne noch muorreresten yn de toer en yn it ûnderste diel fan de noardlike muorre bewarre bleaun. De tsjerke waard yn de 15e iuw yn goatyske styl ferboud; it ûnderste diel fan de sealtektoer waard yn itselde tiidrek ynboud. Yn de 17e iuw en yn 1815 waarden de eastlike kant en de westlike kant fan it boppediel fan de toer fernijd. Yn 1893 waard de hiele toer ommitsele.

By de grutte restauraasje fan 1963 waard in 19e-iuwske pleisterlaach fan it tsjerkeskip ferwidere.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Oargel

Foar de 17e-iuwske preekstoel oer stiet in 17e-iuwske oerkape hearebank mei it alliânsjewapen fan Van Harinxma thoe Slooten-Van Burmania. It doophek is mar foar in part bewarre bleaun. Yn de noardlike muorre is in epitaaf mitsele foar de yn 1591 by Dimter fersoarne Douwe fan Aylva. Fan de grutte grêfsark út 1559 binne de wapens yn de fjouwerpassen yn de Frânske tiid úthakke. De klok yn 'e toer waard yn 1441 getten en oan sci Ioannis Baptiste wijd.

Oargel bewurkje seksje

It ienmanualige oargel waard yn 1920 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud. By de bou waard foar in part âlder materiaal brûkt, wêrûnder in Hinsz-register fan it oargel yn Seisbierrum. Yn 1999 waard it oargel troch Bakker & Timmenga ûnder adfys fan Jan Jongepier restaurearre.

Patroanhillige bewurkje seksje

Lykas in soad Fryske tsjerken draacht ek de tsjerke fan Waaksens wer de namme fan in hillige. Yn'e regel wurdt by it jaan fan in namme de patroanhillige fan foar de reformaasje keazen. Mar oft dat foar de tsjerke fan Waaksens de apostel Tomas west hat is net 100% wis. De klok fan de tsjerke waard yn 1441 getten en wijd oan Sint-Jan de Doper. Neffens G.H. van Borssum Waalkes yn Friesche Klokke-Opschriften (1885) soe der lykwols noch in yn 1400 getten klok west ha mei it opskrift Sc Thomas patron in t jaer ons He ins MCCCC, dy't yn dy tiid al ferkocht wie. Dy ynformaasje kaam fan de yn Ternaard berne dûmny Posthumus, dy't fan 1815 oant 1859 yn de gemeente Waaksens en Brantgum stien hat. Guon boarnen sletten in mooglike betizing mei Waaksens yn Hinnaarderadiel Súdwest-Fryslân net út,[1] mar it leit neffens oaren net foar de hân dat Posthumus kennis hie fan in klok yn Waaksens yn Hinnaarderadiel. Dêrfandinne mei der fan út gien wurde kinne dat it om in klok út it Dongeradielster Waaksens gyng. It bestean lykwols fan in oan Jehannes de Doper wijde klok soe ek betjutte kinne dat de tsjerke yn de roomske tiid oan Tomas èn Jehannes de Doper wijd wie.[2] Dochs wurdt de tsjerke tsjintwurdich Tomastsjerke neamd.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Noordelijk Oostergo - De Dongeradelen, Herma M. van den Berg
  1. Noordelijk Oostergo. Dongeradelen, 1983, Herma M. van den Berg
  2. Heiligen en Heren, Otto Derk Jan Roemeling, ISBN 9789062739684