De Blesgoes (Anser albifrons) is in 65-76 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De Blesgoes hat in protte fan de Skiere Goes; hy is lykwols krekt wat lytser. In oar ûnderskied is it wite plak boppe syn snaffel. Dit wite plak hat er oerien mei it Goudeachje dat lykwols noch wer in stik lytser is.

blesgoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser albifrons
Scopoli, 1769
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
De simmer- en wintergebieten fan 'e ûnderskate ûndersoarten mei de trekrûtes tusken dy gebieten.
Aai fan de blesgoes
Anser albifrons

De Blesgoes wurdt yn it Frysk ek wol oantsjut mei: Kol as Kolgoes.

Ferspriedingsgebiet

bewurkje seksje

De blesgoes briedt yn it noarden fan Ruslân en Noard-Amearika en yn Grienlân. It is in echte trekfûgel dy't benammen by de Noardsee, it suden fan Ruslân, en de Feriene Steaten oerwintert. Yn de moannen novimber oant en mei maart binne der in protte blesguozzen yn Fryslân, dy't grutte kloften foarmje tegearre mei de Skiere Guozzen en pauguozzen.