Protestantske tsjerke fan Noardburgum

De Protestantske tsjerke fan Noardburgum wie foar de fúzje fan de grifformearde en herfoarme tsjerken fan Nederlân in herfoarme tsjerke en is tsjintwurdich it tsjerklike sintrum fan de PKN-gemeente fan Noardburgum. De tsjerke hat de status fan ryksmonumint.[1]

Protestantske tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Noardburgum
adres Ryksstrjitwei 15
koördinaten 53° 13' N 6° 0' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1850-1851
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 512527
Webside
Side fan de gemeente
Kaart
Protestantske tsjerke fan Noardburgum (Fryslân)
Protestantske tsjerke fan Noardburgum

De tsjerke waard healwei de 19e iuw boud foar de earme bewenners op de Burgumerheide. De likernôch 1000 bewenners wiene tsjerklik oanwiisd op Burgum, mar sa'n 30% fan de befolking wie net doopt en fan de minsken dy't al doopt wiene seagen nea in tsjerke fan binnen. De Burgumer dûmny Nieubuur Ferf hold yn in lokaal fan it earmhûs tsjerketsjinsten en kategisaasjeles foar de jongerein, mar de sitewaasje wie fier fan optimaal. Letter waard dûmny Ferf dêrby holpen troch de lettere dûmny fan Burgerheide, Ulbo Wilhelmus Thoden van Velzen. Syn krewearjen soarge foar de bou fan in earste, herfoarme tsjerke op de heide.

Op 19 july 1850 waard de earste stien foar de nije tsjerke lein en op 19 jannewaris 1851 koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde. De pastorije waard al yn 1849 foltôge.[2]

Mei de foarming fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân waard foar de herfoarme tsjerke keazen as it tsjerklik sintrum fan de PKN. De grifformearde tsjerke oan de Sânhústerwei waard mei dat beslút ôfstjitten.[3]

It acht registers tellende sleeplade-oargel waard yn 1907 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: