Lytse seachbek
De lytse seachbek is in 42 sm lytse ein út de famylje fan de einfûgels. De fûgel is besibbe oan de rinkelein. Se kinne sels meiinoar jongen krije, hoewol dy net fruchtber binne. It mantsje en wyfke fan de lytse seachbek binne goed fan inoar te ûnderskieden. It mantsje is wyt mei fine swarte streken. It wyfke is meast griis mei in brune kop en liket wol op it wyfke fan de rinkelein.
lytse seachbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() mantsje (boppe) en wyfke (ûnder) | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mergellus albellus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() wintergast trochtrekker |
Fersprieding
bewurkje seksjeDe lytse seachbek komt foar yn hiel Jeraazje yn de nuddelbosken súdlik fan de Poalsirkel. Yn de hjerst ferlit de fûgel syn briedgebiet en oerwintert meast yn West-Jeropa, by de Swarte See en de Kaspyske See. Ek yn Nederlân binne se by winterdei wol te sjen.
Iten
bewurkje seksjeDe lytse seachbek yt winterdeis foaral lytse fisken. Simmers ite se meast wetterynsekten. Mar de lytse seachbek yt dan ek wol kreeften, wjirms en wetterplanten.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe lytse seachbek is in hoalebrieder. Se briede meast yn beamholten en dêrom is harren briedgebiet ek beheind ta bosken, it leafst by in mar mei in protte fisk of by in rivier. It nêsthol kin wol ferskeidene meters boppe de grûn lizze. De fûgels begjinne heal maaie te brieden. De 6-9 aaien wurde yn sa'n 30 dagen utbred. Sa'n 24-36 oeren nei it útkommen springe de jongen út it nest nei ûnderen. Nei in wike as sân kinne de jongen harren sels rêde.
Sjoch ek
bewurkje seksje- List fan fûgels
- Commons: Lytse Seachbek – foto, fideo en harktriemmen