Stifting foar Kristlik Fuortset Underwiis yn Súdwest-Fryslân

De Stifting foar Kristlik Fuortset Underwiis yn Súdwest-Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Stichting voor Christelijk Voortgezet Onderwijs in Zuidwest-Fryslân) is in stifting wêryn't de skoallen foar bysûnder fuortset ûnderwiis yn 'e Fryske Súdwesthoeke feriene binne. De namme wurdt meast ôfkoarte ta CVO Súdwest-Fryslân of CVO ZWF. Dizze yn Snits fêstige organisaasje hat 530 personeelsleden en betsjinnet 4.400 learlingen. Ta de CVO ZWF hearre:

Stifting foar Kristlik Fuortset Underwiis yn Súdwest-Fryslân
Stichting voor Christelijk Voortgezet Onderwijs in Zuidwest-Fryslân
algemiene ynformaasje
ôfkoarting CVO ZWF
hist. namme Feriening foar Kristlik Fuortset
Underwiis yn Súdwest-Fryslân
nasjonaliteit Frysk
type org. stifting
wurkmêd kristlik fuortset ûnderwiis
fêstige yn Snits (Fryslân)
oprjochte 1991
wurknimmers 530
offisjele webside
www.cvo-zwfryslan.nl

De hjoeddeiske stifting CVO ZWF ûntstie yn 1991 as de Feriening foar Kristlik Fuortset Underwiis yn Súdwest-Fryslân, út in ynformeel gearwurkingsferban tusken in stikmannich kristlike middelbere skoallen yn 'e Súdwesthoeke dat al sûnt de 1980-er jierren bestie. Omtrint 1990 waard it dúdlik dat de gearwurking yn fêstere foarmen getten wurde moast om 'e kwetsbere posysje fan lytsere skoallen te beskermjen, mei't de ûntjouwings op it mêd fan it ûnderwiisbelied almar fierder yn 'e rjochting fan skaalfergrutting giene. Sadwaande kamen de folgjende skoallen yn 1991 ûnder ien bestjoer:

Dêrby waard tusken de beide skoallen yn Boalsert foarôfgeande oan 'e foarming fan 'e skoalferiening noch in bestjoerlike fúzje trochfierd, dy't resultearre yn it Gysbert Japicx Kolleezje.

Nije regeljouwing fan oerheidswegen omtrint minimumoantallen learlingen twongen yn 1994 lykwols in folsleine skoallefúzje ôf. Dêrby giene de LTS Snits, it W.G. Baarda Kolleezje en LHNO "De Opslach" op yn it Bogerman Kolleezje. Foar de MAVO's yn Koudum en Wommels, dy't 'njonkenfêstigings' fan it Bogerman waarden, gou itselde. Tagelyk waard de Dr. J.Th. de Visserschool yn Warkum hielendal opheft. Letter kaam ek de MAVO yn Balk by it Bogerman te hearren. Yn 1995 waard yn Boalsert it Marne Kolleezje foarme, wêrby't it Gysbert Japicx Kolleezje mei de Roomsk-Katolike Skoallemienskip "Titus Brandsma" fúzjearre ta in brede, ynterkonfesjonele skoalle.

Hoewol't de CVO ZWF al sûnt 1991 in sintrale administraasje hie dêr't de finânsjes en de personeels- en salarisboekhâlding by ûnderbrocht wie, ûntstie pas yn oktober 2000, mei de oanstelling fan in bestjoersdirekteur, in sintraal buro mei in beskieden beliedsstêf. Yn novimber 2002 waard dy útwreide mei in tsjinst systeembehear. Nei in soarchfaldich tariedingsprojekt kaam op 1 augustus 2002 ek de Snitser Kristlike Skoalle foar Praktykûnderwiis "De Zuiderpoort", fan âlds in skoalle foar dreech learende bern, by de CVO ZWF te hearren.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: