Stimhúske
Stimhúskes wienen huzen dy't meitelden om te bepalen oft in grûnbesitter stimrjocht hie. Net elk keppeltsje huzen of hoarnleger telde doe mei om stimrjocht te krijen. It rjocht "Reglemint Reformatoir" skreau foar dat elke stimhawwende oer genôch grûn en in hoarnleger mei in hûs derby hawwe moast om stimhawwend te wêzen. Flak foar de ferkiezings tusken 1748 en 1795 waarden mei it each op ferkiezings noch wol gau ris in ekstra hûs setten. Sokke huzen wienen dan meastal net botte deechlik boud.
Yn Sint Jabik hawwe begjin 20e iuw noch huzen stien mei de namme stimhúske.