Schenck
Schenk (Mondschenk) is de midsiuwske titel fan de tsjinstedele dy’t de tafel fan syn hear betsjinne.
In Schenck wie lid fan de tsjinstadel en hie as (eare)funksje it betsjinjen fan syn hear. Dêrneist wie de Schenk ferantwurdlik foar it bestjoer fan in diel fan it grûngebiet (faak in buorskip of doarp) fan de hear. De titel rekke yn de lette midsiuwen yn ûnbrûk, inkele famyljes fan de Uradel heakken de earetitel dêrom ta oan harren efternamme (fgl. Schenk fan Toutenburch, Schenk von Stauffenberg).