De readkopein (Aythya americana) is in fûgelsoarte fan it skaai jollings út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). Readkopeinen libje yn Noard-Amearika en hawwe in soad fan 'e Europeeske kareinen en de yn Noard-Amearika briedende grutte karein.

readkopein

jerk

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai jollings (Aythya)
soarte
Mareca americana
Eyton, 1838
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     stânfûgel
     trekfûgel

     wintergast

Folgroeid wurde jerken tusken de 44 en 54 sm grut, wyfkes binne wat lytser en ha in lingte fan 41,5 oant 51,5 sm. It gewicht is trochstrings 970 gram, as se oerwinterje binne se by oankomst lichter, mar as hja werom geane nei de briedgebieten wege se sa'n 1110 gram.

 
Pearke readkopeinen.

Readkopeinen ha in soad fan 'e by ús bekende kareinen. It kopke is lykwols wat rûner en de romp wat donkerder. Tusken jerken en wyfkes binne de ferskillen grut. It jerkje hat in readbrune kop, in swart boarst in sulverkleurige romp en in giel oant oranje iris. De snaffel is ljocht blaugriis; in oar ferskil mei de karein, dy't folle mear swart op 'e bek hat.

Wyfkes fan beide soarten binne brún fan kleur en dreger te ûnderskieden, alhoewol't se meastentiids ek itselde snaffelpatroan ha. De readkopein is in dûkein, mar hy grondelt mear as oare dûkeinen.

De readkopein yt fral planten en lytse wetterdierkes.

Fersprieding

bewurkje seksje

De ein libbet yn Noard-Amearika en briedt oan plassen en markes mei tichte beplanting op de prêrje yn it noardwest fan it kontinint. Readkopeinen oerwinterje op gruttere marren en gebieten oan 'e kust en delta's, dy't beskerme binne tsjin weachslach. Somtiden is de ein ek as dwaalgast yn Europa te sjen, mar wurdt hjir dan net altiten as sadanich herkend. Yn Ierlân, Ingelân en op Yslân binne tige seldsume briedgefallen bekend.[1]

Fuortplanting

bewurkje seksje
 
Wyfke mei piken.

Opfallend is it briedparasitisme by readkopeinen. Se lizze nochal ris harren aaien yn 'e nêsten fan oare einen, somtiden ek fan oare soarten einen. Hiel faak siket de readkopein foar dat doel in nêst út fan 'e grutte karein (Aythya valisineria). De measte nêsten fan dy soarte hawwe altiten wol ien aai fan 'e readkopein. In diel fan 'e readkopeinen leit de aaien yn it eigen nêst, in oar diel hat in eigen lechsel, mar lizze ek aaien yn oare nêsten en in diel briedt sels hielendal net en leit alle aaien yn oare nêsten.

De populaasje fan readkopeinen wurdt op 1.200.000 fûgels rûsd en it tal fûgels tanimt en de status is net bedrige.

Ofbylden ferskil readkopein/karein/grutte karein

bewurkje seksje
Jerk ♂ Wyfke ♀ Namme
    readkopein
    karein
    grutte karein

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rotkopfente