Georg Schenk fan Toutenburch
Georg Schenk fan Toutenburch (Georg Schenk von Tautenburg) (Windischeschenbach, 1480 – Follenhove, 2 febrewaris 1540) wie steedhâlder fan Fryslân. Hy wie de opfolger fan Wilhelm fan Roggendorf en soe fan 1521 oant 1540 it bewâld hawwe oer Fryslân. Hy is de heit fan de Uterske aartsbiskop Freark Schenk fan Toutenburch.
Libben
bewurkje seksjeGeorg wie fan Dútske komôf en kaam út Tautenburg yn Tueringen, hy is de soan fan Wilhelm Schenk fan Tautenburch (1456-1520) en syn frou Kunigunde von Tettau. Ek inkele broers fan him hawwe yn de Nederlannen fochten. Syn broer Ernst (1488-1527) stoar by de belegering fan Hattem, in oare broer Wilhelm (1491-1531) (boaske mei Margarethe fan Ebersreuth) gie letter nei Dútslân werom.
Schenk kaam yn 1496 tegearre mei Freark fan Baden (1458-1517), de biskop fan Utert, yn Nederlân en krige yn 1502 it bestjoer oer de stêd Follenhove. Dêr hat er it kastiel Toutenburch bouwe litte. Hy wie in oanhinger fan keizer Karel V fan it Roomske ryk en waard yn 1520 mei syn famylje ta Freiherren fan Tautenburch ferheft. De keizer beneamde him yn 1521 ta syn steedhâlder fan Fryslân. Yn dy funksje moast hy it opnimme tsjin de Gelderske troepen fan Karel fan Gelre, en dy't in oantal Fryske stêden besetten.
It slagge him yn 1522 de Geldersken ûnder Kristoffel, greve fan Meurs, út Fryslân te ferdriuwen. Dêrby kaam er yn konflikt mei de Fryske frijheidstrider Jancko Douwama, dy't troch him ferslein waard en finzen setten. Schenck ferovere Dokkum en op’t lêst Sleat en De Lemmer. Hy gie troch mei de striid tsjin Karel fan Gelder bûten Fryslân, waard steedhâlder fan Oerisel, fersloech de baptisten by Kleaster Blomkamp en ferovere ek Grinslân (1536), dêr’t er ek steedhâlder fan waard. Foar de ynrjochting fan it bestjoer hat Fryslân in soad oan him te tanken. Syn grutte fertsjinste hat west foar de Fryske wetterskippen sa't bliken docht út it grut-arbitramint of arbitramint fan Schenck. Under syn bestjoer wûn de herfoarming oan krêft; nettsjinsteande de strange plakkaten.
Hy boaske op 'en nij yn 1526 mei grevinne Johanna fan Egmond, dochter fan greve Jan III fan Egmond en Magdalena fan Werdenburg. Syn soan Freark Schenk fan Toutenburch wie aartsbiskop fan Utert. Dochter Maria Schenk fan Toutenburch waard abdis fan de abdij fan Rijnsburg; syn bûtenechtlike dochter Anna Georgsdr Schenk fan Toutenburch boaske oan Worp fan Ropta, haadling en grytman fan East-Dongeradiel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Keppeling om utens: |