De hartlaubein of Hartlaubs ein (Pteronetta hartlaubii) is in einfûgel en de iennige fertsjintwurdiger fan it skaai Hartlaubeinen (Pteronetta). Yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw waarden der noch twa soarten fan it skaai ûnderskieden. It ferskil tusken de twa soarten wiene de wite gesichtsplakken, mar de fariaasjes wiene yn 'e hiele populaasje sa grut, dat der gjin oanlieding mear wie om it skaai yn soarten te ferdielen.[1]

Hartlaubein
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai Hartlaubeinen (Pteronetta)
Salvadori, 1895
soarte
Pteronetta hartlaubii
Cassin, 1860
IUCN-status: bedrige

De Hartlaubein is 56 oant 58 sm lang en weecht tusken goed 800 gram oant 1 kg en is dus likernôch like grut as de wylde ein. Yn syn ferspriedingsgebiet is de ein maklik te ûnderskieden en net te betizen mei oare einen. As de Hartlaubein fleant dan is fral de blauwe spegel op 'e wjuk opfallend.

It hiele jier troch binne jerken en wyfkes wakker allyk. Jerken hat in swarte kop en hals en op 'e kop fan foarren in wyt plak. By guon mantsjes kin dat wyt oant oer de krún fan 'e kop útwreidzje. It bealchje, de lange skouderfearren en de sturt binne mear donkerbrún. Boppe binne de wjukken ljochtblau mei oliifgriene slachpinnen. De ûnderkant fan 'e wjuk is donkerbún. De snaffel is swart mei oan 'e ein in readgriis plak en in lytse swarte punt. Yn 'e briedtiid tinet de basis fan 'e snaffel. De poaten binne donkerbrún mei somtiden in gieleftige of grieneftige toan, wylst de swimfluezen swarteftich binne.

Wyfkes lykje in soad op 'e jerken, mar hawwe minder wyt yn it gesicht en by guon is dat hielendal ôfwêzich. Byinoar binne se yn 'e regel wat lytser en it fearrekleed is wat minder krontastryk, wylst de readbrune iris wat yntinsiver is.

Juvenilen ha in soad fan 'e wyfkes, mar se ha oan it boarst en de ûnderkant fan it bealchje wol ljochte seamen oan 'e fearren. De pykjes binne boppe swarteftich en oan 'e ûnderkant giel. It kin, de hals en it gesicht geane hast nei oranje oer en se ha in eachstreek, dy't oant efter it each rint. By de earen is hieltiten in lyts swart plakje. Op 'e wjukken, op 'e rêch en oan 'e romp binne giele plakjes. De snaffel is swart, lykas ek de poatsjes, dy't boppedat skerpe klaukes ha wêrmei't se goed klimme kinne.

Fersprieding

bewurkje seksje

De Hartlaubein libbet yn tropyske reinwâlden fan West- en Sintraal-Afrika fan Sierra Leöane yn it west oant yn it súdwesten fan Sûdan. Yn súdlike rjochting komt de ein oan yn 'e Demokratyske Republyk Kongo foar. It ferspriedingsgebiet is hjoed-de-dei ferdield yn twa grutte gebieten, om 't de fûgel net mear yn Togo en Benyn foarkomt. Ek yn 'e gebieten dêr't de fûgel op it stuit foarkomt falle jimmeroan mear gatten.

De ein is in stânfûgel en libbet oan lytse rivieren en fivers yn rein- en galerywâlden. Yn it kustgebiet en in pear ynlânske regio's komt de ein ek yn mangroves en fochtige bosksavanne's foar.

De fûgel libbet yn pearkes of lytse groepen. By groepen fan mear as tritich fûgels giet it nei alle gedachten om einen dy't ferfearje. Mei oare einesoarten wurdt de Hartlaubein net waarnommen.

Oer it brieden is net in soad bekend. Neffens de beskikbere ynformaasje leit de briedtiid yn 'e reintiid. De pearkes ha nei alle gedachten it hiele jier troch in territoarium.

Yn finzenskip binne de einen net ferdraachsum nei oare einen en litte se in sterk territoariumgedrach sjen. Pearkes wurde foar langere tiid foarme. In nêst bestiet yn finzenskip trochstrings út acht kremkleurige aaien. Nei 32 dagen komme de aaien út. It jerkje helpt ek mei it grutbringen fan 'e piken en nei 56 oant 60 dagen kinne dy fleane.

De ein yn Europa

bewurkje seksje

Oant 1949 waard de Hartlaubein mar trijeris nei Europa helle. Yn 'e jierren 1950 sette it Britske Wildfowl Trust útein mei it hâlden fan 'e fûgel en tusken 1959 en 1968 waarden 60 jonge fûgels fokt. Sûnt de jierren 1960 krigen ek Berlynske dieretunen fûgels en sûnt 1977 slagge it ek yn Dútslân om de fûgel te fokken. Fanwegen harren territoariumgedrach wurde de einen yn yndividuele ferbliuwen holden en se ha ek in skûlplak nedich. Oer it generaal binne se net in soad yn dieretunen te sjen.

It is dreech om it oantal fan 'e boskein te bepalen. De Westafrikaanske populaasje sil nei alle gedachten minder as 1.000 fûgels bedrage en liket bot ôf te nimmen. Fral yn Gana is de tebekgong foars, dêr't de ein noch oant yn 'e jierren 1970 in soad sjoen waard. Yn Nigearia ferrint de tebekgong allyksa. De populaasje fan Sintraal-Afrika omfiemet noch 10.000 oant 50.000 fûgels. Yn Kameroen, de Republyk Kongo, Gabon en de Demokratyske Republyk Kongo is de ein yn 'e gebieten mei reinwâld noch talryk, mar yn Sûdan is de fûgel like seldsum as yn Gana en Nigearia.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hartlaubente

  1. [Johnson, Kevin P.; Sorenson, Michael D. (1999). Phylogeny and biogeography of dabbling ducks (genus Anas): a comparison of molecular and morphological evidence (PDF), 1999.]