Tsjerke fan Hegebeintum

De Tsjerke fan Hegebeintum is in romaansk tsjerkegebou út de 12e iuw. Bysûnder oan de tsjerke is it rike ynterieur troch û.o. it grutte tal roubuorden en de lizzing fan de tsjerke op de heechste terp fan Fryslân. De tsjerke is tsjintwurdich fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en is in populêre troulokaasje, mar wurdt ek noch regelmjittich brûkt troch it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum foar de fiering fan Frysktalige tsjinsten.[1]

Tsjerke fan Hegebeintum
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Hegebeintum
adres Hege Tsjerkewei 2
koördinaten 53° 20' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15628
Webside
PKN-gemeente Holwert
Kaart
Tsjerke fan Hegebeintum (Fryslân)
Tsjerke fan Hegebeintum

Skiednis bewurkje seksje

De op in hast njoggen meter hege terp steande tsjerke waard yn de 12e iuw boud. De âldste dielen fan de tsjerke binne fan dowestien. Yn de 13e iuw waard de tsjerke mei kleastermoppen nei it westen ta langer makke. Fan de yngongen yn dat part is de súdlike letter tichtmitsele. De tsjerke hat tsjintwurdich acht goatyske ramen, fjouwer yn de súdlike muorre, ien yn de noardlike muorre en trije yn it healrûne koer.

 
De tsjerke op de ôfgroeven terp

U.o. om't de abt fan it kleaster Foswert yn Hegebeintum in soad lân besiet wurdt der tocht dat Hegebeintum in úthôf west hat fan it benediktynske kleaster.

De sealtektoer is fan lettere tiid en stamt út 1717. De terp waard tsjin it ein fan de 19e iuw ôfgroeven. Dat hie, tegearre mei it letter ferleegjen fan it grûnwetterpeil, ta gefolch dat de toer begûn te fersakjen. Maatregels tsjin it ein fan de jierren 1980 brochten gjin oplossings. Yn 2014 krige de stifting Alde Fryske Tsjerken in bedrach fan 100.000 euro fan in partikulier en dat wie in goede oanset om, mei de stipe fan de provinsje en oaren, yn de jierren 2015-2016 in nije fundearring ûnder de toer te setten.

Argeologysk ûndersyk by de ôfgraving fan de terp brocht fynsten út de ophegingslagen oan it ljocht, dêr't út bliken die dat de terp al om 600 jier foar Kristus bewenne waard. Dêrmei heart Hegebeintum ta de âldste delsettings fan Eastergoa. Njonken it tsjerkhôf bleaune ek trije paden nei de tsjerke by de ôfgraving sparre, dêr't it eastlike paad fan mooglik tsjinne as de ferbiningswei mei Harstastate.

Ynterieur bewurkje seksje

 
Rouboerd

Gjin ien oare Fryske tsjerke hat noch sa'n soad roubuorden as dy fan Hegebeintum. De sechtjin buorden binne fan de bewenners fan Harstastate en datearje foar it measte út de 18e iuw. Boppe de preekstoel binne noch resten te sjen fan de oarspronklike beskildering fan de tsjerke. Yn it koer stiet in hearebank út de 18e iuw mei op de rêchpanelen de wapens fan Huygh, Verrutius, Jeltinga en Van Nijsten. De kape fan de hearebank is fersierd mei in alliânsjewapen fan de geslachten De Schepper-van Coehoorn van Scheltinga. Ek 18e-iuwsk is de preekstoel, dy't as twa drippen wetter liket op dy fan de Nikolaastsjerke yn oanbuorjende Blije.[2] It doophek waard yn de 19e iuw fernijd. It tonferwulft stamt fan likernôch 1550.

Oargel bewurkje seksje

It ienmanualige oargel fan de tsjerke datearret fan 1862 en waard troch Van Dam út Ljouwert boud. De kast giet werom op it ûntwerp fan it oargel fan de Tsjerke fan Aldwâld (1865), dat oant 1901 in soad neifolging krige.

Feroarings oan it oargel en de fersakking fan de tsjerke liede yn de 20e iuw ta de needsaak om it ynstrumint te restaurearjen. Boargers fan Ferwerderadiel en Hegebeintum rjochten yn 1998 de Stifting Orgelrestauratie Hogebeintum op. Yn 2003 waard der troch Bakker & Timmenga útein set mei de restauraasje. It binnenwurk fan it ynstrumint is wat mear op wetterpas set, wylst de fersakking fan it front respektearre bleau. Ek it piipwurk en alle technyske ûnderdielen binne restaurearre. Yn novimber 2003 spile Jan Jongepier it restaurearre oargel yn.[3]

Besikerssintrum bewurkje seksje

Oan de foet fan de terp leit in besikerssintrum. Under lieding fan in gids kin de tsjerke besichtige wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: