Baukje van Hijum
Baukje de Jager-van Hijum (Brantgum, 7 desimber 1946), is in Frysk senarioskriuwster fan toanielstikken en iepenloftspullen.
Baukje van Hijum | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Baukje de Jager-van Hijum | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 7 desimber 1946 | |
berteplak | Brantgum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Senarioskriuwster |
Komôf
bewurkje seksjeSy is berne yn Brantgum en dêr is har karriêre eins ek begûn; sy is der begûn by toaniel op har legere skoalle en is har leafde foar toaniel eins ûntstien.
Bernetiid en oplieding
bewurkje seksjeSy hat in goede jeugd hân en hie hiele soarchsume âlders, der wie net in soad jild want it wie krekt nei de oarloch, mar it wie wol goed. Har oplieding wie eins net oars as dy fan de measte froulju yn de jierren '50 en '60: de húshâldskoalle (mei koartswyl ek wol húshâldakademy neamd).
Houlik en gesin
bewurkje seksjeBaukje van Hijum is twa kear troud west, mei Kees van der Ploeg en Wietze de Jager. Kees van der Ploeg is betiid stoarn. Sy is op ‘e nij troud mei Wietze de Jager. Sy hat trije bern krigen mei Kees van der Ploeg en mei Wietze de Jager binne der gjin bern mear kaam.
Karriêre en neilittenskip
bewurkje seksjeSy die op de legere skoalle graach mei oan toanielstikken en dat fûn sy machtich. Doe’t sy by de toanielklup kaam wiene it wat sneue stikken mei in begjin en in ein. En doe hat sy tocht: kin dit net wat fleuriger? Dêrnei is sy begûn mei skriuwen en waard in iepenloftspul skreaun en spile. Fan it boek Swart mar leaflik fan Watse Cuperus makke se in iepenloftspul as eerbetoan oan Kees, har earste man, en dêrmei hat sy twa Gouden Gurbe’s wûn. En dat wie it begjin fan in tal fan skriuwopdrachten foar har fan ferskillende minsken en groepen. Sy hat dêrmei in protte toanielstikken skreaun, ek mei as tema it leauwen, fanút boeken en fanút eigen ideeën. Sy hat in protte ferskes skreaun foar ferskeidene artiesten. Foar de takomst binne har teksten, lieten en stikken op dizze wize bewarre.
Yn 2017 waard se beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar de stikken dy't se makke hat.
Wurk
bewurkje seksjeUnder oare:
- 2007 – BoekSwart mar leaflik
- 2011 – “Marjan Fennema Lyts Meager Wyfke [1]
- 2016 – Iepenloftspul – Foarby it Boarkumer fjoer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |